Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Altenburgpartij 2010

De 29ste Altenburg partij te Reahus wûn troch Altenburg c.s.
 
Snein 20 Juny is de 29ste Altenburg partij wer ferkeatst yn Reahûs. Dizze partij bestiet ûngefear al sa lang as ús ferieniging bestiet en dêrom die eltsenien ek wer tige harren bêst.
 
Yn sawol de A as B klasse wienen der 6 partoer en waard der poule keatst. Sietske Poelsma, Jehannes Gerbrandy en Marjan de Jong sloegen yn de earste poule it bêste fan harren ôf en kamen sa yn de finale. Hjiryn moasten se tsjin Adrie Bootsma, Klaas Brandsma en Helga Gerbrandy. Sy rôlen moai troch de twadde poule hinne. Beide partoeren wienen goed oan elkoar weage en sa waard it op it ein 5-5. Nei in pear prachtige slaggen yn it lêste earst roste Sietske de lêste bal op 6-4 oer alles hinne en dermei helle sy mei Jehannes en Marjan de krânse binnen.
 
Yn de A klasse gie de finale tusken Simke Altenburg, Renske Terwisscha van Scheltinga, Frans Poelsma en Ype Bonnema, Jurian Rypma en Jos van der Werf. Beide wienen in drege poule trochkommen en in spannende finale lei yn de line der ferwachting. Dit waard it ek wol mei 5-4 oan de tillegraaf, al waarden folle wichtige punten op 6-6 wol wat makkelik troch it partoer fan Ype c.s. fuort jûn. En sa gienen Simke, Renske en Frans mei de winst oan de haal. Opfallend wie dat Renske al foar de twadde kear dit jier as foar bêst op wûn hat, wêrút dus blykt dat har baltsjes de measte mannen te dreech binne. Wurk oan de winkel dus mannen!
 
Sietske en Simke krigen neist de krânse ek noch de keningspriis mei nei hûs foar harren prestaasje, wat trouwens niks ôf docht oan wat de oare winners dizze dei sjen litten ha. 
 

Al mei al wie it in moaie keatsdei en bleaun it noch lang gesellich. Oant takom jier mar wer, want dan wurd de Altenburg partij foar de 30ste kear ferkeatst!!!

altenburgpartij_20_juni_2010_reahus_070.JPG

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING