Thus
Organisaasje
Ynformaasje
Ledepartijen
Jan Bakkerbokaal
Kompetysjekeatsen
KNKB
Federaasje keatsen
Wedstrydagenda
Fotos
Sponsorpagina
Skiednis

Jan Bakkerbokaal

De Jan Bakkerbokaal is in wikselpriis dy’t je winne kinne troch de measte prizen te winnen op de ledepartijen. Jan ‘Bakker’ Bootsma wenne yn Turns en wie ien fan de oprjochters fan de keatsferiening yn Turns en altyd tige belutsen by it keatsen. Sels op respektabele leeftyd die hy noch mei oan ledepartijen of wie er keatsoanmerker by de jeugd of senioaren. De KF Reahûs-Turns hat him betocht mei it ynstellen fan dizze wikselpriis.

 

Der binne twa bokalen, ien foar de jeugd en de oare foar de senioaren. Neist it winnen fan dizze dikke beker wurd der ek in foto fan de winners pleatst op de foarkant fan us boekje “It giet oan”.

 

Hoe wurket de puntetelling?

 

3 punten by in earste priis

2 punten by in twadde priis

1 punt by in tredde priis en as de earste priis yn de ferliezersronde.

Binne der mar 2 prizen, dan krije allinne de priiswinners punten.

 

By in gelike stân yn it einklassemint jout it oantal earste prizen de trochslach. Is ek dat gelyk, dan telle de twadde prizen en sa fierder. Bliuwt it dan noch gelyk, dan jout de kompetysjestân de trochslach.

Sjoch foar it 'Jan Bakker Bokaal' klassemint ûnder Utslaggen.

 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING