Thús
Bestjoer
Ynformaasje
Skiednis K.F.
Wedstrydaginda
Utslaggen
Fotos
Stipers
Eamelpraat
Archyf 2010
Archyf 2011
2012
Keatskanon
Hulpskema 2012

Thús

Pieter de Jong en Daphne Lijklema winne yn Reahûs

i.jpg

UPDATE: Freed 18 maaie wie der federaasjekeatsen foar bêrn yn Reahus. Der waard keatst yn treie klassen. It wie in prachtige keatsdei. Der wienen ferskate keatsers út Reahûs en Turns dy't in pryske pakten. Pieter en Daphne wûnen in krâns. Benyd hokker keatsers noch mear yn de prizen foelen? Sjoch HJIR en HJIR mar gau yn it fotoalbum. De nammen fan de priiswinners stean der by! De prachtige foto's binne makke troch Marten Lijklema en Sietske Merkus. Marten hat ek in protte foto's makke dy't net op dizze site stean. Dy plaatsjes kinne jimme HJIR besjen.

Koart keatsnijs                                                                                        pleatst 18 maaie 2012

#  De ôfdielingspartoeren fan Reahus-Turns slaggen der juster net yn om de earste omloop troch te kommen. De manlju ferlearen yn Tsjummearum mei 5-4 en 6-0 fan Wjelsryp. De froulju kamen yn Dronryp tekoart tsjin Frentsjer mei 5-3 en 6-2. De manlju meie tiisdei 22 maaie wer nei Tsjummearum foar de twadde ronde fan de Friesland Bank Cup.

# Sneon 2 juny is it yn Easterein te rêden. Der is in grutte federaasjeparty foar alle kategoriën en der is haadklasse keatsen foar manlju en froulju.

# Der wienen ôfrûne waansdei net in protte keatsers by it kompetysjekeatsen yn Turns. De 11 keaters dy't der wienen feroaren lykwols al de kompetysjestân. Sjoch HJIR foar in update.

UPDATE: Prachtige keatsdei yn Turns

bern_2.jpgbern_3.jpg

It wie snein 13 maaie prachtig waar om te keatsen. Dat kaam moai út, om't de Timmerbedrijf Ruurd Veldhuis Partij op it programma stie. Op it Sportfjild yn Turns waard bytiden tige spannend keatst. Meinammen by de senioaren B-klasse wie it in moaie keatserij. It winnende partoer - besteande út it twatal Frans Poelsma en Susan Altenburg - wûn twa fan de trije partijen mei 5-5 6-6. Yn de finale wienen sy op dy stân te sterk foar Sietske Merkus, Atty Rienstra en Wietske Metzlar. Yn de A-klasse gienen de krânsen nei Freerk T.v.S. en Jurian Rijpma. De twadde priis wie ek foar in twatal: Bouke Poelsma en Sybrand van der Weij. By de bêrn wûnen Jeffrey van der Werf en Hieke Bootsma de krâns yn de B-klasse. Yn de A-klasse gienen de krânsen nei Jorrit Hofstra en Lydia de Jong. De foto's mei byskriften steane HJIR al klear.

Foto's Rabobank Partij
Mei tank oan Popke Altenburg binne de keatsfoto's fan ôfrûne snein dochs wer boppe wetter kaam!

Klik HJIR foar alle foto's mei byskriften

1.jpg2.jpgh.jpg


Dit binne de earste en twadde priiswinners fan de A-klasse

1_a_klasse.jpg2_a_klasse.jpg

Krânsen foar Freerk, Sybren en Herman & Sjoerd, Susan en Klaas
pleatst 7 maaie 2012

De Rabobank partij yn Reahûs is wûn troch Freerk T.v.S., Sybren Poelsma en Herman T.v.S. Yn de B-klasse wienen Sjoerd de Boer (ús nije lid út Boazum), Susan Altenburg en Klaas Brandsma de bêsten. Freerk, Sybren en Herman wienen oppermachtig yn de A-klasse.  Yn trije partijen hoegden sy mar 6 buordsjes ôf te stean. De twadde priis wie foar Meindert Bonnema, Titus Andringa en Christiaan Visser. Der stienen fjouwer partoer op de list. Yn de B-klasse wienen dat fiif partoer. Sy keatsten allegear twa kear. De twa partoeren mei de measte earsten keatsten dernei noch in finale. It partoer fan Frans Poelsma, Marieke T.v.S. en Atty Rienstra moast it der yn opnimme tsjin Sjoerd de Boer, Susan Altenburg en Klaas Brandsma. Dizze partoeren hienen yn de twadde partij ek al tsjin elkoar keatst. Doe wûnen Frans, Marieke en Atty it noch krekt. Yn de finale wie it  lykwols oarsom.

Dennis en Jeffrey & en Arjen en Brecht winne it jeugdkeatsen
pleatst 7 maaie 2012

De Rabobank partij wie der fansels ek foar de jeugd. De bêrn keatsten yn twa klassen. By de âldere bêrn wie de earste priis foar Dennis de Jong en Jeffrey van der Werf. De twadde priis wie foar Marieke Schaap en Lydia de Jong. Yn de B-klasse wienen de krânsen foar Arjen Schaap en Brecht Tamminga. Sy wûnen it fan Ytsen Tamminga, Froukje Altenburg en Hieke Bootsma.

Súkses foar Joop, Age en Renske
pleatst 7 maaie 2012

Joop Bootsma en Age van der Goot wienen ôfrûne sneon súksesfol yn Berltsum by de manlju 50+. Sy pakten beide de krâns. Age die dat yn de A-klasse mei Ieme de Haan en Johannes Siegersma. Joop wûn it yn de B-klasse mei Evert Heeg en Hans Hilarides. Renske pakte yn Kimswerd de twadde priis mei har maten Feikje Bouwhuis en Lisette Wagenaar (dy't Jouke Kuperus ferfong).

age.jpg joop.jpg


Koart keatsnijs                                                                                        pleatst 3 maaie 2012

#  De manlju fan Reahûs-Turns moatte op tiisdei 22 maaie nei Tsjummearum foar de twadde ronde fan de Friesland Bank Cup. Tsjinstander is it pleatselike partoer fan Tsjummearum 2. Ek Skearnegoutum - mei 'ús' Wiebe - moat nei Tsjummearum. Sy krije in drege dobber oan Wytmarsum 1. Sjoch HJIR foar de folsleine lotting.

# Der stiet in foutsje yn de wedstrijdaginda fan de senioaren. Sneon 12 maaie is der keatsen yn Boazum en net yn Goenga. In wike letter - op 19 maaie - is der wol keatsen yn Goenga en dus net yn Boazum.

# It wie juster moai waar om efkes te kompetysjekeatsen. It wie dan ek gesellich drok op it keatsfjild yn Turns. Sjoch HJIR wa't der allegear op it fjild stienen.

Jurian 'Koller' Rijpma makket rentree nei slimme blessure pleatst 26 april 2012
Jurian.jpg
Jurian Rijpma (hjir op archyffoto mei soan Fenno) moast it hiele keatsjier 2011 oan him foarby gean litte troch in slimme blessure dy't hy oprûn by it foljebaljen. Juster makke hy by it kompetysjekeatsen yn Reahûs syn rentree op it keatsfjild. Dizze 'comeback' wie fuort suksesfol: it kompetysjepotsje waard wûn en ek de earste boppeslach is alwer notearre. Ek ferbaal liet 'Koller' him alwer flink jilde, sa ûnderfûnen tsjinstanners Freerk en Meindert. No op nei de earste krâns fan 2012, Jurian!
 

Fjildtrening foar de bêrn wer úteinset  pleatst 26 april 2012
ankeiler.jpg

Ek de bêrn stienen ôfrûne tiisdei wer foar it earst op it fjild. Sy treenden ûnder lieding fan Joop Bootsma en Wietske Metzlar. Fansels moast it wer efkes wenne om mei it lytse baltsje om te gean. Ferskate foto's fan dit barren binne HJIR te sjen.


Koart keatsnijs                                                                                        pleatst 24 april 2012

#  De bêrn trene hjoed foar it earst wer op it fjild. Treners binne Joop Bootsma en Wietske Metzar. Der wurde foto's makke. Dy binne letter op dizze site werom te sjen.

# Keatsers - sawol manlju as froulju - dy't pelote wolle, kinne harren oanmelde by Frans Poelsma. Hy sil sjen as der genôch animo foar is. Frans is te berikken fia dit e-mailadres: fenapoelsma@ziggo.nl.

# It kompetysjekeatsen foar de senioaren is waansdei 25 april yn Reahûs. De bêrn begjinne takom wike mei it kompetysjekeatsen yn Turns.

Keatsferiening hellet €1.001 op mei Poiesz-aksje!         pleatst  20 april 2012
 050.jpg

Iris, Ineke, Froukje, Marieke, Sigrid en Anna-Boukje gingen 13 april naar het Poiesz feest in Leeuwarden. Het was heel spannend.Toen we er waren gingen we een hele grote zaal binnen. Rachel ging toen optreden. Die heeft het junior songfestival gewonnen. Keet van Telekids 2 zong ook enkele liedjes. En Glennis Grace had ook een super optreden.We kwamen er met niets en gingen met een cheque van 1.001,- terug naar huis.

 

Friesland Bank Cup: manlju Reahûs-Turns gean troch, froalju ferlieze!
ankeiler_.jpg
Renske, Sietske en Annemieke ha it net winne kint fan Bolsert. Ôfrûne waansdei lútsen sy mei 5-5 en 2-6 krekt oan it koartste ein. De manlju fan Reahûs-Turns gienen al troch nei de twadde ronde fan de earste edysje fan de Friesland Bank Cup. Sjors, Meindert en Simke fersloegen Berltsum 2 mei 5-3 en 6-2. Yn de oare wedstriid wûn it Skearnegoutum fan Wiebe T.v.S. fan Bolsert 2. Sjoch HJIR foar de foto's.
 

Koart keatsnijs                                                                                        pleatst 17 april 2012

#  De boekjes binne besoarge. Tot ús grutte spyt is it hulpskema foar de bêrn en harren âlders net hielendal dúdlik lêsber. Derom stiet HJIR it folsleine hulpskema nochris.

# Waansdei 18 april wurdt der foar it earst wer yn wedstrydferbân keatst yn Reahûs. De ôfdielingspartoeren komme dan yn akjse foar de Friesland Bank Cup. Letter dizze wike de útslaggen en foto's derfan! Yn Turns is der gewoan trening en kompetysjekeatsen foar de oare senioaren.

# Uitgeverij Penn Communicatie hat in boek útbrocht oer Fryske sporten, werûnder it keatsen. Yn it boek stiet ek in ynterview mei ús eigen haadklasser Renske Terwisscha van Scheltinga. Sy fertelt ûnder mear oer har leafde foar it keatsen. It boek is HJIR te bestellen.

Winners Jan Bakker Bokaal Atty en Ruerd op foarside fan keatsboekje 2012!

Atty_en_Ruurd.JPG

Koart keatsnijs                                                                                        pleatst 8 april 2012

#  De tariedings op it nije seizoen binne yn folle gang. It keatsboekje fâlt - as alles goed giet - takom wike by alle leden yn de bus. Yn it boekje stean fansels ek de wedstrydaginda's. Dy steane no ek op de site. Besjoch se HJIR.

# De KNKB is dit jier mei in nije ôfdielingskompetysje úteinset: De FrieslandBank Cup. De earste ronde fan dizze kompetysje is op waansdei 18 april. Reahus-Turns is ien fan de sân ferienings dy't dizze jûn de perken klear lizzen hawwe moat. Der komme fansels ek twa partoeren fan ús feriening yn aksje. Freerk T.v.S., Simke Altenburg en Sjors Altenburg moatte it opnimme tsjin Berltsum 2. Renske T.v.S., Sietske Merkus en Annemieke Poelsma ha in drege dobber. Sy moatte tsjin it sterke Bolsert. De folsleine lotting stiet HJIR. Mear ynfo oer de FrieslandBank Cup fine jo HJIR.

# Foar al it keatsnijs fan ôfrûne jier kinne jo sjen yn it archyf 2011. In gearfetting fan it keatsjier fan de senioaren is fansel it jierferslach. Dat is HJIR te lêzen.

Keatsskoalle De Greidhoeke is dit jier fan start gien
greidhoeke.JPG
Jappie Wijnia en Wichard Deinum binne dit jier fan start gien mei Keatskoalle De Greidhoeke. Beide mannen út Wommels wienen te gast op de ledengearkomste fan ús keatsferiening. Yn De Tap fertelde it twatal wêrom sy dizze Keatsskoalle oprjochte hawwe en wat sy der mei hoopje te berikken. Yn it keatsboekje - dat binnenkoart by alle leden yn de bus fâlt - is in wiidweidich ferhaal te lêzen oer Keatsskoalle De Greidhoeke.

 

It Reahúster bestjoer is al drok dwaande mei de tariedings op it nije keatsseizoen!

klusteam_reahus.jpg

It keatsjier 2012 stiet wer foar de doar! De kommende moannen fine jimme op dizze site wer al it keatsnijs fan KF Reahus-Turns.
De foto's en berjochten fan 2011 stean yn it
archyf.

De ledengearkomste is tiisdei 27 maart yn De Tap yn Reahus. De gearkomste begjint om 20.00 oere!

Sjoch hjir foar de útnoeging fan dizze gearkomste!
De mannen dy't Keatsskoalle De Greidhoeke oprjochte hawwe - Jappie Wijnia en Wichard Deinum - komme lâns om te fertellen oer harren projekt.

Wy rekkenje op jimme komst!

 

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING