Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Veldhuispartij

Trio’s Rijpma en Poelsma winne Timmerbedriuw Veldhuispartij yn Turns by de senioaren.
Ûndanks de minne waarsfoarspelling wie it best aardich keatswaar hjoed al hie de temperatuer wol in pear graden heger kinnen. De dei sette útein mei it ferlizzen fan de perken yn de A-klasse, sy woene net tsjin de wyn yn útslaan en dêr hienen sy wol gelyk oan. De B-klasse en jeugd hienen dêr wat minder muoite mei en holden it fjild sa as it lein wie. Tsien partoeren op de list, 6 yn de B-klasse en 4 yn de A-klasse. Dat beteken poeltsjekeatse en snitser telling.
 
Yn de B-klasse kamen de pertoeren fan Frans Poelsma, Adrie Bootsma en Marjan de Jong en Gerrit-Evert Tacoma, Jeske Bakker en Gerbrich Altenburg tsjinoer elkoar te stean. “Wêr tinksto dat ik stean, yn de finale fansels” hie Tacoma foar de finale noch sein mar hy en syn maten lutsen úteinlik krekt oan it koartste ein. Sa wie der foar Adrie dus op nij de krânse, sy kin blykber mei alle maten wol ‎út de fuotten en hat sa in bêste seisoenstart.
 
De A-klasse waard dus yn Snitser telling ferkeatst. As winners kamen dêr út Jurian Rijpma, Freerk TvS en Oane Galema. Sy keatsten in moaie partij tsjin it pertoer fan Sjors Altenburg wêrby ek ferbaal striid levere waard. De twadde priis wie foar Wiebe TvS, Sytze TvS en Jos van der Werf. Moai dat Sytze nei syn ûngemak wer op it keatsfjild stie.
Foto1RuerdVeldhuis.jpg Foto2RuerdVeldhuis.jpg
                
Pleatst 9-maaie-2010
Mear foto’s yn it fotoboek
 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING