Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

DEVO partij

Pleatselike favoriten nimme de krânse mei nei hûs!        pleatst 7 juni 2010
 
De jierlikse DEVO wikselbeker partij fûn ôfrûne snein wer plak yn Reahûs. Op dizze federaasje partij kamen yn totaal in moaie 18 partoer ôf. De omstannichheden wienen goed, mei in lekkere temperatuer en inkel wat dripkes yn de neimiddei. It bliek waar te wêzen wêr de mannen en froulju fan ús ferieniging goed mei út de fuotten koene.
 
Sa namen by de froulju Annemieke Poelsma, Sietske Merkus en Sietske Poelsma de krânse en de grutte wikselbeker mei nei hûs. It wie foar Sietske Merkus al de tredde kear dat se yn Reahûs wûn, wat fansels in hiele knappe prestaasje is. We kinne foar folgend jier Sietske har namme alfêst wol yn de beker gravearje litte. Twadde by de froulju waarden Elisabeth Flapper, Hetsche Boonstra-De Boer en Esther Hoitenga.
 
Yn de B-klasse by de manlju gong de earste priis dik fertsjinne nei Hotze Jellema, Rommert Politiek en Bertus Bootsma. Mei degelik en goed keatsen sloegen se de jonge hûnen nei hús ta en krigen se mar in hantsje fol earsten tsjin. Yn de finale koenen dus ek Jos van der Werf, Henk Jan Eekma en Nolke Bergstra der net oan te pas komme en waard it 5-1. Earste by de ferliezers waarden de “good old” Tjeerd de Boer, Gerben Gerbrandy en Gerrit Koudenburg. De Reahûster en Turnser mannen binne der dizze dei net yn slagge harren yn de prizen te keatsen, mei namme omdat se it de twadde omloop te drok mei elkoar hienen en dêrnei útkeatst wienen.

Gerard Witteveen, Sjors Altenburg en Wiebe Terwisscha van Scheltinga wûnen bij de manlju A-klasse, wat al de twadde kear op rige wie. It wie in moaie oerwinning trochdat se der sawol yn de heale finale as yn de finale keihurd om stride moasten. Yn de finale stienen se sels 5-3 efter tsjin Sietse Kuipers, Evert Sjoerd Sijbesma en Sibe Wijbrandi, mar dôchs slagge it harren om op 5-5 6-4 it beslissende punt te pakken. Sjors mepte de lêste bal oer alles hinne. It wie mar goed dat se net noch in omloop keatse moasten, want de mannen wienen út de lieken.

foto's

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING