Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Rabobankpartij

 

Earste ledewedstriid foar partoer Van der Weij c.s.
 
Ôfrune snein sette it keatsjier 2010 dan echt útein mei de earste ledewedstriid, de Rabobankpartij. Lykas op de haadklasse yn Weidum ek hjir de krânse foar Van der Weij c.s. mar yn dit gefal Sybrand mei stipe fan syn maten Renske en Herman TvS. Sy wûnen de A-klasse wêr’t de twadde priis wie foar Freerk TvS, Titus Andringa en Sietske Merkus. De earste priis by de ferliezers wie foar Wiebe TvS, Ype Bonnema en Oane Galema.
 
Yn de B-klasse wie de earste priis foar Christian Visser, Adrie Bootsma en Sietske Joustra. Wy wienen op'e hichte dat Adrie en Chistian it wol fine koene tegearre mar dat sy dat ek yn it keatsspul koene is wol in ferrassing, jo moatte de kop der mar byhâlde kinne. De twadde priis wie hjir foar Hester van der Meer, Annemieke Poelsma en Sietske Witteveen.
De Sietskes hawwe it op dizze ledewedstriid yn elts gefal poerbêst dien, trije kear yn de prizen.
 

Sa’t jimme op de foto’s sjen kinne stie it waar it net ta m de priisútrikking bûten te dwaan, te wiet en te kâld. Wy hoopje dat dat kommende snein yn Turns better is. Hoe dan ek, op de foto’s kinne jimme wol sjen dat de kantine yn Reahûs prachtich ferve is mei it logo op de muorre.

kijk voor meer fotos in het fotoalbum

 

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING