Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

29ste Joostemapartij

Poelsma c.s. en Dijkstra c.s. winne Joostemapartij

Bouke Poelsma, Sipke Hiemstra en Tjerk van der Meulen ha ôfrûne sneon de 29e Joostempartij yn Turns op harren namme skreaun. Yn’e finale wienen sy te sterk foar Jurian Rijpma, Jelle Fopma en Hylke Visserman. By de froalju gie de oerwinning nei Froukje Dijkstra, Anne Zijlstra en Laura Margje Fopma. Sy wûnen it fan Gemma Miedema, Afke van der Berg en Wietske Bootsma.


De Joostemapartij is ôfrûne sneonalwer foar de 29e kear ferkeatst. By de manlju stienen 13 partoeren op’e list. Krekt nei tsienen waard de earste bal slein. Yn’e earste omloop lei de keatserij in skoftke stil troch de tonger- en reinbuien. Gelokkich waard it wer droech en hienen de keatsers letter net in protte lêst mear fan it waar.
Troch in steand nûmer yn’e earste omloop en in 5-2 oerwinning op Wiebe Terwisscha van Scheltinga, Romke Schaap en Anne Kramer yn’e twadde partij, kamen Bouke Poelsma, Sipke Hiemstra en Tjerk van der Meulen yn’e heale finale terjochte. Sy moasten keatse tsjin Johan Boorsma, Johan Wittermans en Harmen van Gelderen. It waard in spannende party. It partoer fan Poelsma makke yn it begin tefolle foutsjes, wylst Boorsma en dy de ballen wol tusken de touwen hâlde koenen. It waard 3-0 en 4-2 foar it partoer fan Boorsma. Sy koenen net trochsette. Poelsma en dy kamen werom en wûnen de party mei 5-4.
Yn’e oare heale finale moasten Jurian Rijpma, Jelle Fopma en Hylke Visserman keatse tsjin Bertus Bootsma, Simon Dijkstra en Rein Brandsma. It partoer fan Rijpma kaam op foarsprong en joech de lieding net wer ut hânnen. Fopma makke hast gjin fouten oan’e opslach en yn it perk makken Visserman en de sterke Rijpma hun plakje mear dan skjin.
Yn’e finale gie de oerwinning mei 5-2 nei it partoer fan Poelsma, Hiemstra en Van der Meulen. Sy keatsten degelik en makken net in protte fouten. Rijpma, Fopma en Visserman koenen net foarkomme dat de lettere winners foaral op 6-6 krekt wat skerper wienen.
De earste priis yn’e ferliezersronde gie nei Sybrand van der Wei, Joost Schaap – dy’t sa dochs wer in moai pryske pakte op syn eigen partij – en Ate Speerstra. Sy wûnen it mei fiif earsten gelyk fan Peter Jansen, Reinder de Boer en Hendrikus Tacoma.

By de froalju wienen  Froukje Dijkstra, Anne Zijlstra en Laura Margje Fopma de bêsten. Sy wienen op foarhân al tipt as de favorieten en makken dit yn it fjild ek wier, in knappe prestaasje. Dijkstra en dy krygen it yn in list fan 8 partoer lykwols net kado. Yn’e earste twa omlopen wie it dreech genoch tsjin earst Sietske Merkus, Geeske Couperus en Sietske Joustra en letter tsjin Hester van der Meer, Esther Hoitenga en Catharina Schilstra. Yn’e finale lieten Dijksta, Zijlstra en Fopma sjen dat sy it sterkste partoer wienen. Tsjinstanders Gemma Miedema, Afke van der Berg en Wietske Bootsma hienen yn’e earste twa omlopen hast gjin tsjinstân hân, mar kamen der yn’e finale net mear oan te pas. It waard een dikke oerwinning foar it partoer fan Dijkstra.
De earste priis by de ferliezers wie foar it twatal Tine-Richt van der Weide en Fetsje Terpstra. Sy hienen yn’e finale gjin muoite om it partoer fan Sietske Poelsma, Ria Schaap en Frieda Bruinsma te ferslaan.  Foto's

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING