Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Bootsmapartij

Krânsen foar Freerk, Sybren, Sietske, Joost en Wietske op Bootsmapartij.
pleatst 14 juni 2010       Foto's komme noch!!
 
Op de tradisjonele Bootsmapartij op it smûke keatsfjild yn Turns hie it keatsbestjoer justermiddei in krâns oer. Yn de A-klasse wie it twatal Freerk Terwisscha van Scheltinga en Sybren Poelsma nammentlik it beste partoer. Der stienen fiif partoeren op e list. Sy moasten allegear twa kear keatse. De twa partoeren mei de measte earsten keatsten dernei noch in finale. Sybren en Freerk wûnen harren earste partij mei 5-5 6-4 fan Bouke Poelsma, Jeroen Kloosterman en Klaas de Jager, neidat sy in 4-5-2-6 efterstân goedmakken. Yn de twadde partij stelden sy it finaleplakje feilich doe’t sy it fan dat oare twatal, Sjors Altenburg en Lodewijk Flapper, wûnen.
Yn de finale moasten sy it opnimme tsjin Sytze Terwisscha van Scheltinga, Folkert van der Werf en Jaap de Jong. Sy wûnen harren earste wedstryd mei 5-5 en 6-0 fan Wiebe Terwisscha van Scheltinga, Jurian Rijpma en Rein Bootsma. Nei in oerwinning op Sjors en Lodewijk hienen Wiebe, Jurian en Rein genôch oan in oerwinning om yn’e finale te kommen. Sy kamen tsjin it partoer fan Sytze noch knap werom fan in 0-5 efterstân mar moasten yn it leste earst dochs belies jaan. Sytze, Folkert en Jaap wûnen harren twadde partij dernei mei 5-2 fan Bouke, Jeroen en Klaas. Yn dizze partij krige Jaap de Jong ‘de lachers op zijn hand’. Yn ien earst makke hy twa ûnnoazele fouten. Earst sloech hy op in bal fan Bouke, dy’t in meter kwea gean soe. Jaap stie al mei beide fuorten oer de kwealine en sloech de bal dernei noch fjirder yn e ferkearde rjochting. Twa ballen letter waard hy ek troch syn eigen maten útlake doe’t hy in hege útslachbal miste en ferfolgens seach dat de bal pardoes op syn skoech delkaam. Jaap kin lykwols as ekskús oandrage dat hy de sneontejoens syn bokkejûn hie en dat de alkohol dertroch noch net hielendal út syn lichem wei wie. Jaap hat, at it alles goed gien is, moandeitemoarn 14 juny it jawurd joen oan syn Marieke en giet no as troud man troch it libben. Gefeliciteerd!
Spitigernôch foar Jaap en syn maten moasten sy de krânsen litte oan Freerk en Sybren. Yn de finale wienen sy mei 5-4 te sterk. Freerk en Sybren keatsen poerbêst en wûnen fertsjinne.
Yn de B-klasse koe einliks wer ris ‘gewoan’ listjekeatst wurde. Der stienen acht partoer op e list. Mei twa perken yn it B-fjild moasten de leste fjouwer partoeren op’e list moarns noch efkes wachtsje foardat sy harren keunsten fertoane koenen. Wedstriidlieder Broer Andringa siet der koart op. Hy soarge derfoar dat de perken altiten fol wienen. Sa rûn alles moai troch. Oan it ein fan’e dei die bliken dat de A-klasse mar krekt 5 minuten earder dien wie. Yn’e B-klasse waard om raak slein. De iene boppeslach wie noch net west of der wie alwer in keatser dy’t sich omdraaie moast om de bal efter de boppeline wei te heljen. Yn de finale moasten Sietske Poelsma, Joost Schaap en Wietske Bootsma it opnimme tsjin Gerrit Evert Tacoma, Adrie Bootsma en Hiltsje Bloemhof. Sietske, Joost en Wietske hienen yn’e earste omloop wûn fan Christiaan Visser, Pieter Jellema en Joop Huitema en wienen yn’e twadde omloop te sterk foar Frans Poelsma, Roland Altenburg en Jeske Bakker. Joost en Wietske wienen oan’e stuit sa save as de bank en Sietske sloech yn it perk in protte ballen boppe. Datselde die Gerrit Evert Tacoma. Mei dertroch wie syn partoer yn’e earste twa omlopen te sterk foar Romke Schaap, Rink Bakker en Klaas Brandsma (earste omloop) en Oane Galama, Petra Schaap en Hieke Rienstra (twadde omloop). De finale wie spannend. Beide partoeren ûntrûnen elkoar net in protte. Op 5-5 en 6-2 gie de winst nei Sietske, Joost en Wietske.
Yn’e ferliezersreaunte wie der noch in priiske foar Christiaan, Piter en Joop , dy’t yn’e lytse finale wûnen fan Romke, Rink en Klaas.
Nei ôfrin wie it noch tige gesellich op it keatsfjild yn Turns. Doe’t it wat te hurd begie te reinen koene wy moai terjochte yn e tinte fan Rein Bootsma, dy’t hooplik noch oant en mei de WK-finale stean bliuwe sil.
 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING