Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Harkemapartij

In bytsje keatsers, mar in protte tuskenspul op’e Harkema Partij

Op snein 12 septimber stie de slotpartij fan KF Reahus-Turns op it programma: De Harkema Partij.
Der stienen mar 17 keatsers op’e list, wêroer letter mear. Der waard keatst yn twa klassen en mei trije ferskillende listen. De lytse bal wie foar dizze partij ynruile foar in grutter en sêfter eksimplaar.

Yn’e A-klasse wienen Freerk T.v.S., Sjors Altenburg, Jildert van der Werf en Bouke Poelsma de A-maten. Sy keatsten mei Jos van der Werf, Renske T.v.S., Herman T.v.S., en Oane Galama as B-maten. Dizze keatsers makken der in spannende keatsmiddei fan. It wie net makkelik om de grutte bal oer de boppeline te slaan. Dêrtroch wie der in protte tuskenspul. En is dat net krekt wat de minsken sjen wolle?
Yn’e earste omloop koenen Jildert en Oane it net oprêde tsjin Bouke en Herman. Freerk en Jos wûnen it yn’e oare partij mar krekt fan Sjors en Renske.
Yn’e twadde omloop keatsten Freerk en Herman tsjin Bouke en Renske. It waard in spannende partij. Bouke en Renske hienen net genôch oan in 5-3 foarsprong en gienen doch noch de boat yn. Sjors en Oane wûnen it yn’e oare partij mei 5-3 fan Jildert en Jos.
Op’e tredde list keatsten Freerk en Oane tsjin Jildert en Renske en moasten Bouke en Jos it opnimme tsjin Sjors en Herman. Freerk en Oane hienen gjin muoite mei harren tsjinstanders. Foar Freerk wie it de tredde oerwinning op rige. Hy wie hjirtroch wis fan de krâns. De oare partij wie in stik spannender. Bouke en Jos kamen mei 5-3 foar, mar koenen it trije kear net ôfmeitsje op 6-6. Mei alles oan’e hang gie de oerwinning nei Sjors en Herman. Troch dizze útslach wie de krâns by de B-maten foar Herman T.v.S. Sjors (by de A-maten) en Oane (by de B-maten) waarden twadde.
Yn’e B-klasse stienen Sietske Merkus, Sietske Poelsma, Frans Poelsma en Jehannes Gerbrandy as A-maten op’e list. Wietske Bootsma, Ria Schaap, Petra Schaap en Romke Schaap wienen de b-maten. Joop Huitema wie as njoggende keatser op dizze list ynskaald as c-keatser.

By de A-maten wie der net ien keatser dy’t alle trije wedstriden winne koe. Oan it ein fan’e rit wie it Sietske Merkus dy’t mei twa winstpartijen en ien ferliespartij de measte earsten behelle hie by de A-maten. Sietske (17 earsten)  bleaun har skoanheit Frans Poelsma (16 earsten) mei ien earst krekt foar.
By de b-maten gie de oerwinning nei Petra Schaap, sy wûn trije kear. Ria waard twadde. Joop Huitema wie de beste c-keatser, mar gie sûnder priis nei hûs om’t hy by it útrikken fan de priizen by de b-maten rekkene waard.
Krekt as foarich jier foel it oantal dielnimmers bot tsjin. Hoe kin dit? Werom wienen der net mear keatsers? Oan it waar lei it net, der foelen mar in pear spatsjes. Lei it oan de grutte bal? Fine de minsken it spul mei in grutte bal net leuk? Of ha de minsken yn septimber gjin ferlet mear fan in keatspartij en binne se ‘keatswurch’?
Yn elts gefal binne der in pear minsken (wy neame gjin nammen: Wiebe, Atty, Klaas, Sytze) dy’t leaver in doelleas stikje fytsen gean dan dat sy it edele balspul spylje. Tsja…
Klik op ‘eamelpraat’ en jou jo miening hjiroer yn it gasteboek!
 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING