Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

NK Senioaren

Op nij in priis foar KF Reahûs-Turns op NK Senioaren yn Frjentsjer !!!
 
Der is hjoed in bêste prestaasje levere troch ús feriening op it Nederlânsk kampioenskip senioaren, foarhinne 'de bond', yn Frjentsjer. Sjors Altenburg, Bouke Poelsma en Simke Altenburg hawwe dêr de 6e priis wûn en dat mei sûnder mis in prestaasje fan formaat neamd wurde. Om in priis te heljen op it NK moat minstens trije kear wûn wurde of sa at it hjit men moat de fjirde list helje.
 
Út in list fan 70 partoer kamen Sjors, Bouke en Simke dus by de lêste en bêste 9 partoer. Op de fjirde list wie it Hearrenfean mei âld haadklasser en PC-kening Douwe Groenendijk yn de gelederen te sterk. Yn dizze partij kamen ús mannen der net mear oan te pas wat de einstân fan skjinne fiif earsten ek dúdlik makke. Dôchs wienen ek yn dizze partij wol in pear moaie boppeslaggen en opslachballen te bewûnderjen. It waard wer befêstige dat der noch wol wat talint rûn rint by ús feriening en dat Simke ek noch steeds wol mei kin.
 
Yn de earste omloop wie Ingelum de tsjinstanner en die gienen der fleanend ôf. Op de twadde list wie it Paesens Moddergat dy nei in bytsje tsjingas ek fakkundich oan de kant setten waard. Op de tredde list wie dêr it foltallige haadklasse partoer fan St Japik. Normaal sprutsen hie dêr it doek fallen mar sa at ek op omrop Fryslân sein waard wie dizze partij de ferrassing fan de dei. Brutaal wei namen Sjors, Bouke en Simke de lieding om dizze nei wat spanning op fjouwer earsten gelyk net wer út hannen te jaan. St Japik helle alles út de kast om it tij te kearen, sa waard der bygelyks de taflecht socht yn in blessuere behanneling ûnder de partij. Dermei ferspilen sy net allinnich de wedstriid mar ek it respekt by it publyk. Nei in beste boppeslach fan Simke op 5-4 en 4-6, in keats en it behâlden dêrfan, klapte it publyk massaal foar de winst fan KF Reahûs-Turns.
6e_prijs.jpg
pleatst 24 maaie 2010
 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING