Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

KNKB Skoalfamkes

KNKB Skoalfamkes T.I.L. yn Turns – snein 16 maaie 2010

Op snein 16 maaie wienen de skoalfamkes fan’e KNKB te gast op it smûke fjild yn Turns. It wie in troch-inoar-lotsjen wedstriid mei ferliezersronde. Der stienen 18 twatallen op’e list. We hienen twa fjilden lein om sadwaande de gong der goed yn te hâlden, wat ek wol nedich wie omdat der ek bylotte wurde moest. Fan ús eigen feriening dy Nieske Hoekstra mei. Helaas wie se net echt súksesfol, sjoen de twa ferliespartijen. Oer it algemien waard der goed keatst, sûnder dat der in wanklank te hearen wie. Wy hawwe de famkes wol ris fûleindiger meimakke… Mar goed, in goeie sfear ûnder inoar is ek belangryk fansels!

Yn’e winnersronde gong de heale finale tusken de partoeren fan Sjoukje Maeike Braam (Bitgummole) en Jeske de Boer (Akkrum) tsjin Pytrik Visser (Seisbierrum) en Corina de Vries (Bitgum). Pytrik Visser is it grutte talint yn dizze kategory, mar toch waard it in spannende partij, dy’t úteinliks op 5-5 en 0-6 beslist waard yn it foardiel fan dyselde Pytrik Visser en har maatsje Corina. It partoer mei Wytske v/d Wal (Âlde Leie) en Elly Hofman (Dronryp) hie in steand nûmer. Yn’e finale waard der wer spannend keatst, mar toch wie it partoer fan Pytrik en Corina it sterkst: Sy wûnen mei 5-5 en 4-6.
Yn’e finale fan’e ferliezersronde moesten Sanne Jorritsma (Easterein) en Janieke Popma (Blauhûs) tsjin Saskia Leistra (Tsjommearum) en Marrit Zeinstra (Peins). De lêste wie yn’e earste omloop bylotte foar de ûngelokkige Atjella Keulen (Jirnsum), dy’t troch in blessuere oan’e earm útfoel. It waard in iensidige striid, wat oan’e einstân fan 5-1 en 6-2 ek te sjen wie. Sanne en Janieke wienen fiersten te sterk foar Saskia en Marrit.
De folsleine utslach:
Winnersronde                                                              Ferliezersronde
1.       Pytrik Visser           Seisbierrum                            1. Sanne Jorritsma        Easterein
          Corina de Vries       Bitgum                                       Janieke Popma         Blauhûs
 
2.       Wytske vd Wal       Alde Leie                                 2. Saskia Leistra           Tsjommearum
          Elly Hofman           Dronryp                                       Marrit Zeinstra          Peins
 
3.       Sjoukje Braam        Bitgummole
         Jeske de Boer        Akkrum
Al mei al wie it in prachtige keatsdei, dy’t fansels net sûnder de noadige frijwilligers kin. Karmasters en froulju fan’e catering: BEDANKT! 
Sjoch foar de foto’s yn it fotoboek.                                                                    Pleatst op 16 maaie 2010
 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING