Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

KNKB 50+

KNKB manlju 50+ proai foar Jan de Jong, Thijs Houtsma en Simon de Groot

Yn Reahûs fûn ôfrûne snein de KNKB wedstriid manlju 50+ plak. Der wie op dizze prachtige waarme simmerdei in moaie list fan 14 partoer wêrûnder fjouwer pleatselike favoriten, te witten Ate Altenburg, Joost Schaap, Frans Poelsma en Joop Bootsma. Spytich genôch moast Age v.d. Goot him snein te moarn ôfmelde yn ferbân mei rêchklachten.
Lang om let kaam it partoer fan Jan de Jong (Menaam), Thijs Houtsma (Westhoek) en Simon de Groot (Midlum) yn de winnersfinale tsjin it partoer fan Piet Zijlstra (Menaam), Tjeerd Bouma (Ljouwert) en Jan Faber (Wytmarsum). Piet Zijlstra c.s. kamen goed út de startblokken en pakten de earste twa earsten. Hjirnei wie it echter trio Jan de Jong die mei degelik spul it iene nei it oare earst oan de tillegraaf wist te krijen. Op 5-2 die Piet Zijlstra c.s. noch wol wat werom, mar op 5-3 6-2 moasten de manlju dôchs belies jaan. Sa gong de earste priis fertsjinne nei Jan de Jong, Thijs Houtsma en Simon de Groot. Twadde waarden dus Piet Zijlstra Tjeerd Bouma en Jan Faber. Fjirder wienen der noch tredde prizen foar it partoer fan Anne Bootsma (Boalsert), Jan Tuinier (Makkum) en Evert Heeg (Easterlittens) en it partoer fan Lieuwe Eringa (Burgwerd), Johannes Hinrichs (Harlingen) en Joop Bootsma (Reahûs). Hjirby moat sein wurde dat Jan Tuinier de party begûn mei twa oare maten, mar spitich genôch moasten Henk Woppenkamp út Hauwert en ien fan de pleatselike favoriten Ate Altenburg al nei de earste party opjaan troch blessueren.
De ferliezersfinale gie tusken it partoer fan Wieger Boonstra (It Fean), Jan Sijtsinga (It Fean) en Sikke Koster (Dokkum) en it partoer fan Piet Stellingwerf (Harns), Jan Buitenga (Sint Nyk) en Han Baggelaar (Dronryp). Dizze party like in walk-over te wurden, want it stie binnen in sucht en in skeet 5-1 foar Piet Stellingwerf c.s. Dêrnei begûn dit partoer omraak te prutsen wêrtroch trio Wieger Boonstra der wer yn begûn te leauwen. De party kantele en it waard noch 5-5. Mar yn dit lêste earst stienen Piet Stellingwerf, Jan Buitenga en Han Baggelaar wêr hun mantsje en pakten op 5-5 6-4 de earste priis yn de ferliezers. Dermei gie de twadde priis yn de ferliezers nei Wieger Boonstra, Jan Sijtsinga en Sikke Koster.
27062010174.jpg
 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING