Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Archyf 2012

Hieke Bootsma wint Jan Bakker Bokaal by de bêrn
Arjen Schaap wint kompetysje


Foto_jeugd_1.JPGFoto_jeugd_2.JPG
Ôfrûne tongersdei hawwe we de slotjûn hân foar de jeugd. We hawwe de wikselprizen útrikt, de fêste begelieders by it kompetysje keatsen bedankt (Bote, Tom, Sietske en Joost), der wie in foksejacht en der is patat mei frikadellen iten troch de bêrn! We hawwe it moai troffen mei it waar!We hawwe in prachtig seizoen 2012 hân! Eltsenien dy't ús holpen hat by de partijen, it komptysjekeatsen, it diplomakeatsen en de trainingen: BEDANKT! Mar ek de bêrn sels en de âlders: BEDANKT! Sûnder jim kinne we fansels hielendal net!
Groetnis fan it Jeugdbestjoer: Maurits, Siebren en Simke.

Jurian Rijpma wint Jan Bakker Bokaal

Kompetysjeprizen binne foar Freerk T.v.S. en Atty Rienstra


Jurian_Rijpma.jpgFreerk_en_Atty.jpg


En Elsbeth Brandsma wie tige bliid mei har earste krâns sûnt jieren!


elsbeth.jpg

 

Sjoch HJIR foar alle foto's mei byskriften

LET OP ---- WIZIGING ---- LET OP

Tongersdei 6 septimber is der noch kompetysjekeatsen foar bêrn. It begjin om 18.15 oere.
Tongersdei 13 septimber is de slotjûn. It begjin om 17.00 oere.
It Jeugdbestjoer.
Sjoch ek HJIR

Oane Galama wint de krâns yn Drylst!


Oane_Galama.jpg
Oane Galama: Nederlânsk kampioen fierljeppen!
DIT is syn ferhaal

Woansdei 29 augustus kompetysjekeatse yn Reahus!
Freed 31 augustus is der nachtkeatsen yn Boazum!
Snein 2 september is der keatsen foar manlju C en froulju yn Itens!

Sietse Kuipers, Catrinus Kooistra en Frans Poelsma winne 31e Joostema Partij
Hester van der Meer en Afke van der Berg winne by de froulju


Joostema_mannen.jpgJoostema_vrouwen.jpg


 


Koart keatsnijs pleatst 24 augustus 2012

# Sneon 25 augustus is it wer safier: de Joostema Partij yn Turns wurdt ferkeatst. It begjint om 10.00 oere. Ek net-keatsers binne fan herte wolkom om efkes op it smûke fjild fan Turns te sjen. In unieke kâns om Tjitte Altenburg wer ris yn aksje te sjen! Fanôf in oer as 16.00 binne der ek broadsjes beenham en hamburger!

# Judy Bergsma die ôfrûne waansdei alwer foar de achtste kear mei oan de Frouljus PC yn Weidum. Mei har maten Marije van der Meer en Tineke Dijkstra slagge se der net yn om op de twadde list te kommen. Yn in spannende partij ferlearen Judy en dy mei 5-5 en 6-2 van Nelie Steenstra, Martine Tiemersma en Margriet Bakker.


Jonges pupillen keatsten snein yn it tropyske Turns
Krâsen foar Menno en Gerben en Lucas en Gjalt Sjirk


hompage_a.jpghomepage_b.jpg

De jonges pupillen keatsten snein 19 augustus op it tige waarme keatsfjild yn Turns. De 16 partoeren yn de B-klasse (partoer 17 foel fuort trochdat der twa jonges harren ôfmelden hienen) setten om 10 oere útein. De 8 partoeren yn de A-klasse begongen in oere letter. It waard in lange, waarme keatsdei. De amers wetter lâns it fjild, de rakketten út de friezer en de Frjentsjerterfeart soargen gelokkich foar de nedige ferkoalling Yn de A-klasse gie de oerwinning úteinlik nei Menno Galama (Tjerkwerd) en Gerben de Boer (Gaast). Sy wûnen it yn de finale fan Siard Bloemsma (Frjentsjer) en Paul Dijkstra (Bitgummole). De tredde priis wie foar Gabe-Jan van Popta út Lollumen Ruben Brouwer út Berltsum.
Yn de B-klasse wûnen Lucas Postma (Dronrijp) en Gjalt Sjirk de Groot (Mantgum) yn in spannende finale mei 5-5 en 6-0 fan Jan Sijtsma út Wommels en Thomas Werkhoven út Frjentsjer. De tredde prizen wienen foar Werner Veenstra fan Grou en en Jesper Faber fan Seisbierum en Tijs Dijkstra út Ingelum en Wessel van der Woud út Goutum. By de ôffallers gie de earste priis nei Bauke Andries fan Wommels en Riemer Jensma fan Minnertgea. Sy wûnen yn de iensidige finale fan Hessel de Groot en Redmer Zaagemans.
Oan alle frijwilligers: tige tank foar jimme ynset!
Sjoch HJIR foar mear foto's.

Doch ek mei oan de Joostema Partij!


Joostema_partij_.jpg


Klean kwyt? Miskien ha jo wol wat lizze litten yn it keatshokje yn Reahûs!
 
z.JPG



Pearkekeatsen wûn troch Bouke & Sietske, Taco & Esther en Kerst & Petra

krans_a.jpgkrans_b.jpgkrans_c.jpg


                              Klik HJIR foar alle oare foto's

Súksessen foar Nellie Rijpma en Judy Bergsma op it heechste nivo!

 

Nellie_Rijpma.jpgJudy Bergsma_1.jpg
As webmaster fan dizze site, probearje jo al it keatsnijs fan ús feriening sa goed as mooglik yn de gaten te hâlden. It wol lykwols wolris sa wêze dat jo wat ferjitte. Dan is it goed dat jo der noch efkes op wezen wurde. Nellie Rijpma wûn foariche moanne twa prizen op haadklassenivo. Tegearre mei de susters Nynke en Wiljo Sybrandy wûn Nellie yn Wommels in ôfdielingswedstryd troch yn de finale it sterke Berltsum te ferslaan. In wike letter op it NK pakte it Boazumer trijetal in knappe tredde priis. Ek Judy Bergsma is wer folop oan it keatsen. Net sûnder súkses. Ôfrûne freed pakte sy in knappe twadde priis op de haadklasse útnoegingspartij yn Menaam, tegearre mei har maten Sanne Velsma en Fenna Zeinstra. In dei letter wie it foar Judy hielendal raak. No pakte sy in earste priis op de earsteklaskeatserij yn Boazum mei har maten Hermina Sytema en Margriet Bakker. Goed besich froulju!

Winst op de hûnderste Freule leit alwer tsien jier efter ús!

 

Freule_2002.jpg
Tsien jier ferlyn (7 en 8 augustus 2002) keatsten Tjitte, Sytze en Bouke de party fan harren libben op de Freule yn Wommels. Hijum/Feinsum, Sint Jabik, Sint Anne, Frentsjer, Ried en Aldebiltsyl moasten belies jaan tsjin it trijetal út Reahûs-Turns. Yn in meisleepjende finale waard mei alles oan ‘e hang wûn fan Aldebiltsyl. Begelieder Frans Poelsma mocht de Freule-villa omheech hâlde. Nei ôfrin fan de priisútrikking rekke it partoer hielendal yn hegere sfearen doe’t sy der mei in loftballon fantroch gienen. Nei in rûnrit yn in hynstekarre waard letter yn it Turnser doarpshûs Ús Boppeslach noch in bjusterbaarlik feest fiert. Gelokkich binne der hjir en der noch wat FOTO'S en in FERSLACH te finen. Ek DIT stikje fan it Friesch Dagblad is alderaardichst.

Sietske Poelsma wint Bonnemapartij yn Nylân pleatst 6 augustus 2012
Bonnemapartij.jpg

Ôfrûne sneon waard der keatst yn Nylân, wêr't de jierlijkse Bonnemapartij op it programma stie. Der waard keatst yn twa klassen. By de manlju A en B pakte Folkert van der Werf in knappe twadde priis. De froulju keatsten mei de manlju C. Sietske Poelsma moast it mei har partoer yn de finale opnimme tsjin dy oare Sietske (Merkus). Sietske Poelsma luts oan it langste ein en pakte de priis (€50, in telegraafke en in moaie krâns). Bêst genôch!

 


'Baas' krâns foar Meindert Bonnema
Krans_Meindert.jpg

Meindert Bonnema is foarsitter fan keatsferiening Spui yn 'e Want yn Hartwerd. Hy docht hast alle partijen mei. Foariche wike keatste hy der dus ek. Meindert wûn de krans. Sa as jimme op de foto sjen kinne wienen de krânsen bepaald net om 'e nocht. Sjoch mar ris nei it ferskil mei de oare krâns. Miskien goed om te witten dat dizze ledenpartij yn Hartwerd stipe waard troch in blommensaak....

 

Striid om Jan Bakker Bokaal tige spannend!
Freerk T.v.S en Hieke Bootsma hawwe de bêste papieren!
Sjoch
HJIR foar de tuskenstân

Foto's fan it Merkekeatsen yn Reahûs no ek online
Besjoch
HJIR de foto's fan alle priiswinners
No ek mei ûnderskriften

Dit binne de winners by de senioaren
winners_c.jpgmerke_b.jpgmerke_a.jpg

 

UPDATE: Reinwetter kreit keatsers net lyts op Turnserfeest!
Dizze twa toppers wûnen de krâns!
Nijskierich nei de oare priiswinners en wat sfearfoto's?
Sjoch HJIR
No ek mei alle nammen!

homepager.jpg

Koart keatsnijs pleatst 13 july 2012

# It wie alwer ris in skoftke liden, mar hjir is dan wer ris in ôflevering fan it koarte keatsnijs fan Reahs-Turns. We begjinne dit kear mei in berjocht oer ús ljeppende keatser Oane Galama. Hy hie it sneon 7 july mar drok. Earst ljeppe en dernei ek noch mêstklimme. Beide kearen gie dat bêst. By it ljeppen waard hy twadde en by it klimmen pakte Oane krekt as foarich jier de priis! Dat is fansels bêst genôch! Goed om te hearen dat 'ús' Oane nei in protte blessureleed wer oan it ljeppen en klimmen is! Sjoch HJIR foar mear ynformaasje.

# Joop Bootsma en Joost Schaap keatse sa no en dan ek op woansdei. Dizze keatsers fan 55+ sloegen ôfrûne woansdei in baltsje op ien fan Fryslâns moaiste fjilden: Sonneborgh yn Ljouwert. Dat gie lang net raar. Joost pakte in twadde pryske en Joop gie mei de krâns om'e nekke wer nei Reahûs. Lokwinkse mannen! Op http://www.kaatsen.nl/ mear oer dizze party!

# Hieke Bootsma docht it poerbêst dit jier. Dit famke fan Rein en Welmoed keatse hartstikkene leuk! It opslaan liket har gjin inkele muoite te kostjen. Hieke bringt de ballen mei in protte gemak en gang nei it perk en ek it útslaan giet har goed ôf. Dat hat har dit jier al in grut ferskaat oan prizen opsmiten. Oan de muorre hingje alwer 5 krânsen, wêrfan der fjouwer fan Hieke binne en ien fan heit Rein. Foariche wike wie it ek raak foar Hieke, doe't sy de priis pakte yn Ysbrechtum. Ek Doede en Arjen wienen súksefol op dizze federaasjeparty. Sjoch HJIR foar de foto's.

 

UPDATE: Rein en Adrie winne Bootsma Partij!
home 1_1.jpghome_2.jpg
Op snein 8 july koe dan dochs de Bootsma Partij ferkeatst wurde! It waar wie lykas snein 27 juny net om oer nei hús te skriuwen. Dat dogge wy dan ek mar net! De keatsers trotsearden it minne waar en toanden oan dat sy net fan sûker binne! By de senioaren stienen 12 partoer op de list. De A-klassers keatsten yn in poule fan 4 partoer. De B-klassers keatsten yn in listje fan 8 partoer. Yn de A-klasse gie de oerwinning nei Sybren Poelsma, Rein Bootsma en Epke Bootsma. Meindert Bonnema, Jurian Rijpma en Jildert van der Werf waarden twadde. By de B's wienen de krânsen foar Adrie Bootsma, Ruerd Bakker en Marieke Schaap. Sy wûnen de spannende finale fan Annemieke Poelsma, Joost Schaap en Petra Schaap. Frans Poelsma en Dennis de Jong wûnen de ferliezersfinale fan Sietske Merkus, Roland Altenburg en Joop Huitema. Letter ek mear ynfo oer it keatsen fan de bêrn! Sjoch HJIR foar mear foto's en byskriften! UPDATE: Mear foto's fan de bêrn en de útslaggen stean der no ek by.

 

Ek sa benyd nei de tuskenstân fan it komptysjekeatsen?
Sjoch dan HJIR!
Dizze bêrn wûnen in priis op de Altenburg Partij!
Der stean no ek ÛNDERSKRIFTEN by de foto's!

home.jpg

De keatsjeugd fan ús feriening kaam snein 1 july yn aksje op de lytse pôle yn Reahûs. De jeugd keatste yn twa klassen. Yn de B-klasse stienen 10 twatallen op de list. Hieke Bootsma en Doede de Jager stutsen der boppe út. Neef en nicht wûnen de krâns! Yn de finale fersloegen sy Gerben Gerbrandy en Wietske de Jager. De tredde priis wie foar Pieter de Jong en Brecht Tamminga. Yn de ferliezersronde wie de earste priis foar Arjen Schaap en Sigrid van der Werf. Yn de finale wûnen sy fan Trudie Hoekstra en Anne Bootsma. Yn de A-klasse wienen de krânsen foar Dennis de Jong en Marrit Hylkema. De twadde priis wie foar Marieke Schaap, Lydia de Jong en Jeffrey van der Werf. Benyd nei de folsleine listen en útslaggen? Sjoch dan HJIR en HJIR.
Kening Klaas!
DE BRAND: gjin brandhout, mar wol brandmeester!

 

klaas.jpg
Klaas Brandsma waard snein 1 july útroppen ta kening fan de jierlijkse Altenburg Partij yn Reahús. Mei syn maten Annemieke Poelsma en Pieter Jellema wûn hy de krâns yn de B-klasse! Yn de finale wie it partoer fan Kening Klaas te sterk foar Jehannes Gerbrandy, Marijke de Jong en Atty Rienstra! Kening Klaas: gjin brandhout, mar wol brandmeester!
Yn de A-klasse gie de oerwinning nei Folkert van der Werf, Herman T.v.S. en Bouke Poelsma (k). Yn de finale wûnen sy it fan Freerk T.v.S., Jurian Rijpma en Tjalling Zijlstra.
Foar foto's kinne jimme
HJIR sjen!

Krânsen foar Freerk, Sybren en Meindert en Age yn Skearnegoutum!

krans.jpgAge.jpg
Sneon 30 juny wie der ôfdielingskeatsen foar de federaasje yn Skearnegoutum. De opjefte foel wat tsjin, mar de krânsen wienen der net minder moai om. Boppedat: Wa't der net is, kinne jo ek net ferslaan! Freerk, Sybren en Meindert wûnen it foar Reahus-Turns yn de A-klasse. Yn de C-klasse gie de winst nei Goëngea, wêr't ek ús lid en trener Age foar keatst! Fan herte lokwinske mannen!

It waar wie snein te min om te keatsen!
Dan mar in bierke ûnder de partytent...
24062012458.jpg
De Bootsma partij – voor jou en voor mij – is snein spitigernôch net trochgien. It wetter kaam mei bakken út de himel. It hat de hiele moarn reint yn Turns en ek middeis foelen der noch in pear beste buien. Gjin keatswaar dus! Wy sille sjen oft wy de kommende wiken noch in geskikte datum fine kinne om dizze partij te ferkeatsen.
Krâns foar Hieke Bootsma yn Folsgeare!

keatsen_folsgeare.jpg
Hieke Bootsma wûn ôfrûne freed de krâns yn Folsgeare, wêr’t in federaasjeparty wie foar de jeugd. Dat wie best genôch fansels! It wie drok op it Folsgearster keatsfjild. Der dienen mear as 100 bern mei! Der stienen ek in stik as wat jeugdleden fan ús feriening op de list. Dat sjogge wy fansels graach! Dizze foto is makke troch Petra Schaap, werfoar tank! Mear foto’s en ynfo kinne jimme fine op de site fan KF Yn ‘e Lijte yn Folsgeare.
Benyd nei de kompetysjetuskenstannen fan de senioaren en de bêrn?
Klik HJIR foar alle stannen!
Moaie krâns foar Joost Schaap yn Goutum by de 55-plussers!
Sjoch
HJIR foar mear ynfo!
joost.jpg
Dit binne de winners fan de Devo-partij!
website.jpg
De keatsers troffen it snein 10 juny. It wie prachtig waar! Foar it keatsbestjoer yn Reahûs wie dit fansels ek in moaie opstekker, nei it minne waar fan de sneons. De Devo-partij stie dizze snein op it programma. Dat is in federaasjewedstriid foar manlju A en B en froulju. Yn totaal stienen der 20 partoeren op de list (6 A, 7 B en 7 froulju). Der waard keatst yn poules. By de froulju keatsten Afke en Esther Hoitenga en Susan Altenburg yn de finale tsjen Marieke T.v.S, Lipkje Rijpma en Cilia Witteveen. It partoer fan Susan wûn mei 5-2 en 6-2. By de manlju B gie de finale tusken Oane Galama, Berry de Jong en Jehannes út Hantum. Sy moasten it yn de finale opnimme tsjin it Boazumer partoer fan Klaas Siderius, Wiebe Hoitenga en Foppe Boonstra. It partoer fan Oane wûn mei 5-2 en 6-6. De finale yn de A-klasse waard wûn troch Sybrand van der Wey, Freerk T.v.S. en Marten Faber. Sy fersloegen Sytze T.v.S., Bouke Poelsma en Meindert Bonnema mei 5-3 en 6-6. Sjoch HJIR foar alle foto's, wêr't foar de feroaring ek wer ris byskriften ûnder stean!

 

Sietske Merkus wint yn eigen doarp!


website_.jpg
De earsteklas froulju keatsten sneon 9 juny yn Reahûs. It waar wie min, mar gelokkich waard it geandewei de dei droeg. Mei Sietske Merkus, Sietske Poelsma en Judy Bergsma dienen der trije pleatselike favorieten mei. Ek al wenje Sietske Poelsma en Judy Bergsma net mear yn Reahûs, se binne fansels noch altyd fan 'ús'. It wie fansels ek moai dat sy ek noch alle trije yn de prizen foelen! Mei Nelie Steenstra (Bitgummole) en Harmke Siegersma (Berltsum) wûn Sietske Merkus de krans. Yn de finale fersloegen sy it partoer fan Joukje Salverda (Frentsjer), Ingrid van der Veen (Hurdegaryp) en Geke de Boer (Wergea) mei 5-2 en 6-0. It partoer fan Joukje Salverda kaam noch op in 2-1 foarsprong, mar koe net foarkomme dat de sterkere Nelie, Sietske en Harmke der mei de oerwinning fan troch gienen. In moaie oerwinning fansels foar de pleatselike favoriet Sietske Merkus. De tredde priis wie foar Romy van der Veen (Sint Jabik), Janneke Terpstra (Wolsum) en Tineke Dijkstra (Easterein). Sy ferlearen mei 5-4 en 6-0 fan de lettere winners.
Yn de ferliezersronde gie de earste priis nei Hermine Sytema (Deinum), Sietske Poelsma (Easterein) en Idske Zijlstra (Drylst). Dit partoer wûn mei 5-1 en 6-2 fan Boukje Houtsma (Grins), Judy Bergsma (Wommels) en Mirjam Beeksma (Deinum). Sjoch HJIR foar mear foto's.



Koart keatsnijs pleatst 6 juny 2012

# Ôfrûne sneon wie der in protte sukses foar de keatsers fan Reahûs-Turns op de federaasjedei yn Easterein. By de froulju wûnen Cilia Witteveen, Sietske Poelsma en Sietske Merkus de krâns yn de A-klasse. By de manlju dienen Sytze T.v.S., Sybren Poelsma en Bouke Poelsma itselde. Ek ús jeugdkeatsers dienen it goed, sa ha wy fernommen. Hopelik komme HJIR alle útslaggen en foto's noch te stean.

# Sneon is der in KNKB-partij foar froulju yn Reahûs. Der dogge 29 keatsters mei, werûnder Sietske Poelsma, Sietske Merkus en Judy Bergsma. Sjoch HJIR wa't der meidogge en hoe at der lotte wurdt/is. Judy keatst freed ek al yn Stiens. Se is útnoege foar de haadklassepartij, dy't der dan ferkeatst wurdt. Moai dat wy Judy ek wer op it heechste nivo keatsen sjen kinne!

# Snein is de jierlikse DEVO-partij yn Reahûs. Dat hâldt yn dat der keatst wurdt troch manlju A en B en troch de froulju. Hopelik binne der noch wat keatsers dy't harren opjaan.

 

Dit binne de priiswinners fan de Ouder/Kind Partij!


IMAG0336.jpg
Der stienen snein mar leafst 25 partoerkes op 'e list fan de Ouder Kind Partij yn Turns. Moai om te sjen dat de bern harren alders, pakes, beppes en oare famyljeleden op sleeptouw nimme nei it keatsfjild, geweldich! Yn de A-klasse stienen 10 partoer op 'e list. Jorrit en syn broer Rimmer waarden twadde yn de ferliezersronde. Sy ferlearen it yn de finale fan Ruerd en Titus Andringa. Yn de winnersronde wie de tredde priis foar Arjen en Petra Schaap. Yn de finale lútsen Marieke en Joost Schaap oan it koartste ein. De krânsen wienen foar Bote en Rein Altenburg! Yn de B-klasse wienen der leafst 15 partoer. Haye en Johan Hylkema pakten in twadde priiske yn de ferliezersronde. Sy ferlearen it yn de finale fan Anne en Wietske Bootsma. Tredde prizen yn de winnersronde wienen der foar Anna-Boukje en Gerbrich Altenburg en Wietske en Suuske de Jager. De finale waard wûn troch Doede en Klaas de Jager. Sy fersloegen Gerben en Jehannes Gerbrandy. Alle priiswinners fan herte lokwinske!

Koart keatsnijs pleatst 29 maaie 2012

# De ôfdielingspartoeren fan Reahus-Turns slaggen der dit Pinksterwykein net yn om de twadde omloop te heljen op de NK's foar junioaren en senioaren. Sneon gienen Sybren, Wytze en Berry mei 5-0 en 6-0 de boat yn tsjin de lettere winner St. Anne. Moandei dienen Sjors, Simke en Meindert ûnder foar it Holwerd fan Gert-Anne van der Bos: 5-1 en 6-6

# Ús haadklassekeatster Renske T.v.S. is blessearre rakke by it fierljeppen. Dêrtroch stiet sy foarearst oan 'e kant. Sneon keatst sy dêrom ek net yn Easterein. Wy winskje Renske in snel herstel ta. Sterkte!

# Der waard ôfrûne wykein ek keatst yn Goaiïngea en Easterein. Marieke Schaap út Turns pakte ôfrûne freed yn Goaiïngea in tredde pryske by it federaasjekeatsen foar bêrn. Sjoch HJIR foar alle útslaggen. Sybrand van der Wey en Sietske Merkus wûnen it pearkekeatsen yn Easterein. HJIR stiet in foto fan dit pearke en in ferslach folget noch.

 

'Winne op Reahûs is it moaiste dat der is'
UPDATE: Klik HJIR foar alle foto's


ankeiler_.jpg
Jappie Wagenaar, Fetze Jan Kooistra en Sape Nauta winne op Reahûs. Yn de B-klasse gienen de krânsen nei Eddy Sjollema, Willem Jousma en Gerrie Otter

De fitale manlju fan fyftich jier en âlder keatsten Pinkstersnein yn Reahûs ûnder prachtige omstannichheden. It wie hearlik sinneskynwaar mei noflike temperatueren. De oanwêzigen ferkleurden lekker (brún as read). Der stienen 22 partoeren op de list. Der waard keatst yn twa klassen. Yn de A-klasse – 8 partoer – waard keatst yn twa poules. Jappie Wagenaar (Âldegea S), Fetze Jan Kooistra (Ried) en Sape Nauta (Berltsum) wûnen de priis. Yn de finale fersloegen sy it partoer fan Polly Kwast (Harns), Age van der Goot (Goaiïngea) en Evert Siderius (Ried) mei 5-3 en 6-6. De tredde priis gie nei Durk Punter (Easterlittens), Jan Tuinier (Makkum) en Henk Deelstra (Frjentsjer). Yn de B-klasse wie de finale tige spannend. Ús pleatselike favoryt Ate Altenburg koe it yn de finale krekt net oprêde. De priis waard wûn troch Eddy Sjollema (Harns), Willem Jousma (Tytsjerk) en Gerrie Otter (Goutum). Mei alles oan ‘e hang wûnen sy fan Jan Bruinsma (Hearrenfean), Ate Altenburg (Reahûs) en Lubbert Schreiber (St. Anne). Tredde prizen wienen der foar Evert Heeg (Easterlittens), Freek Ebbinge (Easterlittens) en Jan Faber (Wytmarsum) en Bertus de Jong (Ljouwert), Rink Kuipers (Sibrandabuorren) en Anton Meekma (Wier). By de ferliezers gie de earste priis nei Jurjen Dijkstra (Nijlân), Piet van der Ploeg (St. Jabik) en Wieger Boonstra (Hearrenfean). Sy wûnen it fan Sikke Koster (Dokkum), Marten van der Meulen (Ljouwert) en Henk Porte (Ljouwert) mei 5-3 en 6-4. Bestjoerslid Folkert van der Werf sei it moai: ‘Winne op Reahûs is it moaiste dat der is.'

Freerk, Susan en Jeffrey oan kop yn it klassemint om de Jan Bakker bokaal!
Sjoch
HJIR foar de tuskenstân. Ek de tuskenstan fan it kompetysjekeatsen by de senioaren is bywurke. Sjoch HJIR.



Koart keatsnijs pleatst 22 maaie 2012

# Der is lotte foar de NK's fan takom wykein. De junioaren Sybren, Wytze en Berry moatte it sneon opnimme tsjin de winners fan ferline jier St. Anne, dy't keatste mei de sterke Sjoerd de Jong. De manlju Sjors Altenburg, Simke Altenburg en Meindert Bonnema hienen it ek better treffe kint. Sy meie mandei besykje de kûgels fan Gert-Anne van der Bos út Holwerd te reitsjen.

# Ôfrûne sneon wie der federaasjekeatsten yn Goaiïngea. Ferskate leden fan ús feriening foelen der yn de prizen. Benyd hokker keatsters dat wienen? Sjoch HJIR.

# Snein is der in KNKB-partij foar 50-plussers yn Reahûs. Ate Altenburg, Joost Schaap, Frans Poelsma, Joop Bootsma en Age de Groot dogge ek mei.

 

Pieter de Jong en Daphne Lijklema winne yn Reahûs
i.jpg
UPDATE: Freed 18 maaie wie der federaasjekeatsen foar bêrn yn Reahus. Der waard keatst yn treie klassen. It wie in prachtige keatsdei. Der wienen ferskate keatsers út Reahûs en Turns dy't in pryske pakten. Pieter en Daphne wûnen in krâns. Benyd hokker keatsers noch mear yn de prizen foelen? Sjoch HJIR en HJIR mar gau yn it fotoalbum. De nammen fan de priiswinners stean der by! De prachtige foto's binne makke troch Marten Lijklema en Sietske Merkus. Marten hat ek in protte foto's makke dy't net op dizze site stean. Dy plaatsjes kinne jimme HJIR besjen.


Koart keatsnijs pleatst 18 maaie 2012

# De ôfdielingspartoeren fan Reahus-Turns slaggen der juster net yn om de earste omloop troch te kommen. De manlju ferlearen yn Tsjummearum mei 5-4 en 6-0 fan Wjelsryp. De froulju kamen yn Dronryp tekoart tsjin Frentsjer mei 5-3 en 6-2. De manlju meie tiisdei 22 maaie wer nei Tsjummearum foar de twadde ronde fan de Friesland Bank Cup.

# Sneon 2 juny is it yn Easterein te rêden. Der is in grutte federaasjeparty foar alle kategoriën en der is haadklasse keatsen foar manlju en froulju.

# Der wienen ôfrûne waansdei net in protte keatsers by it kompetysjekeatsen yn Turns. De 11 keaters dy't der wienen feroaren lykwols al de kompetysjestân. Sjoch HJIR foar in update.

 

UPDATE: Prachtige keatsdei yn Turns
bern_2.jpgbern_3.jpg
It wie snein 13 maaie prachtig waar om te keatsen. Dat kaam moai út, om't de Timmerbedrijf Ruurd Veldhuis Partij op it programma stie. Op it Sportfjild yn Turns waard bytiden tige spannend keatst. Meinammen by de senioaren B-klasse wie it in moaie keatserij. It winnende partoer - besteande út it twatal Frans Poelsma en Susan Altenburg - wûn twa fan de trije partijen mei 5-5 6-6. Yn de finale wienen sy op dy stân te sterk foar Sietske Merkus, Atty Rienstra en Wietske Metzlar. Yn de A-klasse gienen de krânsen nei Freerk T.v.S. en Jurian Rijpma. De twadde priis wie ek foar in twatal: Bouke Poelsma en Sybrand van der Weij. By de bêrn wûnen Jeffrey van der Werf en Hieke Bootsma de krâns yn de B-klasse. Yn de A-klasse gienen de krânsen nei Jorrit Hofstra en Lydia de Jong. De foto's mei byskriften steane HJIR al klear.
Foto's Rabobank Partij
Mei tank oan Popke Altenburg binne de keatsfoto's fan ôfrûne snein dochs wer boppe wetter kaam!
Klik HJIR foar alle foto's mei byskriften
1.jpg2.jpgh.jpg 

Dit binne de earste en twadde priiswinners fan de A-klasse
1_a_klasse.jpg2_a_klasse.jpg

Krânsen foar Freerk, Sybren en Herman & Sjoerd, Susan en Klaas
pleatst 7 maaie 2012

De Rabobank partij yn Reahûs is wûn troch Freerk T.v.S., Sybren Poelsma en Herman T.v.S. Yn de B-klasse wienen Sjoerd de Boer (ús nije lid út Boazum), Susan Altenburg en Klaas Brandsma de bêsten. Freerk, Sybren en Herman wienen oppermachtig yn de A-klasse. Yn trije partijen hoegden sy mar 6 buordsjes ôf te stean. De twadde priis wie foar Meindert Bonnema, Titus Andringa en Christiaan Visser. Der stienen fjouwer partoer op de list. Yn de B-klasse wienen dat fiif partoer. Sy keatsten allegear twa kear. De twa partoeren mei de measte earsten keatsten dernei noch in finale. It partoer fan Frans Poelsma, Marieke T.v.S. en Atty Rienstra moast it der yn opnimme tsjin Sjoerd de Boer, Susan Altenburg en Klaas Brandsma. Dizze partoeren hienen yn de twadde partij ek al tsjin elkoar keatst. Doe wûnen Frans, Marieke en Atty it noch krekt. Yn de finale wie it lykwols oarsom.



Dennis en Jeffrey & en Arjen en Brecht winne it jeugdkeatsen
pleatst 7 maaie 2012

De Rabobank partij wie der fansels ek foar de jeugd. De bêrn keatsten yn twa klassen. By de âldere bêrn wie de earste priis foar Dennis de Jong en Jeffrey van der Werf. De twadde priis wie foar Marieke Schaap en Lydia de Jong. Yn de B-klasse wienen de krânsen foar Arjen Schaap en Brecht Tamminga. Sy wûnen it fan Ytsen Tamminga, Froukje Altenburg en Hieke Bootsma.



Súkses foar Joop, Age en Renske
pleatst 7 maaie 2012

Joop Bootsma en Age van der Goot wienen ôfrûne sneon súksesfol yn Berltsum by de manlju 50+. Sy pakten beide de krâns. Age die dat yn de A-klasse mei Ieme de Haan en Johannes Siegersma. Joop wûn it yn de B-klasse mei Evert Heeg en Hans Hilarides. Renske pakte yn Kimswerd de twadde priis mei har maten Feikje Bouwhuis en Lisette Wagenaar (dy't Jouke Kuperus ferfong).
age.jpg joop.jpg

 


Koart keatsnijs pleatst 3 maaie 2012

# De manlju fan Reahûs-Turns moatte op tiisdei 22 maaie nei Tsjummearum foar de twadde ronde fan de Friesland Bank Cup. Tsjinstander is it pleatselike partoer fan Tsjummearum 2. Ek Skearnegoutum - mei 'ús' Wiebe - moat nei Tsjummearum. Sy krije in drege dobber oan Wytmarsum 1. Sjoch HJIR foar de folsleine lotting.

# Der stiet in foutsje yn de wedstrijdaginda fan de senioaren. Sneon 12 maaie is der keatsen yn Boazum en net yn Goenga. In wike letter - op 19 maaie - is der wol keatsen yn Goenga en dus net yn Boazum.

# It wie juster moai waar om efkes te kompetysjekeatsen. It wie dan ek gesellich drok op it keatsfjild yn Turns. Sjoch HJIR wa't der allegear op it fjild stienen.

 


Jurian 'Koller' Rijpma makket rentree nei slimme blessure pleatst 26 april 2012
Jurian.jpg

Jurian Rijpma (hjir op archyffoto mei soan Fenno) moast it hiele keatsjier 2011 oan him foarby gean litte troch in slimme blessure dy't hy oprûn by it foljebaljen. Juster makke hy by it kompetysjekeatsen yn Reahûs syn rentree op it keatsfjild. Dizze 'comeback' wie fuort suksesfol: it kompetysjepotsje waard wûn en ek de earste boppeslach is alwer notearre. Ek ferbaal liet 'Koller' him alwer flink jilde, sa ûnderfûnen tsjinstanners Freerk en Meindert. No op nei de earste krâns fan 2012, Jurian!

 


Fjildtrening foar de bêrn wer úteinset pleatst 26 april 2012
ankeiler.jpg
Ek de bêrn stienen ôfrûne tiisdei wer foar it earst op it fjild. Sy treenden ûnder lieding fan Joop Bootsma en Wietske Metzlar. Fansels moast it wer efkes wenne om mei it lytse baltsje om te gean. Ferskate foto's fan dit barren binne HJIR te sjen.



Koart keatsnijs pleatst 24 april 2012

# De bêrn trene hjoed foar it earst wer op it fjild. Treners binne Joop Bootsma en Wietske Metzar. Der wurde foto's makke. Dy binne letter op dizze site werom te sjen.

# Keatsers - sawol manlju as froulju - dy't pelote wolle, kinne harren oanmelde by Frans Poelsma. Hy sil sjen as der genôch animo foar is. Frans is te berikken fia dit e-mailadres: fenapoelsma@ziggo.nl.

# It kompetysjekeatsen foar de senioaren is waansdei 25 april yn Reahûs. De bêrn begjinne takom wike mei it kompetysjekeatsen yn Turns.



Keatsferiening hellet €1.001 op mei Poiesz-aksje! pleatst 20 april 2012
050.jpg

           
Iris, Ineke, Froukje, Marieke, Sigrid en Anna-Boukje gingen 13 april naar het Poiesz feest in Leeuwarden. Het was heel spannend.Toen we er waren gingen we een hele grote zaal binnen. Rachel ging toen optreden. Die heeft het junior songfestival gewonnen. Keet van Telekids 2 zong ook enkele liedjes. En Glennis Grace had ook een super optreden.We kwamen er met niets en gingen met een cheque van 1.001,- terug naar huis.

 


Friesland Bank Cup: manlju Reahûs-Turns gean troch, froalju ferlieze!
ankeiler_.jpg

Renske, Sietske en Annemieke ha it net winne kint fan Bolsert. Ôfrûne waansdei lútsen sy mei 5-5 en 2-6 krekt oan it koartste ein. De manlju fan Reahûs-Turns gienen al troch nei de twadde ronde fan de earste edysje fan de Friesland Bank Cup. Sjors, Meindert en Simke fersloegen Berltsum 2 mei 5-3 en 6-2. Yn de oare wedstriid wûn it Skearnegoutum fan Wiebe T.v.S. fan Bolsert 2. Sjoch HJIR foar de foto's.

 


Koart keatsnijs pleatst 17 april 2012

# De boekjes binne besoarge. Tot ús grutte spyt is it hulpskema foar de bêrn en harren âlders net hielendal dúdlik lêsber. Derom stiet HJIR it folsleine hulpskema nochris.

# Waansdei 18 april wurdt der foar it earst wer yn wedstrydferbân keatst yn Reahûs. De ôfdielingspartoeren komme dan yn akjse foar de Friesland Bank Cup. Letter dizze wike de útslaggen en foto's derfan! Yn Turns is der gewoan trening en kompetysjekeatsen foar de oare senioaren.

# Uitgeverij Penn Communicatie hat in boek útbrocht oer Fryske sporten, werûnder it keatsen. Yn it boek stiet ek in ynterview mei ús eigen haadklasser Renske Terwisscha van Scheltinga. Sy fertelt ûnder mear oer har leafde foar it keatsen. It boek is HJIR te bestellen.

 

Winners Jan Bakker Bokaal Atty en Ruerd op foarside fan keatsboekje 2012!

Atty_en_Ruurd.JPG



Koart keatsnijs pleatst 8 april 2012

# De tariedings op it nije seizoen binne yn folle gang. It keatsboekje fâlt - as alles goed giet - takom wike by alle leden yn de bus. Yn it boekje stean fansels ek de wedstrydaginda's. Dy steane no ek op de site. Besjoch se HJIR.

# De KNKB is dit jier mei in nije ôfdielingskompetysje úteinset: De FrieslandBank Cup. De earste ronde fan dizze kompetysje is op waansdei 18 april. Reahus-Turns is ien fan de sân ferienings dy't dizze jûn de perken klear lizzen hawwe moat. Der komme fansels ek twa partoeren fan ús feriening yn aksje. Freerk T.v.S., Simke Altenburg en Sjors Altenburg moatte it opnimme tsjin Berltsum 2. Renske T.v.S., Sietske Merkus en Annemieke Poelsma ha in drege dobber. Sy moatte tsjin it sterke Bolsert. De folsleine lotting stiet HJIR. Mear ynfo oer de FrieslandBank Cup fine jo HJIR.

# Foar al it keatsnijs fan ôfrûne jier kinne jo sjen yn it archyf 2011. In gearfetting fan it keatsjier fan de senioaren is fansel it jierferslach. Dat is HJIR te lêzen.

 


Keatsskoalle De Greidhoeke is dit jier fan start gien
greidhoeke.JPG

Jappie Wijnia en Wichard Deinum binne dit jier fan start gien mei Keatskoalle De Greidhoeke. Beide mannen út Wommels wienen te gast op de ledengearkomste fan ús keatsferiening. Yn De Tap fertelde it twatal wêrom sy dizze Keatsskoalle oprjochte hawwe en wat sy der mei hoopje te berikken. Yn it keatsboekje - dat binnenkoart by alle leden yn de bus fâlt - is in wiidweidich ferhaal te lêzen oer Keatsskoalle De Greidhoeke.


It Reahúster bestjoer is al drok dwaande mei de tariedings op it nije keatsseizoen!
klusteam_reahus.jpg


It keatsjier 2012 stiet wer foar de doar! De kommende moannen fine jimme op dizze site wer al it keatsnijs fan KF Reahus-Turns.
De foto's en berjochten fan 2011 stean yn it
archyf.
De ledengearkomste is tiisdei 27 maart yn De Tap yn Reahus. De gearkomste begjint om 20.00 oere!
Sjoch hjir foar de útnoeging fan dizze gearkomste!
De mannen dy't Keatsskoalle De Greidhoeke oprjochte hawwe - Jappie Wijnia en Wichard Deinum - komme lâns om te fertellen oer harren projekt.
Wy rekkenje op jimme komst!












 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING