|
Thus
In prachtige ôfslúting fan it seisoen
Juster, snein 12 septimber wie yn Reahûs de lêste ledepartij fan it (ynkoarte) keatsjier. Tradysje getrou is dit de Piet v/d Hoff/Allicht Partij, sponsore troch de sweagers Piet en Rudolf. Tige tank hjir foar mannen!
De bern keatsten sa as altyd yn in A- en B-klasse. Yn de B-klasse wie it net hiel spannend, sjoen it feit dat Piet en Elisa harren trije partijen wûnen mei 5-0, 5-0 en 5-1. Dit fûn foaral Elisa hielndal net slim, want sy wûn har earste priis by in ledepartij en dan ek noch drekt de krânse! Geweldich! Age-Oane en Wietske waarden twadde. Ek best genôch fansels! By de gruttere bern moasten Wieke en Hester it yn'e finale opnimme tsjin Tsjeard, Wiebren en Fenna. Ek dit waard net hiel spannend, mar ja, dêr hawwe de keaysers gjin boadskip oan fansels, dy wolle graach winne! It wiene Wieke en Hester dy't frij maklik wûnen. It wie foar Hester net de ienige beker dy't se wûn, want sy wie ek de bêste yn it Jan Bakker klassemint. Sy hie de measte punten pakt by de fjouwer ledepartijen dy't we dit jier hân hawwe. Lokwinske Hester!
 
Juster waarden ek de kompetysjeprizen útrikt. Dit wiene de priiwinners:
B-klasse: 1. Minne Wiersma A-klasse: 1. Sjoerd Andringa
2. Wietske Poelsma 2. Jiska Altenburg
3. Jens de Vries 3. Afke Galema
De "overall" winner wie Minne Wiersma, hy hie fan alle bern de measte punten helle. Lokwinske Minne!

By de senioaren wie de dielname net hiel grut, mar dochs koe der in moaie list mei fjouwer partoer gearstald wurde. It bestjoer hie goed lotte, want it wie ferrekte spannend. Sels nei't alle partijen keatst wiene, wist net ien hoe't de einstân der út sjen soe... It wie sels sa bysûnder dat it winnende partoer mar ien kear wûn hie (?!). Ja ja, jo lêze it goed, twa kear ferlieze en dochs de krânse winne! Mar goed, Titus, Ate en Trudie wiene wol it meast konstant. Se wûnen de earste partij fan Simke, Tjerk en Sietske. De twadde partij tsjin Durk, Ytsen en Johannes ferlearen se mei 5-5 6-6. De tredde partij ferlearen se ek, en wer mei 5-5 6-6, net te leauwen! No wiene it Kees, Ruerd en Jochem dy't oan it langste ein lutsen. Jochem moast in net al te grutte keats ferdiegenje en dat die er hiel goed. In djippe opslachbal achteryn op Ate, dy rekke him wol mar net goed. Jochem sels koe der noch krekt by en retourneerde oant foar de keats. Fakwurk. Dochs wiene it dus Titus, Ate en Trudie dy't der mei de krânsen fan troch gongen. De Jan Bakker Bokaal by de senioaren wie foar Ate, hie wie oer it hiele seisoen besjoen de bêste. Lokwinske Ate!

Ek by de senioaren waarden de kompetysjeprizen útrikt. Hjir wie it Sigrid v/d Werf dy't de bêste wie by de froulju. De priis waard yn ûntfangst nommen troch har mem, de nije superfrijwilliger fan de catering, Anneke v/d Woude. By de mannen wie Ytsen Tamminga de winner fan de kompetysjebeker. Lokwinske beide!
Sjoch foar de rest fan de foto's op Facebook!
www.facebook.com/kfreahusturns
(Miskien dat we fan't winter mar ris by de ponghâlder hjeare moatte foar in bydrage oan in update fan de ICT-ôfdieling...)
 
Sa is der in einde kommen oan in moai keatsseisoen, ek al wie it wat koarter as normaal. De ienige tebeksetter wie it ôflassen fan de Altenburg Partij, mar dat wie oermacht. Foar de rest hawwe we prachtige partijen hân mei moai waar en dêr troch faaks en moaie omsetten foar yn de kassa... Mar it wichtichste is dat eltsenien op syn of har eigen niveau keatse kim en dat we dit dochs mar moai foar elkoar bokse mei syn allen!
Hast 24 oeren keatse…
No, no, no, dit wy my dochs in (sport)wykein! Max Verstappen wint yn Zandvoort, de fuotballers fan Oranje fege Montenegro fan it fjild, Roglic van Jumbo Visma wint de Vuelta, it koe net op! En dan ôfrûne sneon ek noch in “marathon-keatsdei” foar ús feriening.
Bûnspartij yn Tsjom
De dei sette moarns ier en betiid útein yn Tsjom, wêr’t Gerrit-Jan (Duiven), Simke (Altenburg) en Wytse (froeger Woeste, no Hofstee) op’e list stienen by de Bûnspartij foar senioaren. De earste omloop wie Tsjommearum de tsjinstanner. Hjir wisten de mannen fan te foaren net folle fan, mar dat seit fansels neat. Der wiene kânsen genôch om buordsjes te pakken, mar dochs waard it 4-1 foar Tsjommearum. Doe kamen de mannen better yn harren spul en kamen se werom oant 4-4. It waard 5-5 en úteinlik ek 6-6. Doe wie it Gerrit-Jan dy’t de foarynse mei in snelle opslachbal op’e linkerhân te pakken hie. Winst! Nei oardel oere keatsen moasten de mannen hjir al even fan bekomme en harren tariede op de twadde omloop tsjin Súd-Denemarken, Moarre-Ljussens. Hjir hiene se op’e lêste Bûnspartij yn 2019 noch fan ferlern. Dus dit moast sneon oars! Mar it keatst altyd dreech tsjin Germ-Hein Wytsma en konsorten en dat blykte no ek wer. Spullen gelyk, twa spullen gelyk en ja hjer, fiif earsten gelyk. En nei al wer oardel oere keatsen waard it earst 6-4 foar Moarre-Ljussens. Der kaam in keats mei Simke en Gerrit-Jan yn’t perk. Bûten fan de jonge Deense opslagger! Dus wer 5-5 6-6! Doe naam Germ-Hein W. de bal oer fan syn maat en socht Simke op foaryn it perk. Dy koe der in knappe fan meitsje by de stuiten. Dus wikselje en wie it Gerrit-Jan dy’t de keats ferdiegenje moast. Dit die er geweldich, de keats net foarby en troch nei de tredde omloop! De lêste bal wie noch net west of it klonk troch de speakers: “Reahûs-Turns, we witte dat jim twa drege partijen hân hawwe, mar jim wurde oer 10 minuten wer op it fjild ferwachte foar de partij tsjin Makkum…” Sjoch, dat wie no krekt efkes in minuut of tsien te gau fansels. Dus earst mar gau nei de masseur en de catering om sop, want oars soe dit op’e kop ferkeard komme fansels. De spieren begongen al aardich yn opstân te kommen by de mannen. By Wytse fanwege gebrek oan wedstrydritme, by Gerrit-Jan omdat hy it measte wurk dwaan moast en by Simke fanwege de leeftyd.
 
Mar hawar, nei wat striken, iten en drinken gong it wer hinne! En wol op it haadfjild tsjin Makkum. Dit wie, mei alle respekt, in bettere tjinstanner as yn’e earste twa omlopen. It waard dan ek samar 4-1 foar Makkum. Mar sa as wol faker dizze dei, kaam Reahûs-Turns dochs wer werom yn’e partij. It waard 4-2, 4-3 en ja hjer, ek noch 4-4. Foaral troch it noch steeds bêste opslaan fan Gerrit-Jan en mei help fan de opslaggers fan Makkum, dy’t it perk noch wol ris misten. It njoggende earste gong spitich genôch mei 6-4 nei Makkum en doe wie de koek op. De tank wie no ek echt leech by ús mannen. Makkum wûn mei 5-4 6-4. Gjin skande, mar dochs jammer. As je dan sa ticht by de prizen binne… Mar goed, Makkum wûn hjir nei ek noch fan Seisbierrum en ferlear pas yn’e heale finale. Doe’t de mannen klear wienen, joech de klok al twa oere oan. De marathon-men sieten der doe ek dwers troch hinne, of sa at Gerrit-Jan it omskreaun: “Kinst my wol by de strontbult omheech skowe!” Dus doe mar even lekker in pear keapje yn it sintsje!
Sjoch foar mear foto’s fan de Bûnspartij op de Facebookpagina.
Nachtkeatsen
In pear oerkes letter stie it folgjende evenement al wer op de planning: it nachtkeatsen yn Reahûs, organisearre troch in ploech enthousiaste, âldere jeugdleden. Se hiene de boel goed foar elkoar. Genôch ferljochting (mei tank oan Boubedriuw Bootsma Turns), partytinten, kachels en moaie prizen (oanbean troch wedstriidsponsor Joke Witteveen). Der stiene mar leafst 24 partoer op’e list, ferdield oer in A- en B-klasse. Nei de iepeningsspeech fan Ruerd Andringa om 20.00 oere gong it hinne. Der waard omraak keatst mei de grutte bal en tuskentroch is de kas fan de feriening ek noch goed fol rekke. Der kamen sels ploegen mannen mei diskobussen nei it fjild ta… Om in oere as trije wie it dien en binne de prizen útrikt. Oer wa’t de priiswinners binne taaste we noch yn it donker, mar dat witte se sels warskynlyk noch wol. “Gelukkig hebben we de foto’s noch”. Doe’t om fjouwer oere, healwei fiiven hinne de measten nei hûs gongen kaam der in ein oan in histoarysk lange keatsdei. Mei keatsen op elts niveau en foaral in soad wille!
 
It foto-album op de website wurket net goed mear, dus binne se allinnich te sjen op de Facebookpagina.
HYNSTEPAED KEATSEN
Wat hawwe wer in machich moaie keatswike hân op it Hynstepaed! Hoewol't de opjefte net optimaal wie (troch in soad ferkeard plande fakansjes), is der moai keatst en wie de publyke belangstelling tige bêst.
Op tiisdei keatsten earst Piet en Sigird tsjin Eduard en Marieke. En hoe! It waard in wiere "thriller". It waard 5-5 6-6, doe't Eduard de bal spitich genoch bûten de krytlinen smiet. De twadde partij wie minder spannend en waard mei 5-2 wûn troch Folkert en Johannes fan Frans en Joop. Op tongersdei koest sjen dat eltsenien wat went wie oan omstannichheden en waard der ek better keatst. Der wiene mear rally's en der giet it dochs ek om by it Hynstepaed keatsen. Fia it dak of de muorre de ballen slaan, dat is de "charme" fan dit spultsje. Wer wiene it Folkert en Johannes dy't harren partij wûnen, no fan Piet en Sigrid. Earstneamden koene harren dus opmeitsje foar de finale op freed. Piet en Sigrid moasten efkes yn de wachtkeamer en sjen wat Eduard en Marieke dwaan soene tsjin Frans en Joop. Ek dit waard 5-2 en wol foar Eduard en Marieke. Sy stiene dus ek yn'e finale.
Op freedtejûn waard der earst yn'e treastfinale keatst tusken Piet en Sigrid en Frans en Joop. Der waard somtiden gremitich keatst en it wie tige spannend. It wiene Piet en Sigrid dy't op it ein trochdrukten nei in 5-4 6-4 oerwinning. Sy pakten it brûns en Frans en Joop in earfol fjirde plak. De grutte finale beloofde in spannende partij te wurden, sjoen dat it yn it begjin fan de partij tich by inoar lei. Dochs wiene it Folkert en Johannes dy't nei spullen gelyk in toskje by skeakelden en samar trochrûnen nei de winst. It waard 5-2 en 6-6. Sy wiene de fertsjinne winners en it wie foar beide harren twadde winst op it Hynstepaed. Nei de finale is der noch tige gesellich neipraten mei in smyte keats- en neisitleafhawwers.
Al mei al in tige slagge wike en miskien wurd it evenemint takom jier wol útwreide mei in ekstra ûnderdiel...
Café de Ree tige tank foar de sponsoring fan dit spektakel en Joop Bootsma tige tank foar de help mei de tariedings en spulrigel-stipe!
BOOTSMA PARTIJ
En doe wie it al wer tiid foar de beroemde, befaamde en beruchte Bootsma Partij yn Turns! Mei sa as gebrûklik de lêste jierren, de bern om 13.00 oere en de grutten om 16.30 oere. Foar de start krige eltsenien in prachtige sinnebril fan sponsor Boubedriuw Bootsma!
De dielname by de bern hie in bytsje te lijen ûnder de fakansjetiid, mar dochs wiene totaal noch wol 8 twatallen op it fjild. Dus yn beide klassen trije kear keatse en dan mar sjen wa't de measte punten hat! By de jongsten wiene it foaral de famyljes de Vries en Poelsma dy't foar best op sloegen! It wiene Marije Poelsma en Jens de Vries dy't in prachtige twadde priis pakten. Sy koene lykwols net op tsjin de oermacht fan Nico de Vries (wer in spiker yn'e nije gevel Keje!) en Wietske Poelsma. Sy wûnen alle trije partijen en wienen dus de fertsjinne winners! De gruttere bern mochten ek trije kear oan'e bak en hjir wie de striid net hiel spannend. It wiene dúdlike útslaggen en net in soad spanning. It is net altyd feest foar alle fans! Dochs hawwe Tsjeard en Berber knap keatst en wûnen dan ek in oaie twadde priis. De winners wiene Jiska en Afke, sy wûnen alle trije partijen hiel oertsjûgend en gongen mei de hage nei hûs.
 
 

Sa as al fermeld, begongen de senioaren harren striid om de heechste eare om healwei fiiven. Mei de grutte bal wol te ferstean. Want stel je foar dat it tige spannende partijen binne, dan wolle je se noch wol reitsje at it donker wurd bliksum! No foel it wat spanning oanbelanget net altyd mei, it moast hjirby foaral komme fan de ferliezersronde. Hjir wie it twa kear fiif earsten gelyk en in kear 5-4 6-6. It wiene Ruerd Andringa dy't as "routinier" syn beide jonge maten Anne Bootsma en Doede de Jager mei sleepte nei de winst tsjin Eduard Witteveen, Anna-Boukje Altenburg en Jochem Postma. Yn'e winnersronde wie wat minder spanning, foaral troch de "dadendrang" fan ús foarsitter. Dy wie gebrand en syn opslach rûn as it spoar. Mei syn maten Johannes Bouma (introducé fan Lollum-Waaksens) en Christel Andringa feegden se eltsenien der ôf. De finale tsjin "oankommend-routinier" Durk Bootsma, Kerst Hoekstra en Keje de Vries waard mei 5-4 6-0 wûn.
 
 

En de sponsor seach dat it goed wie... Tige tank Klaas en Wietske.
KEATSBLOKJES (27)
- Freed 2 july wie der federaasjekeatsen yn Easterein. Der diene ferskeidene jeugdleden fan ús feriening mei. En net sûnder súkses! Der wie in twadde priis foar Nico de Vries en Piet de Jong by de welpen. By de skoalfamkes pakte Steffi Altenburg in tredde priis en Wieke Schaap de twadde. By de jonges en famkes wûnen Amarins Gerbrandy en Anna-Boukje Altenburg de tredde priis en Hieke Bootsma de twadde. Tjerk Andringa wûn hjir de krânse!! Lokwinske allegearre!!
Foar foto's kinne jim sjen op Instagram pagina fan KF Easterein (@kfeasterein).
Sneon wie der wer federaasjekeatsen, no yn Wommels. Hjir wiene Piet de Jong (earste priis) en Age-Oane de Vries (tredde priis) súksesfol. Lokwinske jonges!
 
- Sneon 3 july diene Jiska, Amber en Wieke mei oan it NK foar pupille famkes yn Berltsum. De earste omloop wûnen se mei 5-0 6-0 fan Raerd. De twadde omloop wie Moarre-Ljussens de tsjinstanner. Dizze famkes wiene net hiel bekend, mar dat seit neat! Dochs setten ús dames fuort wer goed útein en namen drekt in grutte foarsprong en wûnen dochs frij maklik mei 5-1 en 6-4. Doe kaam de "clash of the day" tsjin favoryt Lollum-Waaksens. Hjir moast alles kloppe om in kâns te meitsjen tsjin dizze goeie en tûke keatsters (Britt Joustra en Jeldau Koopmans). It waard in beste partij, wêr yn it oankaam op in pear slagen. It earste earst gong op 6-6 nei Lollum. Sy pakten doe troch nei 2-0. Yn it tredde earst kamen ús froulju 6-0 foar, mar gong it earst spitich genôch dochs nei Lollum. It fjirde earst setten ús dames in toskje by en pakten it earst, 3-1. Doe wie Lollum wer oan bar en makke der 4-1 fan. Troch in prachtige boppeslach fan Wieke op 6-6 waard it 4-2. Doe wie it Lollum wer, 5-2. It achtste earst kaam Lolum op 6-2, mar dochs focht Reahûs-Turns werom oant 6-6. Doe makke Lollum de partij út. Spitich mar neat oan te dwaan. It wie in prachtige partij, mei in bytsje fouten en goed, sportyf keatsen! Lollum-Waaksens wûn letter ek de krânse troch yn'e finale it ferrassende Wytmarsum te ferslaan.

Sjoch foar mear foto's op https://www.facebook.com/kfreahusturns.
- De jonges Ate Schaap, Pieter de Jong en Durk Bootsma binne al in pear kear fuort west nei de KNKB ôfdielingspartijen. Alles yn tsjinst fan en yn tarieding op de Freulepartij op 11 augustus. Der waard onat no ta noch net in omloop wûn, troch ûnwennigens en sterke tsjinstanners. Oant hjoed (snein 4 july)! De earste omloop tsjin Dronryp 3 waard wûn!! Spitich genôch koene de mannen de flow net fêsthâlde en ferlearen se yn'e twadde omloop fan Ljouwert. Hindert niks! De opgeande lijn is ynsetten!
Sjoch foar in bewegend byld fan dizze oerwinning op https://www.facebook.com/kfreahusturns.
BAKKERIJ POSTHUMA PARTIJ
En hiene we snein 27 juny samar in primeur foar KF Reahûs-Turns: de allerearste Bakkerij Posthuma Partij! En wat hawwe we it drekt geweldich troffen! Dit kin wol wer ris!
De bern keatsten sa as gewoanlik yn twa klassen. By de jongsten wiene der moarns erats wat Corona-perikelen dy't út de wrâld holpen waarden, de list waard efkes oanpast en doe koer der keatst wurde! Je mutte der altyd foar soargje dat eltsenien meidwaan kin, no sa! Oan de ein fan in pear spannende partijen wiene it Johan en Welmoed dy't yn'e finale keatsten tsjin Nila en Mauren. Lêstneamde dames wiene goed op slach en gongen oertsjûgend mei de krânse nei hûs. By de gruttere bern hiene de Witteveentsjes (Tsjeard en Hester) twa kear wûn yn'e poule. Datselde jilde foar Wiebren en Doutsen yn de oare poule. Dit koe dus in moaie finale wurde! Dat like der earst ek op, mar doe't Wiebren en Doutsen in toskje by skeakelden wie der gjin hâlden mear oan foar Tsjeard en Hester. NIks oan te dwaan en in moaie twadde priis foar harren. Wiebren en Doutsen yn'e krânse dus; foar Doutsen wie it de earste kear dat se de coniferen yn'e nekke kriebeljen fiel mocht! Dat is dochs moai of net!?
 
 
It foto-album wurket net mear, dus de foto's steane der no gewoan tusken hjer!
De senioaren koene ek yn twa klassen keatse, dat wie best genôch. Al is de dielname noch hieltyd net bjusterbaarlik. Mar goed, je mutte bliid wêze mei wat je hawwe net mei wat je misse. Ahum...
Wa't yn'e B-klasse rekkene hie op in spannende oangelegenheid, kaam fan in kâlde merke thús. Johannes en Marijke lieten der gjin gêrd oer groeie en wûnen alle trije partijen. At der dan fjouwer partoer binne en je trije kear keatse moatte, betsjut dit dat je earste binne! De spanning siet mear by de twadde priiswinners. Earst liken it Elske en Haye te wurden, doe Marieke en BRecht, mar eintsjebeslút wie it de dadendrang fan Klaas sels, dy't fansels wist wat de prizen wiene! Hy naam syn maten Jochem en Helga op sleeptouw en troch de winst yn'e tredde partij pakten sy dochs noch de twadde priis.
Yn'e A-klasse kaam der in echte finale tusken twa partoer dy't neide twa kear wûn hiene. Kees, Tjerk en Joop moasten tsjin Ate en Ytsen om priis en preemje. Earstneamden makken goed gebrûk fan harren erfaring en it feit dat se mei harren trijen wiene. Dochs bleaunen Ate en Ytsen lang by, mar moasten se op 5-3 6-6 dochs belies jaan.
De prizen waarden útrikt mei help fan Brecht (fan Klaas en Nyncke). EK waarden Carolien en Theo yn it sintsje setten, omdat se fiif jier lang de catering yn it hokje fersoarge hawwe. Tige tank beide! De earste Bakkerij Posthuma Partij wie in grut súkses!
SILOBAGS PARTIJ
Juster (snein 13 juny) wie wer de dei fan ien fan de echte keatsklassiekers fan KF Reahûs-Turns, de Silobags Partij.
De bern keatsten yn twa klassen. Yn de B-klasse wienen it Age-Oane en Wietske dy't yn'e finale keatsten tsjin Tiemen en Marije. Hoewol't Wietske fansels net fan har suster ferlieze woe, koe se net foarkomme dat dit dochs barde. Dus de twadde priis foar Wietske Poelsma (fan Minne en Hiske) en Age-Oane de Vries (fan Keje en Marieke). En de krânsen wiene foar Tiemen Dijkstra (fan Paulus en Paula) en Marije Poelsma (alwer fan Minne en Hiske).
By de gruttere bern setten Wiebren en Nico, harren prizejacht troch en helle wer de finale (freed by de federaasje hiene se ek al in priis). Hjir moasten se útkomme tsjin Wieke en Hester, dus dat wie net mis! De froulju lieten de manne oant trije earsten gelyk bybliuwe en fûnen it doe genôch west en setten in toskje by. Dus de earste priis wie foar Wieke Schaap (fan Haye en Petra) en Hester Witteveen (fan Eduard en Sietske). In moaie twadde priis foar Wiebren Tamminga (fan Karst en Thea) en Nico de Vries (alwer fan Keje en Marieke).
 

De opkomst by de senioaren foel noch net mei, mar dochs koe der moai keatst wurde yn twa poules fan trije partoer. Yn de earste poule wiene de partijen ferrekte spannend en moast de lêste partij de beslissing bringe. Haadsponsor Christian keatste mei Piet tsjin Simke, Marieke en Haye om in finaleplakje. Nei in tige spannende striid foar it manmachtig opkommen publyk luts it twatal krekt oan it koartste ein. Yn oare poule wie it partoer fan Sybren, Kerst en Jan it sterkste, al hawwe se it wol dreech hân tsjin Woeste Wytse, Durk en Klaas. De finale like samar klear te wêzen, mar doe't Simke, Marieke en Haye noch ûnder út de teannen in restje moed en enerzjy fûnen, kamen se dochs noch werom oant 5-4 6-6. Doe fûnen Sybren, Kerst en Jan it welletjes en makken se dien wurk. Dus de twadde priis wie foar Simke Altenburg (fan Ate en Margriet), Marieke de Jong (fan Johannes en Thea) en Haye Hylkema (fan Johan en Carolien). De krânsen gongen nei Sybren Poelsma (fan Frans en Attje), Kerst Hoekstra (fan âlders út Snits) en Jan S. Altenburg (fan Seakle en Lydia).
 
De (oranje) prizen waarden útrikt troch Femke fan Christian en Adrie. Tige tank foar de sponsoring!
FEDERAASJE JEUGD
Ja, ja, dit wie it wykeintsje wol sis! Keatse, keatse en noch ris keatse. It begûn freed mei de federaasjepartij foar de jeugd yn Reahûs en Turns. We hiene yn totaal mear as HUNDERT (!!!) bern op besite yn beide doarpen. It wie de earste partij nei de fersoepeling fan de Corona-rigels. Dus eltsenien wie bliid dat se wer los koene. Der waard dan ek fûleindich mar seker ek sportyf keatst.
Fan ús eigen feriening sieten Nico (earste welpen jonges), Piet (twadde welpen jonges), Wiebren (earste herkansing pupille jonges), Afke (twadde pupille famkes), Amber (earste skoalfamkes), Ate (twadde jonges/famkes) en Amarins (earste jonges/famkes) yn'e prizen. Lokwinske allegear!
It wie in tige slagge middei en jûn, mei mooglik makke troch de jeugdkommisje en de nedige frijwilligers. Tige tank eltsenien foar de hulp! It is dochs altyd wer in hiele put om sa'n grutte partij te organiseren. Mar dit is best slagge!
Troch problemen mei de website is it net slagge om alle foto's der op te krijen. Dy binne wol te fynen op de Facebook pagina fan KF Reahûs-Turns (https://www.facebook.com/kfreahusturns).
RABO CLUBSUPPORT
Wij doen dit jaar weer mee aan Rabo ClubSupport. Met Rabo ClubSupport investeert de Rabobank een deel van hun winst in lokale clubs en verenigingen. Vorig jaar hebben we een cheque van € 341,00 mogen ontvangen. Leden van de Rabobank kunnen tussen 5 en 25 oktober hun stem uitbrengen via de Rabo Bankieren App. Uiteraard hopen wij op jullie steun! We willen de opbrengst gaan gebruiken voor nieuwe afdelingshirts en andere materialen.
Bekijk hoe je ons kan steunen op rabobank.nl/clubsupport.
FREULE 2020
En doe wie it sneon 19 septimber 2020, de dei dat de Freule dochs ferkeatst waard! De boys fan Reahûs-Turns moasten, sa't jim yn it foarige berjocht lêze koenen, it yn de earste omloop opnimme tsjin St. Anne. Ate, Pieter en Durk wiene moarns, mei kootsj Rein fansels, op it fytske nei Wommels kommen. Sa koe ûnderweis it striidplan noch ris goed trochnommen wurde. Ate, foarbest op, moast positiviteit útstrale en de ballen der yn hâlde. Pieter, foaryn, moast moaie ballen boppe fege, niks sitte litte en oarloch meitsje. Durk, achteryn en foarminst op, moast keatsen lizze en keatsen pakke mei de opslach. Dit gong allegear hiel knap en St. Anne begong um al te knypen doe't se by trije earsten noch net fan dat taaie Reahûs-Turns ôf wienen! Ate en Durk hiene it perk fan de St. Annebuursters aardich ûnder druk en Pieter makke syn paadsje goed skjin en sloech, sa as ôfpraat wie, in pear moaie ballen boppe. Nei trije earsten gelyk wie it dochs St. Anne dy't troch drukte nei fiif earsten en op 5-3 6-6 hie Ate spitich genôch ien fan syn weinige opslachmissers. De mannen baalden best, want it siet der wol yn! De kootsj wie bliid dat se baalden, dat is ek in goed teken fansels. Dan wolle je mear! Op nei 2021 dus!

Yn it foto-album in pear foto's fan de mannen.
Sjoch ek op ûndersteande Facebook pagina's fan de Freulepartij, Henk Bootsma en de KNKB foar mear foto's fan de Freuledei.
FREULE 2020
De Freule giet troch! En wy dogge mei! Nei dat bekend wurden wie dat de Freule kommende sneon wêze soe, is it trainingsskema fan ús partoer drekt oanpast. In Freule yn septimber freget om in hiele oare benadering dan in Freule yn agustus fansels. Derom hawwe Ate Pieter en Durk de lêste pear wike yn Turns traint en net yn Reahûs. "Verandering van spijs doet eten", "Even een nieuwe omgeving" en ,ear fan dit soarte slogans binne fan tapassing. Der is besocht om der in hecht team fan te smeden. Dit gong mei fallen en opstean, mar fannejûn sieten de mannen yn it sporthokje fan de kootsj oandachtich te harkjen nei de lotting!

Hjir die blyken dat St. Anne kommende sneon de tsjinstander is yn de earste omloop, op it haadfjild! Wat is it dan jammer dat troch de Corona-rigels der gjin tribunes fol mei minsken binne... Mar hawar, de mannen hawwe der sin oan en gean der fol foar! Súkses!
NACHTKEATSEN
Allerearst ekskúses foar de wat lette berjochtjouwing oer it nachtkeatsen fan sneon, mar de webmaster sit, tegeare mei kootsj R.B., midden yn de lêste foarbereidingen op de Freulepartij foar kommende sneon. Mar deroer letter mear.
Nachtkeatsen dus, want der hawwe we it oer. Foarich jier foar it earst sûnt jierren wer oppakt troch in enthousiaste groep jeugd! En "wegens succes verlengd". Dizze kear diene der mar leafst 46 man/frou mei, geweldich! Sa'n grutte opjefte ferget ek mear qua organisaasje, mar dat wie dik foar elkoar. Mei hjir en dêr wat help fan frijwilligers en âlders hat de jeugd it dochs mar moai foar elkoar bokst!
In sfearbyld doe't it noch in bytsje ljocht wie
De 48 dielnimmers wiene ferdield oer 23 twatallen, dy't keatsten yn in A- en B-klasse. Yn de B-klasse wiene it, út in list fan 11 partoeren, Jarmo Bijlsma en Michael v/d Weg dy't it opnimme moasten tsjin Froukje Altenburg en har ervaren maat Minne Poelsma. It waard tige spannend, de partij krige pas in ein op 5-4 en 6-6. Doe wiene it Jarmo en Michael dy't de winst pakten. De 12 partoeren yn de A-klasse makken der ek in geweldige keasterij fan, mei as útblinker "de man dy't yn't donker better keatst as yn't ljocht"! We hawwe it fansels oer ynmiddels âld-Reahúster Pieter-Lieuwe v/d Valk! Hy sleepte syn maat Durk Bootsma mei precisie, technyk en taktyk nei de finale. Hjir yn moasten se it opnimme tsjin de krachtpatsers Ate Schaap en Johannes Gerbrandy. It waard in ferrekte spannende oangelegenheid mei de lêste slach dy't pas foel mei, hoe koe it oars, alles oan'e hang. Doe wiene it Pieter-Lieuwe en Durk dy't tasloegen!
PIET V/D HOFF ALLICHT PARTIJ - SENIOAREN
De lêste ledepartij mei deiljocht fan it (koarte) seisoen waard snein ferkeatst yn Reahûs. En al wer in klassieker! De Piet v/d Hoff / Allicht Partij!
Der koe keatst wurde yn in A- en B-klasse, mei fjouwer partoer yn eltse klasse. De oanstoarmjende âldere en jongere talenten yn de B-klasse makken der in moaie keatserij fan. Mei in soad striid en wille wiene it nei in pear spannende partijen Jan en Marieke dy't in noaslengte tekoart kamen tsjin de twa J's, Johannes en Jochem. De grutte tenoaren en sopranen yn de A-klasse keatsten ek op it skerpst fan de snede. De gerspuollen fleachen bytiden troch de loft, sa mâl gong it! It wie moai om te sjen dat de jeugd op'e doar kloppet! Dizze kear koe túnker Meindert, mei syn erfaren Sietske en jonge hûn Durk, de oanfal noch ôfslaan, mar foar hoe lang noch... Ruerd, Trudie en Ate waarden knap twadde.
Neist de deiprizen, waarden ek de kompetysjeprizen en de Jan Bakker Bokaal útrikt. De Jan Bakker Bokaal waard in proai foar Meindert en Sietske, sy hiene likefolle punten! Lykas foarich jier ex-aequo! De tredde kear yn'e histoarje fan dizze wisselbokaal. It kompetysjekeatsen by de senioaren waard by de manlju (sis mar jonges) wûn troch Ruerd en by de froulju (sis mar famkes) troch Trudie. Sa koene buorjonge en buorfamke wer tegeare leaflik laitsje foar de foto!
Sjoch foar alle foto's yn it foto-album!
PIET V/D HOFF / ALLICHT PARTIJ - JEUGD
De jeugd keatste yn twa klassen, mei fjouwer twatallen yn de A- en B-klasse. Yn de B wiene it de buorfamkes Doutzen en Welmoed dy't tsjin de bruorren Nico en Age-Oane útmeitsje moasten wa't mei de hage nei hûs gean soe. It like hiel efkes spannend te wurden, mar nei earsten gelyk wiene de dames net opwosken tsjin de "dadendrang" fan de gebroeders de Vries. Sy woene harren earste kear tegeare yn ien partoer fansels bekroane mei in krânse en dat slagge, it waard 5-1! En no mar hope dat heit de Vries it oer syn hert ferkrijt om twa spikers yn de noch frij nije gevel te slaan... Mut goed komme, krânsen hjeare oan de gevel! Yn de A-klasse wie der ek in echte finale, tusken Steffi en Piet en Rutger en Sjoerd. Hjir wie it justjes langer spannend. Oant trije earsten gelyk waarden de buordsjes keurig ferdield. Doe fûnen Rutger en Sjoerd it welletjes en pakten trije ersten achter elkoar. Doe koe de "big smile" op setten wurde troch beide mannen.
Priiswinnende jeugd!
Doe wie it noch net dien mei de "prijzenregen"! De Jan Bakker Bokaal waard wûn troch Rutger Altenburg, hy hie alle fjouwer ledepartijen wûn! Lokwinske Rutger! It kompetysjekeatsen by de jeugd waard wûn troch Pieter WIersma, hy hie de measte punten garre. Lokwinske Pieter! As lêste waard noch Toms Toffee Trofee útrikt. Dizze is foar dyjinge dy't him of har, bûten it sportieve aspekt om, ûnderskieden hat of in stimulans fertsjinnet. Dizze kear gong de TTT nei Steffi Altenburg, mei as kommentaar dat se der altyd is, net altyd prizen wint, mar altyd posityf is (ek tsjin oer de oare bern). Se krige de Trofee út hanne fan Linda Slooter.
Sjoch foar alle foto's yn it foto-album!
SILOBAGS PARTIJ
Juster wie it wer safier: de Silobags Partij yn Turns, yntusken in ferneamde ledepartij dy't je as keatser graach op je CV hawwe wolle. Der waard juster sels al foarsichtich flústere dat it rychje mei klassiekers PC, Freule, Ald Meiers, Silobags wêze moat... Soe it sa fier komme?? Dat witte we noch net, mar it wie juster yn elts gefal in prachtige keatserij!
De bern keatsten yn fjouwer twatallen yn de A- en B-klasse. By de jongste bern hie it lot de twa bruorren de Jong oan elkoar ferbûn. It die bliken dat se hiel goed mei elkoar keatse kinne en de wûnen dan ek al harren trije partijen. Soe dit it begjin wêze fan in dynasty, lykas de van Wierens of de Saakstra's? Afke en Marije pakten dik fertsjinne in moaie twadde priis! Yn de A-klasse wie it Rutger, dy't mei syn maat Berber al syn trije partijen wûn. It trio Pieter, Steffi en Hester pakten tsjin harren noch de easte earsten, fjouwer stiks. En wûnen harren oare beide partijen. Sy wiene dus twadde.

By de senioaren koe der net yn in A- en B-klasse keatst wurde, mar wol yn in winners- en ferliezersronde. Dat is ek wat wurdich! It iennige neidiel fan 7 partoer op'e list (dat wie it gefal) soe wêze kinne dat der in partoer is dy't mei twa ferliespartijen in priis winne kin. En ja hjer! Bote, Jeffrey en Ytsen wiene nûmer 6 en ferlearen harren earste partij tsjin de lettere winners, hielendal gjin skande dus. Want se moasten ek noch de heale partij mei twa man keatse, omt Jeffrey net lekker wie (warskynlyk troch de waarmte). Doe bleaunen de stean en stiene se al yn'e ferliezersfinale! Nettsjinsteande in minitieuze en serieuze tarieding op dizze partij en it feit dat Jeffrey wer fit genôch wie om te keatsen koene se it net risse tsjin Renske, Durk en Brecht. Mar wol tige "efficiënt" keastst troch de beide mannen. Yn'e winnersronde gong it partoer mei Klaas Brandsma der yn, hoe koe it ek oars, as in tornado troch de list. Oké, der wie yn'e omloop in steand nûmer foar Klaas, Sjors en Marieke, mar yn'e twadde omloop stoomden se troch! Se wûnen mei 5-1 fan de jongkeardels Jos, Ate en Jochem. Op nei de finale. Der yn wiene Meindert, Tjerk en Marijke harren tsjinstanners. Sy hiene earst wûn fan Bote, Jeffrey en Ytsen en dernei fan Christian, Haye en Hieke. En in it waard in échte finale, dy't beslist waard mei alles oan'e hang. Doe wie it Marijke dy't Marieke ta in kweaslach twong.
It wie in moaie dei, mei aardich publyk. Wer ûnder in pear ex-toppers, by wa it stiekem wer wat begong te kriebeljen. It sit der dik yn dat we yn 2021 de nediche comebacks ferwachtsje kinne... De stellerij wie by de Bootsma Partij ommers ek al los gongen!
KNKB Pupille jonges
Hjoed keatsten de pupille jonges fan de KNKB in troch-inoar-lotters partij op it fjild yn Turns. Der waar keatst yn in A- en B-klasse.
Fan ús eigen feriening diene Wiebren en Tsjeard mei yn de B-klasse. Hjir wiene 16 partoer, in moai oantal. Spitich genôch ferlearen de beide pleatslike yn de earste omloop en moasten se hjir nei yn de ferliezersronde drekt tsjin elkoar. It Wiebren mei syn maat Dennis fan Dronryp dy't it wûn fan Tsjeard en Stijn. Hjir nei wûnen Wiebren en Dennis noch in kear en kamen se yn'e finale fan de ferliezers. Hjir yn keatsten se tsjin Julian (Bitgum) en Jelte (Dronryp). It waard in tige spannende partij dy't pas op 5-5 6-6 beslist waard. Doe joech Julian in beste sitbal. Dus in moai twadde pryske yn'e ferliezers foar Wiebren.
Yn de winnersronde kamen Mark (Tsjommearum) en Rimar (Bitgum) tsjin Allon (Boalsert) en Jurre (Menaam) om priis en preemje. It wiene lêstneamden dy't der mei de krânse fan troch gongen.
De A-klassers keatsten yn in poule mei 4 twatallen allegar in kear tsjin elkoar. De partoeren Ruurd (Skearnegoutum) mei Pieter (Stiens) en Frans (Skearnegoutum) mei Lieuwe (Nijlân) wûnen beide harren earste beide partijen en moasten de tredde partij tsjin elkoar. In echte finale dus. Dit waard it lykwols noait, want Frans en Lieuwe walsten mei 5-0 6-0 oer Ruurd en Pieter hinne...
Al mei al haw we in moaie dei hân, mei tuskentroch efkes in ferfrissend buike. It bestjoer hie rom foldwaande helpers foar op de linen en as skiedsrjochter fersoarge, dat wie foar elkoar. Ek de catering yn't hokje wie wer goed fersoarge!
Sjoch yn it foto-album foar de foto's fan de priiswinners. Der wie ek in fotograaf oanwêzich dy't in soad aksjefoto's makke hat. Dy binnen as it goed is te fynen op www.myalbum.com/knkb.
FEDERAASJEWEDSTRIDEN JEUGD
Fan de federaasje Snits e.o. haw wy trochkrigen dat der noch fjouwer wedstriden foar de jeugd plakfyne sille:
Snein 16 augustus / 11.00 oere / plak ûnbekend (is net slim, dan haw wy dochs de Silobags partij!)
Freed 21 augustus / 16.00 oere / Hommerts-Jutryp
Freed 28 augustus / 16.00 oere / Goaiingea
Freed 4 septimber / 16.00 oere / Skearnegoutum
Opjefte foar alle wedstriden sa as altyd fia de KNKB-site.
WISTEN JO DAT...
- de jeugd fan Reahûs-Turns sa no en dan al wer meidocht oan KNKB-partijen?
- dit net sûnder súkses is?
- Jiska lêsten de earste priis yn de ferliezersronde by de pupille famkes hie yn Berltsum?
- Amber ferline wike sels de krânse pakte yn Achlum yn deselde kategory?
- sy derom ôfrûne snein yn Makkum yn'e A-klasse útkomme mocht?
- dit al wer in krânse oplevere? (sjoch foto ûnder)
- de jongeskeatsers Ate, Durk en Pieter kommend wykein meidogge oan de ôfdielingspartij yn Raerd?
- sy tawurkje nei de Freulepartij op 19 septimber?
- Pieter noch efkes wenne moat oan it idee en syn krachten sparret?
- der takom wike sneon en snein twa partijen plakfyne sille yn Turns?
- dit op sneon de pupille jonges fan de KNKB binne?
- en dit op snein de pleatslike matadoren fan ús eigen feriening binne?
- dit giet om de Silobags-partij?
- wy hoopje op in soad meiwurking en dielname foar beide partijen?
- at der minsken binne dy't sneon helpe wolle by de KNKB partij dit oanjaan kinne by Karst of Sjors?
- "vele handen licht maken?"

Amber mei har maat Jeldau út Lollum
TUSKENSTÂN KOMPETYSJE
Sûnt 10 juny wurd der op woansdeitejûn kompetysje keatst troch de, foaral jeugdige, senioaren. De dielname is wikselend, mar troch dat der troch de jonges en fammen ek traint wurd op woansdei is der altyd wol in groepke dat dernei kompetysje keatst. De absolute koprinner oant no ta is Ruerd Andringa, hy hat fan de sân kear dat er keatst hat seis kear wûn en pakte yn syn ienige ferliespartij fiif earsten. Dus de rest moat oan'e bak!
HYNSTEPAED KEATSEN
It is wer safier minsken! Nije wike wurd der wer keatst op it Hynstepaed yn Reahûs. Keatse sa't keatsen bedoeld is, mei in soad wille en publyk en fansels prachtige prizen oanbean troch de sponsor Café de Ree. Mark en Liset hawwe sneintemiddei open terras, dan sil ek de lotting plakfyne. Wa't it oandoart kin syn of har eigen lot yn hannen nimme! Dus jou jim op en kom snein nei de lotting! Keatse bliksum!
DE BOOTSMA PARTIJ
Nei de Altenburg Partij fan twa wike lyn, wie it ôfrûne sneon wer tiid foar de fermaarde Bootsma Partij (voor jou en voor...). Sawol de bern as de grutten keatsten mei de grutte bal. Dit wie foar guon bern wol efkes omskeakelje, mar fleksibel at se binne fansels, wie dit nei twa earsten keatse al wer gewoan.
De bern begongen om ien oere, mei yn beide klassen fjouwer twatallen. Dit wie bêst genôch, sjoen it oantal gesinnen wat al fakansje wie. Allegear koene se trije kear keatse en yn de B-klasse wie it partoer fan Piet de Jong en Age-Oane de Vries it sterkste. Lêst neamde die foar it earst mei oan in ledepartij en pakte fuort mar de krânse, prachtich! i Afke Galema en Wietske Poelsma pakten in moaie twadde priis. By de gruttere bern wiene it Rutger Altenburg en Hester Witteveen dy't (soms ek letterlik) mei kop en skouders boppe de rest út stuts. Sy wiene net te bekeatsen en wûnen alle trije partijen. Wiebren Tamminga en Pieter Wiersma wûnen in hiel fertsjinstlike twadde priis. De measte bern hawwe nei it keatsen noch efkes hearlik swommen!

Om fiif oere wiene de grutte matadoren oan bar. De âldste soan fan de sponsor, Anne Klaas, hie foar ekstra dielname soarge troch syn fanatykste maten te freegjen om mei te dwaan. Sadwaande koe der in moaie list gearstald wurde en waard der keatst mei in winners- en ferliezersronde. Yn de earste omloop wie der fuort al in tige spannede partij, tusken Meindert "De Túnker" Bonnema c.s. en Eduard Witteveen c.s. It wiene Eduard, mei Wietske (fan Sybren) en Tijn (fanatyke maat fan Anne K.) dy't mei 5-5 en 6-4 troch mochten yn'e winnersronde. Meindert, Johannes en Mart (noch in fanatyke maat fan Anne K.) hellen harren gram yn'e ferliezersronde troch hjir de twadde priis te pakken. Sy koene it yn'e finale net risse tsjin de krachtpatsers Christian Visser en Ate Schaap. Dy waarden dus earste yn'e ferliezers. Yn'e winnersronde wiene der oant de finale net echt spannende partijen, mar de finale waard de "kers op de taart" fan dizze edysje fan de Bootsma Partij. It publyk likte dan ek harren fingers ôf by safolle technyk, taktyk, raffinement en finesse, yn kombinaasje mei in bult kracht fansels... De partoeren fan Kees Galema, mei Durk en Wietske Bootsma en dat fan Jeffrey van der Werf, dy't keatste mei Sietske Poelsma en Sietske Witteveen joegen in ware demonstraasje fan grutte-bal-keatsen. Sa'n partij koe dan ek net oars beslikke wurde dan mei alles oan'e hang. Doe wie it Kees dy't mei syn bealch fol adrenaline de bal fleanend boppe feegde! Ta bliidskip fan Jeffrey en de Sietskes! Huh?! Wêrom dat no wer dan?! No, omdat mei dizze grutte bal partij de bal net yn ien kear oer de boppe slein wurde mei. Tenminsten, dat mei wol, mar dan binne de punten foar de opslachpartij. Foar Jeffrey en beide froulju yn dit gefal! Dus spitich genôch gjin krânse foar beide Bootsma's, Durk en Wietske. Mar gjin noed, nei in kertierke wiene se dit al wer fergetten en wie it noch lang tige gesellich ûnder it ôfdak yn Turns. Yn de "wandelgangen" is fernommen dat dizze partij takom jier wol ris in frije formaasje partij wurde kin... It earste partoer hat yn elts gefal al stelt... Wa't dit binne? Sjoch mar gau yn it foto-album!
DE 39e ALTENBURG PARTIJ
Juster wie dan einliks de langferwachte start fan it keatsseisoen. Wylst we gewoanwei begjinne yn it earste wykein fan maaie, wie it no justsjes letter yn't jier. Dus wie de Altenburg Partij de earste "krachtmeting" fan de lytse en grutte matadoren fan ús feriening. Sneon wie it noch hûnewaar en gûlde de himel dikke triennen, mar op snein wiene der allinnich noch mar skieppewolkjes en sinneskyn waar te nimmen. De bestjoersleden hiene alles yn ien wike even hupsakee foar elkoar bokst en sa koe der gewoan keatst wurde, einliks krekt as oars. Allinnich de maatregelen oangeande it "c-wurd" wat de catering en it hokje oanbelanget wienen wat oars as oars, mar dat wie foar ús flexibele feriening gjin enkel probleem! Sjapoo!
Dan it keatsen. By de bern wie der in moaie list, mei in A- en in B-klasse. Yn de B-klasse wiene der twa partoer dy't der wat boppe út stutsen, sy hiene de "finale" feitlik drekt al yn de earste omloop keatst. Doe moasten se tsjin elkoar en ferdielden om en om de buordsjes. It partoer fan Reinder Bootsma, Jan Flapper en Johan de Jong wie krekt wat earder by de einstreek as dat fan Piet de Jong en Wietske Poelsma. Beide partoeren wûnen hjir nei harren beide partijen, wat betsjutte dat Reinder, Jan en Johan der mei de hage fan troch gongen. Piet en Wietske waarden dus twadde. Yn de A-klasse wûnen Rutger en Steffi Altenburg én Wiebren Tamminga mei Jiska Altenburg harren twa earste partijen en moasten se de tredde tsjin elkoar. In echte finale dus. Nei spullen gelyk trape foaral Rutger it gaspedaal wat djipper yn en racete mei Steffi nei de finish. It waard 5-2. Wiebren en Jiska waarden dus knap twadde.
De striid by de grutte matadoren gong ek yn twa klassen en krige ek twa dik fertsjinne winnende partoeren. Yn de B-klasse, wie it Klaas de Brand dy't mei beide Jannen, Hoekstra en Altenburg, as in tornado troch de partijen gong en de tsjinstanders degradearre tot figuranten. Wylst Ytsen en Nieske yn harren earste beide partijen hiel ferstsjinstlik de winst pakten, wiene se yn de lêste partij net opwosken tsjin de "dadendrang" fan de Brand c.s. Yn de A-klasse wie it eins in bytsje it selde ferhaal. Hjir wiene it Sybren, Titus en Gerben dy't harren tsjinstanders der allinnich mar efkes oan rûke lieten. Wytse, Ate en Kees mochten noch it measte rûke, mar doe't it écht spannend drige te wurden, stie de kening op en blies er it sprookje út.
De keningskommisje like it hast efkes dreech te krijen, mar doe't de stofwolken oplutsen wiene waard doch wol dúdlik dat der gjin diskusje oer wêze koe:
Klaas en Sybren meie harren foar 1 jier Majesteit neame.
Der is nei de tiid noch efkes gesellich neipraten oer it keatsen en de oare wichtige bysaken yn it libben. Dat hiene we dochs wol mist! Bliid dat we wer los binne!
Tige tank eltsenien en oant nije wike by de Bootsma Partij!
WE BIN WER LOS!!!
WIKSELPRIZEN 2019
Oan de ein fan it seisoen wurde der bulten wikselbekers útrikt, net by te hâlden! Sa ek juster, we sette se foar jo op in rychje:
KOMPETYSJE JEUGD
De jeugdkommisje ferdield de prizen altyd oer in A- en in B-klasse, mei fiif prizen yn eltse klasse. De wikselbeker giet nei dyjinge dy't fan beide klassen de measte punten helle hat. Dizze "overall" winner wie Wieke Schaap!
Alle priiswinners:
B-klasse
1. Wieke Schaap (58-37)
2. Reinder Bootsma (52-21)
3. Fenna Vellinga (51-33)
4. Welmoed Hylkema (49-31)
5. Piet de Jong (49-39)
A-klasse
1. Wiebren Tamminga (54-35)
2. Brecht Tamminga (47-38)
3. Durk Bootsma (46-22)
4. Amber Goedbloed (46-44)
5. Elbrich de Jager (42-34)
KOMPETYSJE SENIOAREN
By de senioaren wie it Jeffrey v/d Werf dy't de measte punten sammele hat. Mei in goeie twadde Anna-Boukje en Ruerd eindige as tredde. Sa't jim al lêze koenen yn it ferslach fan de Piet v/d Hoff/Allicht Partij, moest Jeffrey earder fuort te melken.
Soe Jeffrey it sa dwaan?
JAN BAKKER BOKAAL JEUGD
Foar de lêste partij fan juster wiene der op papier noch trije talenten dy't dizze bokaal winne koene. Te witten Piet, Reinder en Steffi. Mar dan moesten de lêste twa wol de krânse winne en mocht Piet net yn'e prizen sitte. Dit slagge Reinder en Steffi net en Piet hâlde syn kop der goed by en pakte gewoan in punt (earste fan'e ferliezers). Dus de grutte bokaal gong mei nei de Ivige Leane!
JAN BAKKER BOKAAL SENIOAREN
By de senioaren wie it sa mooglik noch spannender as by de jeugd! Jan S. en Simke stiene op 6 punten en Ruerd en Haye op 5. Om't Ruerd by Simke lotte hie, koe hy syn aspiraasjes drekt al oan'e kant sette. Bleaunen oer Jan, Simke en Haye. Jan siet net yn'e prizen, dus hy bleaun op 6 stean. Simke waard twadde en kaam op 8 punten. En Haye wûn de krâns, dus totaal ek 8! It bestjoer hat doe it reglemint der op neiplúze en doe dy blyken dat de kompetysje einstân de trochslach jaan moast. No, dan wurd it wol dúdlik soene je sizze, grutte kâns dat dêr ferskil yn sit fansels... Dat gong even oars! Hiene Haye en Simke net beide 14 punten? Beide twa kear west en twa kear wûn! Doe koe it bestjoer net oars as beide mannen út te roppen as winner. Foar de twadde kear yn'e histoarje fan dizze bokaal. Is't net moai?
PIET V/D HOFF - ALLICHT PARTIJ
En ja hjer, juster wie it al sa fier, de lêste keatspartij fan it seisoen. Wat is dat hurd gongen! Neeee, tiid hâld gjin skoft... ( ) Mar it wie prachtich waar en sawol by de bern as de grutten genôch opjefte om der in moaie dei fan te meitsjen. En in moaie dei, dat waard it!
Te begjinnen by de bern. Normaal sprutsen dogge der genôch bern mei om in A- en B-klasse te meitsjen, dat siet der juster helaas net yn. Mar der wie wol in moaie lsit mei acht twatallen dy't keatsten yn in winners- en ferliezersronde. By de ferliezers wiene Piet en Sjoerd G. as winners út de betyden fûleindige striid. Yn de winnersronde kamen Wieke en Marije yn'e finale, wêr yn se it opnimme moasten tsjin broer en sus Witteveen, Tsjeard en Hester. Hester wie bylotte foar Afke, dy't in blessuere oan har pols oprûn hie (se wie letter al wer op it fjild gelokkich!). Wieke en Marije makken gau dien wurk en pakten sadwaande de lêste krânsen fan it jier.
By de senioaren hiene harren 21 man en frou opjûn en at je dan moarns op it fjild komme hinget der normaal sprutsen in keurig listje mei de partoeren. Sa net justermoarn! It bestjoer tovere ris efkes wat oars út'e hege hoed, te witten in iepenbiere lotting! Sadwaande koene de keatsers harren lot yn eigen hannen nimme. Dat wie alderaardichst fansels, dan krije je noait gjin kommentaar (no falt dat oars ek wol ta, sa ist ek wer). Mar hawar, it gong oan en doe't de hege hoed (dy't hjeard by it troupak fan Karel Andringa) leech wie, stiene der twa kear fjouwer partoer op'e list.

Yn de B-klasse blykten de partoeren fan Inez, mei Aiso en Amarins, en dat fan Haye, mei Annemieke en Kerst it sterkste te wêzen. Dus wie harren ûnderlinge konfrontaasje beslissend en dat waard wûn troch Haye c.s., dus stiene sy nei ôfrin mei de hage om! By de matadoren fan ús feriening wie it in earste-tellerij fan "heb ik jou daar". Eintsjebeslút wie it ferskil tusken de nûmers ien, twa en trije steeds ien earst. De dappere striders Titus en Kees koene spitich genôch net oanheakje by dit geweld, mar dat kin takom jier sa wer oars wêze. Dizze mannen hawwe net foar neat de Eeuwige Jeugd! Nei trije partijen wiene it Folkert en Ate dy't 19 punten hiene, Simke en Ruerd hiene ien punt minder. Sy waarden dus earste en twadde. De (dik fertsjinne, mar net oanwêzige) brûnzen medalje gong nei Meindert en Gerben. No tinke jim drekt: mar Jeffrey wie dochs by harren as tredde maat? Jawis wie dat sa, mar om't it prizejild by ús feriening noch net opweaget tsjin it lean as melker, moest Jeffrey foar de tredde partij meitsje dat er yn'e melkstâl kaam...
Sjoch foar mear foto's yn it foto-album.
DE ÛNTKNOPING FAN IT SEISOEN!!
Kommende snein is yn Reahûs al wer de ûntknoping fan it keatsseisoen 2019. Dan stiet sawol foar senioaren as de jeugd de Piet v/d Hoff/Allichtpartij op it programma. Neist de deiprizen, wurde dan ek de kompetysjeprizen útrikt en wurde de winners bekend fan de Jan Bakker Bokaal. Fansels wurd it ek noch prachtich waar, dus alle ingrediënten binne oanwêzich foar in bjusterbaarlik barren! Jou jim op by Titus of fia de app fan de keatsferiening.
Dit is de tuskenstân fan de Jan Bakker Bokaal senioaren en jeugd mei noch ien partij te gean:
NACHTKEATSEN
Nei jierren fan allinnich mar oerdei keatsen, fûn in groepke jeugdleen it wer ris tiid foar keatsen yn't donker! Se woene it sels wol organiseare. No, dat moat altyd wêze fansels sei it bestjoer, kreativiteit moat je beleane, dus ôfrûne sneon en snein gong it oan. Der stiene mar leafst 20 partoeren fan 2 man/frou op'e list! Machtich moai! Der koe fanwege in ûnwaarsbui net drekt om 20.30 starten wurde, mar nei trije kertier opûnthâld wol. Efkes mei twa earsten gelyk begjinne en alles rûn wer feilloos op skema.
In neidiel fan machtkeatsen is dat it donker is en wol ris let wurde kin.
Sa kin it ek wol ris gebeure dat der net in folsleine byholden list by de webmaster bedarret. Jout neat! We pakke de wichtigste saken efkes by de poat:
- Sigrid v/d Werf en Maren Bulthuis wûnen yn'e ferliezersfinale fan de B-klasse fan Ynze Leijenaar en Petra Koopmans
- De finale yn de winners waard wûn troch Johannes Breeuwsma (sjocht krekt as syn omke P.L. v/d V. nachts alderferskuorrende skerp!) en Tessa Ottens
- Sy fersloegen de Reahúster Ladies Amarins Gerbrandy en Froukje Altenburg
- Pieter Lieuwe koe yn de A-klasse it foarbyld fan syn neefke net folgje en keatste yn'e ferliezersronde.
- Hy die dit mei Ruerd Andringa hielendal net ûnaardich en helle hjir de finale, dy't se ferlearen fan Jeffrey v/d Werf en Johannes Gerbrandy
- De "big final" yn de winnersronde gong tusken Sjors Altenburg mei Nieske Hoekstra en Folkert v/d Werf mei Hieke Bootsma. Earstneamden lieten der gjin gêrs oer groeie en wûnen redelik maklik (oer de exacte útslach taaste we noch yn't donker...)
Al mei al in tige slagge jûn en nacht! Mei tank oan sponsor Joke Witteveen en de kommisje besteande út: Ruerd, Gerben, Ytsen, Anna-Boukje en Trudie. Dit kin wol wer ris!
Sjoch foar mear foto's yn it foto-album.
JOOSTEMA PARTIJ
Juster wie in Turns in bysûndere Joostema Partij, it wie de earste sûnder de inisjatyfnimmer en nammejouwer fan dizze partij, Joost Schaap. Syn frou Klaske hie in foto fan Joost mei in kerske der by op tafel setten, sadat Joost der dochs de hiele dei by wie. Ek Sybren hie by de iepening oan Joost tocht en hie in moai stikje skreaun.
Doe koe it los gean! Der stiene tsien partoeren op'e list, dus der koe in list keatst wurde mei winners en ferliezersronde. Oan it ein fan de dei stie der yn neide finales in pake- en beppesizzer fan Joost en Klaske, dat is dochs wol bysûnder te neamen. By de ferliezers wie dat Joost Terpstra mei syn maten Jouke Dotinga en Albertsym Fekken, sy moasten it opnimme tsjin Jan Peter Bootsma, Jan Johannes van der Kamp en Nolke Bergstra. Dit waard in iensidige partij dy't mei 5-0 wûn waard troch Jan Peter c.s. Yn de finale fan de winnersronde wie it dy oare neiteam fan Joost en Klaske, Boukje Terpstra, dy't it mei har maten Simke Altenburg en Durk Bootsma opnimme moest tsjin Sybren Poelsma en Harm Dijkstra. Dit waard in moaie partij, mei mar in bytsje flaters. Op 5-4 en 6-0 wiene it úteinlik Sybren en Harm-Auke dy't oan it langste ein lutsen.

By de priisútrikking krigen net allinne de winners fan it keatsen in krânse, mar ek dy oare beide toppers: Bart-Jan en Klaske fansels! In moaie ôfslúting fan in bysûndere dei.
DURK IS BACK IN BUSINESS!
Sa lizze je yn it sikehûs fan Grins en sa dogge je al wer mei oan in KNKB-partij foar skoaljonges! En fleane je net foar niks nei Niawier! Durk Bootsma die hjoed foar it earst sûnt syn operaasje wer mei oan in keatspartij en pakte fuort in priis, de earste fan de ferliezers. Mar it wichtichste is dat er wer keatst, dat is hardstikkene moai. Best genôch Durk!
Durk (twadde fan links) wer yn'e prizen!
KEATSBLOKJES (26)
- Ôfrûne woansdei wie de heechtijdei foar alle jongeskeatsers, de Freulepartij yn Wommels. It partoer fan Reahûs-Turns stie fansels ek op'e list en maost oantrede tsjin outsider Baerd, in drege lotting dus. Jeffrey, Pieter en Ruerd kamen flitsend út'e startblokken en pakten in 6-2 foarsprong yn it wichtige earste earst. Spitich genôch kaam Baerd werom tot 6-6 en koene ús boys de keats net foarby. Hjir nei wie BAerd de senuwen kwyt en rûnen se troch nei in 4-0 foarsprong. Reahûs-Turns pakte noch wol in buordsje, mar op 5-1 en 6-4 wie it dien. Dat Baerd in goed partoer wie, blykte letter op'e dei, se makken it de lettere winner Winsum goed lestich (5-4 ferlies) en pakten in 4e priis.
Pieter yn aksje foar in grut oantal fans út Reahûs en Turns
- It is dan wol fakânsje, mar de pupille famkes keatse gewoan troch, en net sûnder súkses! Op 14 july wûn Wieke de earste priis yn Goaiingea (mei Rianne út Ingelum), op 21 july wûn Jiska de krânse yn Hurdegaryp (mei Lisanne út Lollum) en op 4 augustus pakte Steffi in tredde priis yn Boalsert (mei Nina-Claire út Bitgum). Lokwinske dames!
FERSLACH HYNSTEPAED KEATSEN
Foarige wike stie folslein yn it teken fan it Hynstepaed keatsen. Nei trije jier radiostilte stie dizze unyke keatserij wer op it programma. Mark en Liset hiene der ek tige nocht oan en stelden de prizen beskikber. Tige tank hjir foar! Der wie in moaie list mei 8 twatallen. Elts partoer keatste op tiisdei en tongersdei twa kear en de partoeren mei de measte punten gongen troch nei de finalejûn op freed. Der is fûleindich striden om de punten. Wat it keatsen op it Hynstepaed sa moai makket is dat it dak en de muorre gewoan mei dogge yn it spul. Sels in bal yn'e goate is gewoan in keats! Mei tank oan Joop Bootsma, dy't de spulrigels goed bewarre hie fan de eardere kearen.
Freedtejûn wie de finalejûn fan de keatserij op it Hynstepaed. It waar wie wer moai en der wienek wer aardich wat publyk. Yn de earste heale finale eûnen Meindert en Bote fan Folkert en Elske, mei 5-2. De oare heale finale, tusken Kees en Joop en Simke en Johannes, eindige ek yn 5-2. Yn it foardiel fan lêst neamden. It publyk makke har klear foar in moaie spannende finale! Spitich genôch is it net spannend wurden, Meindert en Bote hiene net de foarm fan de eardere partijen. Úteinlik waard it 5-1 en 6-0 foar Simke en Johannes.

We hawwe in prachtige keatswike hân en Mark en Liset fan Café de Ree hawwe drekt oanjûn dat we dit takom jier wer dogge! It wie tige slagge!
Sjoch foar mear foto's yn it foto-album.
KEATSE OP IT HYNSTEPAED!
Nije wike is is wer ris sa fier; dan wurd der wer keatst op it Hynstpaed. Der stean al in moai nussie keatsrs op'e list, maar der kinne noch wol mear by! Moarntejûn gean we lotsjen, dus oant dan kin jim jim noch opjaan. Leafst fia de Whatsapp by Simke (06-54622333).
TURNSER FEESTEN
Ôfrûne freed wie it feestkeatsen yn Turns. By de jeugd wûnen Reinder en Fenna de krânse yn de B-klasse en Doede (nei fjouwer jier net keatst te hawwen...) en Steffi yn de A.
De senioaren keatsten mei de grutte bal, der wiene 10 partoer yn de B-klasse en 6 yn de A. De krânsen waarden yn de B-klasse wûn troch Aiso Agricola, mei syn assistintes Marieke TvS en Geke van der Zijp. Yn de A-klasse hie Folkert v/d Werf assistinsje fan de jonge hûnen Pieter de Jong en Jeffrey v/d Werf op wei nei de krânse.
Sjoch foar de foto's en alle priiswinners yn it foto-album.
DE BOOTSMA PARTIJ
Sneon wie ek de dei fan de Bootsma Partij, al jierrenlang in klassieker foar Reahûs-Turns.
By de jeugd stiene acht partoer op'e list, keurig ferdield oer in A- en B-klasse. Eltsenien koe trije kear keatse. Yn de B-klasse wûnen Reinder en Berber alle trije partijen mei oermacht: 5-0, 5-1 en 5-0, dan binne je de terjochte winners! Twadde waarden Corrie en Nico, sy wûnen twa fan de trije partijen. Yn de A-klasse wie it justjes spannender, der stuts net ien partoer mei kop en skouder boppe út. Nei dat se harren earste aprtij mei 5-4 ferlern hienen, wûnen Jan en Piet harren oare beide partijen, 18 punten dus. Brecht en Sjoerd én Wiebren en Pieter wûnen ek twa kear, mar yn harren ferliespartij hellen se mar 2 earsten. Jan en Piet wiene dus de winners. Foar de twadde priis kaam it oan op tsjinearsten en it wiene Brecht en Sjoerd dy't 1 tsjinearst minder hiene as Wiebren en Pieter...
De priiswinners by de jeugd op'e foto mei de sponsor, Klaas en Wietkse: TIGE TANK!
De senioaren moasten it dwaan mei 6 partoer op'e list, net in oantal wêr bestjoer en sponsor op hope hiene, mar ja, je hawwe it net ien'e hân. Wa't der wol wie hat moai keatst oan de útslaggen te sjen en it wie prachtich waar om efkes gesellich nei te sitten. Yn poule 1 wûnen Berry, Ruerd en Hieke twa partijen, dus sy gongen nei de finale., dit wie net sa dreech. Mar om in finalist út poule 2 te krijen, dàt wie noch net sa maklik! Alle trije partoeren kamen op 12 punten, troch trije partijen dy't eindigen yn 5-5. Nei in wiskundig hoogstandje fan de wedstriidlieding wêr Einstein noch in puntsje oan sûge kin, kamen Sjors, Marieke en Gerben as poulewinners út'e hege hoed. Sy wûnen yn'e finale mei 5-2 en 6-2 fan Berry c.s.
Sjoch foar alle foto's en priiswinners yn it foto-album.
PUPILLE FAMKES TREDDE OP NK!
Sneon keatsten Jiska, Amber en Wieke op it NK Pupille famkes yn St. Anne. Op'e hinnereis fregen se al hoefolle kear se winne moasten om in priis te winnen... Ho, ho, earst mar fan Boalsert winne yn'e earste omloop wie it antwurd fan de kootsj. No, dat diene de famkes, en hoe! It waard mar leafst 5-1. Doe koene we sjen nie de folgende tsjinstanner, dat wie Winsum. Ek no waard it wer 5-1 foar Reahûs-Turns. Doe waard it dochs wol spannend, want noch ien kear winne en se sieten yn'e prizen... Dat moast dan gebeure yn'e streekderby tsjin Goaiingea. Dit waard in wiere thriller! Nei twa earsten gelyk, fjouwer om'e twa efter, in wiksle yn it perk, fiif om'e fjouwer foar, fiif earsten gelyk, seis twa foar, kaam úteinliks alle hout oan'e tillegraaf. Wieke sloech in dikke keats by de boppe en dizze waard troch in tuskenynse opslachbal fan Jiska goed ferdiegene! De heale finale wie in feit! Geweldich! Yn de heale finale wie it sterke en degelike partoer fan Lollum/Waaksens mei 5-2 te sterk. De koek wie op, mar se hiene in prachtige tredde priis!
 
Mear foto's en ferslaggen binne ek te sjen op knkb.nl en kaatsnieuws.com
KNKB TWADDE KLASSE HEAREN
Juster hiene we yn Reahûs de hearen twadde klasse keatsers te gast. Der stiene mar leafst 20 partoeren op'e list, dus we moasten de gong der yn hâlde! Yn de earste omlopen waard der faaks dreech keatst dus it seach der nei út dat it wol ris in lange dei wurde koe... Troch dat de wedstrydlieding de perken hieltyd goed fol hie en we genôch karmasters hiene, haw we der alles oan dien om dochs foar seizen út te wêzen. De keatsers hawwe hjir ek noch efkes oan meiholpen troch in frij snelle heale en hele finale.
Ús nije lid Gerrit-Jan Duiven fielt him drekt thús yn Reahûs, want hy helle drekt de finale! Der yn wienen de mannen út buordoarp Easterein dochs te sterk, it waard 5-2 6-6 foar Dirk-Yde Sjaarda, Robert Sybesma en Jan Schurer. Gerrit-Jan keatste mei Hendrik Bouwhuis en Leon Bekema. De tredde priis gong nei Simon Zijlstra, Jelle Scharringa en Paulus-Yde Walda. De oare pleatslik favoryt, Sybren Poelsma (hy keatste mei Doede-Rients Okkema en Sjoerd Teake Kooistra), koe it yn'e twadde omloop spitich genôch net bolwurkje tsjin Willem-Jan Postma c.s. en ferlear mei 5-3 6-6.
It bestjoer wol de frijwilligers dy't mei holpen hawwe noch ris tige tank sizze!
In spesjaal tankwurd is ek noch op syn plak foar de sponsor fan dizze partij, Politiek Fourages fan Lollum.
De priiswinners foar it boerd fan Politiek!
KEATSBLOKJES (25)
- Freed yn Goaiingea wie der wer federaasje súkses by de jeugd. In 1, 2, 3 by de pupille famkes (Steffi, Wieke en Jiska) en in 1 by de jonges (foar Tjerk)! Lokwinske!
Tjerk yn'e krânsen!
- De skoaljonges Ate en Durk (Wiebren soe ek mei mar dy wie spitich genoch siik) keatsten sneon it NK yn Tsjommearum en dit gong hielendal net ferkeard! De earste omloop wûnen se maklik fan Lollum. De twadde omloop wie tige spannend, Bitgum wie de tsjinstanner. It waard fiif earsten gelyk en doe drukten de boys troch nei de oerwinning! Noch ien omloop winne en je sitte yn'e prizen hjear ik jim tinken. Mar de tsjinstanner yn'e tredde omloop wie Ljouwert, ien fan de kânshawwers. Dy lieten der gjin gers oer groeie en de dappere striders yn it read moasten mei fiif om ien belies jaan. Dit wie serker gjin skande want Ljouwert wûn oan it ein fan de dei de earste priis. Best keatst Ate en Durk!
Ate en Durk yn de krite
TUSKENSTÂN KOMPETYSJE SENIOAREN
It kompetysjekeatsen by de senioaren is al een aardich ein op streek. Sa njonkenlytsen liket der wat tekening yn'e striid te kommen. De top trije, Jeffrey, Trudie en Anna-Boukje, hawwe harren losmakke fan de rest fan it fjild en binne op wei nei it poadium...
ALTENBURG PARTIJ
Juster waard ûnder hast perfekte waarsomstannichheden de 38e Altenburg Partij ferkeatst.
By de bern wiene yn sawol de A- as de B-klasse 5 twatallen. Dus twa kear keatste en dan de finale tusken de partoeren mei de measte punten. Yn de B-klasse wiene dit Tsjeard Witteveen en Jan Flapper en Piet de Jong mei Welmoed Hylkema. De lêsten kamen fjouwer om'e ien achter mar kamen goed werom en it waard hieltyd spannender... Úteinlik kaam alle hout oan'e tillegraaf en wie it Welmoed dy't de partij mei in fliegende sitbale útmakke. Yn'e A-klasse gong de finale tusken Amarins Gerbrandy en Steffi Altenburg tsjin Rutger Altenburg en Amber Goedbloed. Dit wie net sa spannend as de finale yn'e B-klasse, mar dochs waard it in moaie partij. It wiene Amarins en Steffi dy't de winst pakten mei 5-4 6-4.

De senioaren koene wer ris yn in A- en B-klasse keatse! By de B's wiene 6 partoer, dus twa poeltsies en dan de finale. Yn beide poules stutsen der twa partoer boppe út. Christel, Inez en Haye yn de iene en Joop H., Jan S. en Johannes G. ien de oare. Dus dit waard ek de finale. Hjir yn wiene de trije mannen te sterk foar Haye en syn froulju. Yn de A-klasse keatsten de fjouwer twatallen allegear in kear tsjin inoar. FC Degelik, Eduard en Jeffrey, wûnen twa kear en ferlearen ien kear mei 5-5 6-2. Dus 19 punten. Dit wie krekt net genôch foar de winst, want dy gong nei FC Slypsterwei 4, Simke en Frans. Sy wûnen alle trije partijen. De traditionele keningsprizen wiene foar Joop en Simke.
Hardstikke leuk wie dat Bote en Mieke der wiene te sjen en om de prizen út te rikken op harren eigen partij. Sjoch foar mear foto's yn it foto album.
FEDERAASJE ÔFDIELING YSBRECHTUM
De welpen jonges Piet en Nico wûnen in kear en ferlearen twa kear, krekt net genôch foar in pryske mar moai keatst!
De pupille jonges Sjoerd, Tsjeard en Wiebren pakten wol punten, mar net genôch earsten... Oare kear better!
De pupille famkes hiene twa partoer en net sûnder súkses! Hester, Amber en Jiska ferlearen de earste omloop, mar herstelden harren knap en wûnen dernei twa kear. De earste priis fan de ferliezersronde dus! Wieke en Steffi wûnen twa kear en stiene dus yn’e finale. Se kamen 3-1 achter, 5-3 foar, it waard 5-5, en yn it lêste earst wiene ús froulju it skerpst, de krânse dus!

Durk en Ate sloegen by de skoaljonges foar best op! It wie krekt net genôch foar de earste priis, nar in moaie twadden wie der wól!
De famkes Inez en Hieke koene mei syn beiden krekt net genôch by sette en ferlearen twa kear.
Ta beslút it flaggeskip fan ús jeugdôfdieling, de jonges! Se keatsten trije kear en nei in taktische wiksel nei it ferlies yn’r earste partij gong it better. Se waarden dochs noch twadde! Best genôch!
KEATSBLOKJES (24)
- Juster waard yn Frentsjer de Bûnspartij foar hearen senioaren ferkeatst. Foar Reahûs-Turns keatsten Gerrit-Jan, Simke en Meindert mei. Yn de earste omloop waard frij maklik wûn fan Easterwierrum mei 5-2 6-6. De tsjinstanner yn'e twadde omloop moast komme út de dorapsstriid fan Moarre-Ljussens. It waard it earste partoer út de Dongeradelen, mei Auke Boomsma, Germ-Hein Wytsma en Jelle-Jaap Stiemsma. It begong hieltyd hurder te waaien op de fuotbalfjilden oan de Hertog fan Saksenleane, dus de mannen út Súd-Denemarken fielden harren as in fisk yn it wetter. It waard in spannende partij mei wikseljende kânsen. Ús mannen kamen mei trije om ien efter, mar knokten harren knap werom en pakten sels in fjouwer om trije foarsprong. Doe waard it seis gelyk en sloech de lange efterynse, Stiemsma, de bêst opsleine bal fan Gerrit-Jan in bytsje gelokkich boppe. Dit joech Moarre-Ljussens in ekstra boost en se rûnen samar troch nei de winst... Spitich! Der hie wol mear yn sitten, mar goed, de oaren makken krekt efkes wat minder fouten. Moarre-Ljussens wûn der nei fan Húzum en sels ek fan Sint-Jabik! Se sneuvelen pas yn'e heale finale tsjin It Hearrenfean.
- Sybren Poelsma en Wytse Hofstee diene juster ek mei oan'e Bûnspartij. No hjear ik jim tinken, huh? Dat binne dochs ek leden fan ús feriening? Jawol, mar sy wenje yn resp. Dronryp en Easterein en moatte derom ek foar dy doarpen útkomme. Sybren hiene we op Himmelfeartsdei ek al yn it oranje/grien fan VVV Sjirk de Wal sjoen, dus dat wie al min of mear "went". Mar de bliere holle fan Wytse boppe dat griene sjurt fan Easterein wie dochs wol even skrikke... We hjeare it him noch sizzen: "Ferrek mar, dat sjurt sil ik noait oan dwaan!" Oant no ta binne der noch gjin foto's fan en miskien maot we dat ek mar sa hâlde. Dochs gjin ferkeard wurd oer it keatsen fan Wytse mei syn maten Hendrik Sweering en Doede Rients Okkema trouwens, want se wûnen de earste omloop fan Damwâld en ferlearen der nei fa, jawol, Dronryp 2 mei Sybren yn'e gelederen! De leasten pakten der nei de wrâldkampioenen fierslaan Harns (Arie den Breejen en Dylan Drent) ek noch en sieten dus yn'e prizen. Se ferlearen yn'e fjirde omloop mar krekt fan Dronryp 1. Mar dochs mar wer, yn 2014 wûn er ek ien mei Meindert en Simke foar Reahûs-Turns, in moai ierdewurken pantsje foar Sybren. Lokwinske!
- De famkes Trudie, Inez en Ires wûnen sneon yn Berltsum in prachtige twadde priis by de famkes ôfdieling. Fia Makkum 2, in steand nûmer en Makkum 1 kamen se yn'e finale tsjin Easterein. Dy wienen dúdlik sterker en wûnen mei 5-2. In moaie twadde priis foar ús famkes en in goeie "generale" foar it NK fan nije wike.
- Ôfrûne freed wie der federaasjekeatsen foar de jeugd yn Drylts. Nico de Vries wûn by de welpen jonges in moaie twadde priis mei Jorrit út Skearnegoutum.
PEARKEKEATSEN GIET NET TROCH!
Wat is der oan'e hân? Bin al ús leden yn relaasjekrisis? Wurd it te waarm? We witte it net... Der hawwe sich mar twa pearkes opjûn foar it Pearkekeatsen fan moarn (snein). Dit is tige spitich fansels en it bestjoer hat dan ek beslúte moatten om it net troch gean te litten. It is net oars...
Keatsblokjes (23)
- Yn Keatsblokjes 22 waard al meding dien fan it "nije" ôfdielingspartoer fan de hearen senioaren dy't yn Tsjommearum op'e list stiene. No, dit gong net ferkeard, mar se hawwe harren sels net beleane kinnen. Gerrit-Jan, Simke en Meindert leinen yn de earste omloop St. Jabik fakkundig op'e slachtbank en fernederden de Bildkerts mei skjinne fiif earsten. De twadde omloop moast der oantreden wurde tsjin Makkum. Dit gong yn it begjin ek as it slydjaget, mar nei in fjouwer om ien foarsprong koenen de mannen net trochdrukke. It waard hast alle kearen seis gelyk, mar eltse kear pakte Makkum de buordsjes. It wie de beste man by Makkum, opslagger Jelle Attema, dy't op 5-4 en 6-6 in ûnferwurkbere sitbal joech en it sprookje fan ús mannen útblies. Spitich, mar dit bied seker hoop foar de Bûnspartij op Pinkstermoandei yn Frentsjer!

Jelle Attema fan Makkum blies it sprookje út.
Federaasje jeugd
Juster hawwe we mei syn allen wer yn't spier west om de jierlikse Federaasje Partij foar de jeugd yn goeie banen te lieden. De jongste jeugd keatste yn Reahûs en de âldere bern yn Turns. De jeugdkommisje hie yn beide plakken de saken goed foar in oar. Der wiene genôch wedstrydlieders/skiedsrjochters, yn de hokjes waard wer fan alles ferkocht en se holden sels de "supervisie". Dit alles saorge der foar dat de bern moai trochkeatse koene en alles moai flot ferrinne koe. Sjapooo foar de jeugdkommisje en alle frijwilligers!
Fansels diene der ek wer in flink oantal "eigen leden" mei. Hjir fan sieten Afke, Tsjeard, Nico, Steffi, Sjoerd, Ate, Hieke en Tjerk yn'e prizen. Lokwinske allegear!
Sjoerd (links) yn'e krânsen mei syn maten Thijs en Ruben.
Sjoch foar alle foto's yn it foto-album.
Keatsblokjes (22)
- De foto's fan de priiswinners fan de Ouder Kind Partij stean yn it foto-album. Út betroubere boarne is fernommen dat der fûleindich, mar sportyf keatst is juster! Tige slagge!
- Kommende tongersdei (Himelfeartsdei) sil it gloednije ôfdielingspartoer by de senioaren foar it earst de krite yn! De mannen hawwe fersterking krigen fan Gerrit-Jan Duiven fan Hartwert, dy't no oan de Doniadyk yn Hidaard wennet. De TC wie dan ek fan't winter al dwaande om de hearen keatsers yn de goeie "mindset" te bringen, want je krije net elts jier fersterking fan in KNKB-keatser fan Keatsferiening Spui yn'e Want! De earste tûkelteam is Sint Jabik 2, we binne tige benijd...
Tuskenstân kompetysje senioaren
Nei trije wedstriiddagen is dit de tuskenstân fan de kompetysje by de senioaren:
Silobags Partij
It wie juster wer in genot om te fertoeven oan de boorden fan de Frentsjerterfeart op it fjild yn Turns. It liket dan wol it Ibiza fan de Fryske keatserij, hielendal doe't der nei de partij jeugdleden yn it (noch stienkâlde) wetter sinjaleart waarden...
It bestjoer hie har wer ynspant om sa folle mooglik keatsers en keatsters oan te spoaren om mei te dwaan en it risseltaat mocht der wêze: in prachtige list mei 8 partoer! Dat wiene der al wer 2 mear as by de Rabobank Partij. Sjen at we dizze stiging fêsthâlde kinne! Yn de ferliezersronde wiene it Eduard, Kerst en Hieke dy't harren in wei fochten nei de finale. Mei in beslissende rol foar Hieke, dy't yn'e heale finale by in 5-5 en 2-6 efterstân trije sitballen sloech! Harren tsjinstander om yn'e finale wiene Christian (haadsponsor fan dizze partij), Bote en Meint. It waard in moaie striid dy't pas op 5-5 en 6-4 beslikke wie yn it foardiel fan Eduard c.s. By de winners keatsten Woeste Wytse en Anne yn'e finale tsjin Simke, Marieke en Marijke. De minsken dy't hoopten op in spannende finale waarden spitich genôch net yn har winsk temjitte kommen. Wytse hie it kanon net op skerp... It waard in iensidiche 5-2 6-0 foar harren tsjinstanner.
By de bern gong de winst yn'e B-klasse nei Wieke en Afke, nei in prachtige en spannende finale tsjin Amber en Welmoed. De gruttere bern yn'e A-klasse keatsten allegear in kear tsjin elkoar en hjir wiene it Amarins en Wiebren dy't de measte punten hienen. Se wûnen trije kear. Brecht en Steffi waarden twadde.
Al mei al wer in tige slagge keatsdei! Christian: tige tank foar de sponsoring!
Sjoch foar alle foto's yn it foto-album.
Súksessen 17/18/19 maaie
Ôfrûne freed wiene der ferskate jeugdleden dy't yn'e prizen sieten by de Federaasje Partij yn Boazum, in oersicht:
Jonges:
Ruerd Andringa 1e priis
Pieter de Jong en Tjerk Andringa 2e priis
Famkes
Trudie Hoekstra 2e priis
Skoaljonges
Ate Schaap 2e priis
Pupille jonges:
Wiebren Tamminga 1e priis
Pupille famkes
Wieke Schaap 2e priis
Welpen:
Piet de Jong 1e priis

Juster yn Raerd wie it ôfdieling foar skoaljonges, hjir diene Ate Schaap en Durk Bootsma oan mei. Se ferlearen spitich genôch fan Seisbierrum yn'e earste omloop, mar Durk pakte noch wol efkes in moaie twadde priis by de troch inoar lotters partij. Tegearre mei Milan van der Weg út Easterein, in neiteam fan it ferneamde keatslaach van der Hoff...
Keatsblokjes (21)
- Juster (snein) wie yn Turns in KNKB partij foar skoaljonges, mei A- en B-klasse. Hjir diene Ate, Durk en Rutger mei fan ús eigen feriening en dit diene se hielendal net gek. Twa fan de trije yn'e prizen sels! Ate ferlear spitich genôch yn'e twadde omloop, mar hat best keatst. Durk ferlear mei Enrico yn'e earste omloop, mar die it dernei tige goed yn'e ferliezersronde. Hy kaam yn'e finale en ferlear mar krekt, mei 5-4 6-4. Rutger kaam mei syn maat Jurre út Eksmoarre tot oan de finale fan de winnersronde, mar de mannen hiene te lang rêst hân warskynlyk en kamen net mear op gong. Al mei al wie it moaie keatsdei, tige tank oan alle frijwilligers!!! Sjoch foar alle priiswinners yn it foto-album.
- We komme noch efkes werom op it foarige wykein. Doe wûn Sybren Poelsma, mei syn maten Doede Okkema en Sjoerd Teake Kooistra de earste priis by de frije formaasje partij foar twadde klassers yn Menaam. Dit is it fermelden fansels noch wol efkes wurdich!

Doede Rients, Sjoerd Teake en Sybren (foto: kaatsen.nl)
- Yn de wintermoannen hawwe der ûnderhannelings plakfûn oer de transfer fan Iris Oosterbaan fan Skearnegoutum nei KF Reahûs-Turns. Neffens it ienlingenbelied fan de KNKB is it mooglik dat in keatser of keatster, as hy of sy gjin ôfdielingspartoer yn harren wenplak hat, oanslúting sykje mei by de tichtstby lizzende feriening. Lang om lt is dit slagge en kin Iris op ôfdielingspartijen útkomme foar ús feriening. Juster keatste se tegearre mei Trudie en Inez foar it earst yn ús reade kleuren. Spitich genôch ferlearen se yn'e earste omloop fan de lettere preemjewinners Warkum. Iris pakte der nei wol de krânse by de t.i.l. partij. Inez wûn hjir de tredde priis.
Iris rjochts op archieffoto fan ferliene wike (foto: kaatsen.nl)
- Steffi en Jiska wûnen juster (snein) by de KNKB pupillle famkes yn Goaiingea beide in priis op deselde partij yn deselde kategory. Steffi hie mei Manouk (Scharringa, dochter fan) de tredde priis yn winnersronde en Jiska pakte mei Brecht (Grovenstein, dochter fan) de twadde priis yn de ferliezersronde. De beide suskes hawwe tegearre mei Amber en Wieke in moai ploechje dat der eltse wike op út giet nei federaasje en KNKB partijen.

- Hawwe jim ek fuort west te keatsen en in priis wûn? Meld it by de webmaster, dan komt it op de site! Foto's, útslaggen, prizen, alles kin!
"Broedermoord" op Rabobank Partij
Snein wie de échte start fan it keatsseisoen, tradysjegetrou de Rabobank Partij yn Reahûs.
By de senioaren wie de opjefte net denderend, maar toch koene der twa poules fan trije partoer makke wurde. Yn de iene poule fûn diel 1 fan de Andringa battle plak. Heit Titus, mei Gerben en Jan H. tsjin Ruerd, mei Haye en Jan A. Heit wie gebrand, foaral ek om't se de earste partij ferlern hiene fan Bote en Trudie. Dochs wie soan Ruerd mei 5-4 6-4 te sterk. Dit wie harren twadde winstpartij, sa dat sy nei de finale gongen. Hjir moest Ruerd it opnimme tsjin broer Tjerk, dy't mei Meindert beide partijen yn'e poule wûn hie. Tsjin Arjen, Jeffrey en Nieske en tsjin Pieter, Marieke en Joop A. De finale waard dus sawiesa in "broedermoord", de fraach wie allinnich hokker broer foar de oare ûnder dwaan soe... Nei in moaie partij wie it broer Tjerk dy't (no noch...) belies jaan moast tsjin broer Ruerd. Mar hy koe mei de boarst foarút it fjild ferlitte, want hy hat (mei de ervaren Bonnema oan syn side) fochten foar eltse gêrsspriet fan de perfecte gêrsmatte.
By de bern wiene net sa folle partoer at we de lêste jierren wol went binne. Dit is net in min teken, wat dit hie ek te krijen mei it feit dat der in nusje bern te KNKB keatsen wie. Yn de B-klasse keatsten alle fjouwer twatallen in kear tsjin elkoar. Hjir wienen it Piet en Afke dy't alle trije partijen wûnen. De twadde priis wie foar Reinder en Berber. Ek yn de A-klasse wie it poulekeatsen. Nei in pear spannende partijen wienen it Rutger en Ytsen dy't de earste priis pakten, foar Wiebren en Tsjeard dy't in moaie twadde priis wûnen.
Sjoch foar de foto's yn it foto-album. Kies foar: Foto-album - 2019 - Rabobank. Der lizze sptich genôch in pear foto's op ien ear...
We binne wer los!
Jaseker, it keatsseisoen 2019 is los! De earste kompetysje- en trainingsjûnen bin al wer achter de rech.
De bern keatse op tiisdei kompetysje yn Turns en traine op woansdei yn Reahûs. De trainingen foar de jongste jeugd (welpen, pupillen en skoaljeugd) wurde fersoarge troch Michelle Bruinsma, mei help fan Marieke de Jong en Petra Schaap. De âldere jeugd wurd traint troch Meindert Bonnema (famkes) en Kees Galema en Simke Altenburg (jonges). It wie justerjûn (woansdei) dan ek tige gesellich op it fjild mei al dy keatsende bern!
Kommend wykein steane de earste partijen al wer op it programma. Op snein is de Rabobank Partij yn Reahûs foar bern en senioaren. Opjaan kin by Karst (bern) en Titus (senioaren). Waar of gjin waar, der mut keatst wurde! It hokje is prachtich opknapt (nije flier), de catering is der klear foar, dus in lekker waarm bakje kofje of sop en we kin der wer tsjin oan!
FEEST YN TURNS EN REAHUS!!!
Sooooooooooo!!!!! We hawwe it allegear wer oerlibbe! It bin altyd wer twa machtich moaie, en soms ek drege wykeinen achter elkoar... Mar yn beide doarpen hawwe wer prachtige feesten beleefd en is der fansels ek omraak keatst! Fanwege it ofstjerren fan bepaalde harsencellen dy't noch wo fan pas kommen wiene, bin de keatsferslaggen efkes ferpakt yn in Wistudatje. Mar dan witte jo wol de belangrykste saken dy't sich yn en om de krite ofspiele hawwe. Dus der gean we!
Wisten jo dat....:
- se yn Turns gruttere ballen hawwe as yn Reahûs?
- dit giet oer de keatsballen dy't brûkt binne mei de Feesten!
- de baltsjes yn Reahûs wat lytser en hurder binne as yn Turns?
- dit giet oer de keatsballen dy't brûkt binne mei de Feesten!
- der dus yn beide doarpen foar elts wat wils wie?
- lytse Piet de Jong beide kearen de krânse wûn hat?
- grutte Christian Visser it selde presteart hat?
- dit wol in felisitaasje wurdich is?
- it mei beide Feesten altyd folle drokker is mei keatsers as oars?
- we mei oare partijen sjen moatte at we dan ek safolle minsken krije!
- de keatsferiening iepen stiet foar originele, ludieke of unieke ideeen om dit foar elkoar te krijen?
- it al mei al twa skitterende keatswykeinen wiene?
- it ienige jammere wie dat it winnende partoer yn'e A-klasse yn Reahûs sa noadich mei syn fjouweren keatse woe om te winnen...?
- we dit foar dizze kear mar troch de fingers sjoen hawwe?
- oars dy Ny-Seelanders noait wer meidwaan wolle en mei in angstoanjeijende haka oankomme...?
DEVO PARTIJ
Wat wie it moai waar! Wat is der moai keatst! Wat is der moai neisitten! Ja, ja, der is libben yn'e federaasje! Fansels moat it wer fan Reahûs-Turns komme, mar dat jout neat, we dogge it graach...
We hienen in moaie list mei acht frije formaasje partoeren, dus der koe yn in winners- en ferliezersronde keatst wurde. Yn'e earste omloop wie der drekt de "clash" tusken de "eigen" partoeren, Sybren Poelsma c.s. tsjin Bouke Poelsma c.s. It waard in spannende partij, mei in soad buordsjes op seis gelyk. It jongste broerke, keatsend mei Sjoerd Teake Kooistra en first and only lady Idske Zijlstra kaam as earste op'e seis earsten. Der troch moasten Bouke, Simke en partuursponsor Meindert fjirder yn'e ferliezersronde. Hjir pakten se de earste priis.
Yn'e winnersronde kamen Sybren en dy yn'e finale, wer't se it opnimme moasten tsjin Anne Wind, en Michel Nesse. Nei in 4-1 efterstân kamen Sybren c.s. knap werom oant fjouwer earsten gelyk, mar doe drukten Anne Wind c.s. troch nei de fertsjinne winst.
By de priisutrikking waard foarsitter Sjors noch efkes fersierd mei in krânse! Hy hie syn eigen foarige wike oan Jan Bootsma jûn, omdat der by de bern te min krânsen wiene. Sjors glimke fan ear tot ear en wie ut'e skroeven dat der noch efkes yn it sintsje setten waard!
Sjoch yn it foto-album foar alle foto's.
WE STEAN WER OP'E KAART!
Tagelyk mei de Bootsma Partij waarden de NK's foar skoaljonges en skoalfamkes ferkeatst. De jonges moesten rots in de branding Ate Schaap misse, dy't syn poat yn't gips hat. Dus moesten Durk en Tjerk de earste omloop mei syn twaaen opbokse tsjin de klaaikluten ut Niawier-Mitselwier-Easternijtsjerk. Dit koene se net risse... Gjin probleem jonges, trochsette!
Bettere berjochten kamen der ut Hallum, wer de skoalfamkes earst fan Tsjom wûnen en doe ek noch fan Eksmoarre. Mei 16 partoer op'e list betsjutte dit yn elts gefal in priis! Yn'e heale finale wie Boalsert de tsjinstanner. Brecht, Amarins en Inez wiene seker net tefreden mei de tredde priis en hawwe fochten as "leeuwinnen". Dochs wie Boalsert te sterk en ferlearen se m ei 5-2. In machtich moaie tredde priis! Lokwinske dames!
BOOTSMA PARTIJ
De Bootsma Partij is al jierren lang in "klassieker" op de de wedstrydaginda. Krekt as by de rest fan de partijen is de dielname helaas tsjintwurdich net om bang fan te wurden. Dit, wylst de oanfangstiid én it keatsen mei de grutte bal dochs wol oanlokkelik weze kin... Der is ofrune sneon yn elts gefal prachtich keatst en neisitten!
By de lytse(re) bern wiene de krânsen foar Wieke en Nico. Moai dat in neiteam fan ien fan de oprjochters, Klaas Skilder, de krânse hie. De skiednis fan de Bootsma Partij waard by priisutrikking troch Klaas "Timmerman" Bootsma oan de bern ferteld. De twadde priis wie hjir trouwens foar Rambo en Rambo, Tsjeard en Piet!
De A-klasse bern moasten it dwaan yn twa poules fan trije partoer, mei as finalisten Jarmo en Rutger tsjin Anne, Jan en Steffi. It wiene lestneamden dy't de hage omhongen krigen.
De senioaren keatsten ek yn twa poules fan trije partoer, mei as poulewinners Kees, Keje en Meint tsjin Sjors, Adrie en Wietske. It wie de foarsitter mei de twa Bootsma froulju dy't dit wûnen!
Sjoch foar alle foto's yn it foto-album.
- Kommende snein kin der wer oan de relaasje wurke wurde! It bestjoer hat bemiddeling tasein, mocht dit nedich weze... Dus gjin ekskuses mear! Meidwaan! Opjaan kin by Titus (06-40096631).
- Nije wike sneon 23 juny kin jim ek fast oanstippe yn'e aginda, dan is der wer de Bootsma Partij yn Turns. Mei grutte bal, dus ek hjir bin gjin ekskuses om net mei te dwaan!
KEATSBLOKJES (20)
- Wie it mei de Joostema Partij it echtpear Bouke en Sietske, yn Dronryp pakte it echtpear Sybren en Wietske de krânse! Is dat net alderaardichst?! En passant waarden se ek noch kening en keninginne.

Foto: Facebook Wietske Metzlar
- Takom wike begjint yn Easterlittens it Iepen FK Jeu de Pelote foar hearen. Fansels docht Reahûs-Turns ek wer mei! Sa't it no liket sille Slimme Sybren, Tûke Titus, Bekeken Bouke, Woeste Wytse en Simke besykje de folgende ronde te berikken. Dan sille se earst wol foarby Makkum moatte. Dit wurd net maklik dus se kinne alle support brûke, dus kom allegear te sjen op it geselliche plein yn Littens! Tongersdei 14 juny om 19.30 oere.
JOOSTEMA PARTIJ
Sneon 2 juny wie it wer safier: de Joostema Partij! Tsjintwurdich wat earder yn't seisoen as froeger om ferskeidene redenen. De dielname wie net alderferskuorrenst te neamen. Dochs is der fûleindich striden en stie der oan'e ein fan de dei in echtpear yn'e krânsen...
Is it net in plaatsje?
By de froulju wie it dus Sietske Poelsma-Merkus dy't de earste priis hie, mei har maten Marieke Schaap (beppesizzer fan Joost en Klaske) en Jitske Veldman. Sy wûnen al harren trije partijen. De twadde priis wie foar Hester v/d Meer, Afke v/d Berg en Petra Schaap (dochs leuk op de partij fan de skoanâlders!). For the record: der wie ek noch de rentree fan Renske op de Fryske fjilden...
De manlju moesten it dwaan mei seis partoer op'e list en dat bin der wolris mear west..., om mar efkes in "understatement" ut de kast te lûken. De twa poulewinners wiene Bouke Poelsma, Evert Sijbesma, Jacob Dotinga en Meindert Bonnema, Nolke Bergstra, Marco Kruger. Yn de finale wie it partoer fan Bouke de sterkste mei 5-3 6-4. Fansels is der nei de tiid efkes gesellich sitten en hawwe Joost en Klaske warskynlyk wer in moaie dei belibbe. Keatsferiening Reahûs-Turns wol harren yn elts gefal tige tanksizze foar wer in slagge Joostema Partij. Op nei takom jier!
ALTENBURG PARTIJ
Twadde hichtepunt fan dit "zonovergoten" keatswykein wie de ferneamde Altenburg Partij fan juster yn Reahûs. De tiden fan keatse op'e lytse Polle, stroffelje oer de bylzen by de feart, ballen yn'e beamtoppen fege, it oranje dekkleed oer de izeren goal as tintsje, priisutrikking yn de tap by Bote en Mieke en bier drinke ut de keningsbekers binne miskien net mear... Mar de Altenburg Partij is der noch steeds! En deselde keningsbekers fan doe binne der ek noch steeds, tenminsten, sawiesa ien... It is dochs wol moai, sa'n partij mei histoarje. Ek juster wiene Bote en Mieke der wer even te sjen en om de prizen ut te rikken, hardstikkene leuk!
By de bern wiene der twa moaie listen mei twa kear seis partoer. Yn de B-klasse wie de krânse foar de famylje Witteveen, yn de persoanen fan Hester en Tsjeard. Wat wiene se bliid, prachtich om te sjen! Pieter en Piet pakten in moaie twadde priis. By de gruttere bern pakte Inze har twadde krânse fan dit wykein, mei Joop. Dochs in Altenburg yn'e prizen! Brecht en Jochem waarden knap twadde.
De senioaren moasten it dwaan mei sân partoer op'e list, alles troch inoar. It plesier en genot wie der net minder om en oan de ein fan'e striid wiene it Karst en Ruerd dy't de krânse omhongen krigen. Se wûnen yn'e finale fan de "buurtjes" Kees en Jeffrey. De koaningsbeker fan de B-klasse (wer is dy fan de A-klasse?) wie foar Karst. Sjoch foar de foto's yn it foto-album.
FEDERAASJE JEUGD
Ofrûne freed hiene we de jierlikse federaasje partij foar de jeugd, de jongste bern yn Reahûs en de âlderen yn Turns. It is foar de Jeugdkommisje altyd in bealch fol wurk om alles foar elkoar te boksen, mar dat slagget altyd best! Ek no hiene roerganger Karst T. en syn apostelen it wer tot yn'e puntjes fersoarge! At je dan somstiden by oare ferienings komme, is dat ek wol ris oars... Eltsenien is altyd bliid dat se yn Reahûs of Turns keatse kinne! Mar dat even "ter zijde".
Fansels die der ek wer in ploechje talinten fan eigen feriening mei en wer net sûnder resultaat. Prizen wiene der foar Amber (2e welpen), Steffi (2e pupille famkes), Jan (1e pupille jonges), Brecht (2e skoalfamkes), Inez (1e skoalfamkes) en Jeffrey (1e jonges). Lokwinske famkes en jonges!
KEATSBLOKJES (19)
- Sa at jim yn de foarige Keatsblokjes al lêze koene, wie it Reahûs-Turnser partoer juster by de Bûnspartij koppele oan Harns yn'e earste omloop. Fanwege in blessure fan Freerk moest der in oar opslachkanon fan stâl helle wurde. Wa mut dat dan wurde sille jim grif tinke, safolle Sake Saakstra en Gert-Anne van der Bos look-a-likes hawwe we ommers net... Oh nee?! Jawis wol! WOESTE WYTSE fansels!! Doe't se dat sneintejûn yn Harns fernamen, kropen de seehûnen hast werom nei Skylge, sa benaud waarden se dêr. Dat waard noch erger doe't se WW moandeitemoarn mei grutte passen en wapene mei syn giele Jumbo sporttas it terrein fan de Hertog van Saxenlaan oan kommen seagen... Se doken gau de klaaiboks yn om in striidplan te betinken tsjin dit geweld. Mei angst en beven dienen de Harnzers de hân omheech en gie it oan. Der waard feecht en beukt, harke en skrabe, it gong der om wei. Einstân: 5-0 6-4 foar Harns.

- Kommende freed is de jierlikse Federaasje Partij foar de jeugd yn Reahûs en Turns. De welpen en pupillen keatse yn Reahûs, de skoaljeugd en jonges/famkes yn Turns. Yn Reahûs steane as helpâlder op papier de heit en/of mem fan Ate/Wieke, Tjerk/Sjoerd en Jan/Reinder. Yn Turns binne dat dy fan Trudie, Amarins en Hieke/Durk. Fansels soe it moai wêze at der noch mear âlden (of oare minsken) helpe wolle, it is altyd in bealch fol wurk foar de Jeugdkommisje, dus alle help is wolkom. Jim kin jim altyd melde by Karst, Gerbrich of Kees.
SILOBAGS PARTIJ
Pinkstersnein wie it safier: de earste Silobags Partij yn de romrofte skiednis fan us feriening! It wie prachtich kuilwaar, dus der koe machtich moai keatst wurde om de fulde slurven.
By de bern stiene twa kear 8 twatallen op'e list. Yn'e B-klasse wûnen Steffi en Piet de earste priis fan'e ferliezers. Foaral lêstneamde wie tige bliid mei dizze priis (sa te sjen is op de foto's). De finale yn'e winners gong tusken Wieke en Hester tsjin Amber en Afke. It wiene de twa A's dy't yn's krânsen kamen. By de gruttere bern wiene Inez en Pieter W. de sterksten yné ferliezersronde. Yn'e winnersfinale wiene grutte Anne en lytse Wiebren te sterk foar Rutger en Brecht. Jim ha moai keatst kinders!
De senioaren moasten it dwaan mei acht partoer yn totaal. It wie in moaie keatserij, mei like moai waar as by de bern op it fjild der neast! De priiswinners kinne jim sjen by de foto's. De prizen waarden utrikt troch de sponsor sels, sjapoo en tige tank foar de stipe oan dizze partij Christian!
KEATSBLOKJES (18)
-
Kommende snein is de earste ledepartij yn Turns. Dizze partij surd stipe troch in nije wedstrydsponsor: Silobags! Prachtich dat C.V. us lytse mar krigele feriening in drukje jaan wol. Dus doch allegear mei en wa wit stean jim oan de ein fan de dei mei de slurven, uuuh, krânsen om! Opjaan by Sybren Poelsma (06-23284160).
-
Nei snein komt pinkstermoandei en is it tiid foar de Bûnspartij foar senioaren yn Frentsjer. De kleuren fan us feriening sille ferdiegene wurde troch Freerk, Meindert en Simke. Yn de earste omloop kin se fuort oan de bak tsjin Harns. De ouwe seunen Johan Kwast, haadklasser Dylan Drent en oans Arie den Breejen binne beste keatsers en wiene foarich jier noch tredde. Mar hawar, de kop der foar, net benaud en wa wit...
-
It kompetysjekeatsen is al wer trije wike ûnderweis. De dielname wie hjoed wer justjes better as de earste twa wike, dat jout hoop! Foaral moai om in moai nussie puberkeatsers op it fjild te sjen. Hardstikkene leuk jonges en famkes, jim bin de takomst! Dit is de tuskenstân oant no ta:

WE BIN WER YN'E LOFT!
Nei in lange winter sûnder keatsen en dizze website, bin we wer yn'e loft mei syn allen! De keatserij is wer los, de boeren kuile wer, de earste krânsen hingje en de earste klassieker (De Bond foar senioaren yn Frentsjer) komt der ek al wer oan. We sil dit seisoen wer besykje om de foto's en ferslagen fan de partijen yn Reahûs en Turns sa folle mooglik op de site te krijen. Mar ferjit us Facebook pagina net, want der binne ek foto's, koarte "nijsflashes"en wat al net mear te sjen.
FERTRAGINGS-KEATSBLOKJES (17)
- Wêr bliuwt dat nijs?! Ik sjoch gjin foto's!! Duorret lang!! Klopt allegear, jim hawwe gelyk. Mar soms docht de technyk net wat jo wolle (en de wepmaster hat it op't heden ek nogal drok, moat der by sein wurde. Ek al ist gjin ekskús). It uploaden fan de foto's wol net slagje fia de site, dy stean op'e Facebook pagina. We moatte kommende winter mar ris sjen at der ferbetteringen mooglik binne, wat de technyk oanbelanget...
- Ferlyne wike snein wie it Pearkekeatsen yn Reahûs. Der wie moai listje mei 12 pearkes op papier. Nei in fanatyke keatserij wiene de krânsen foar Thys Strikwerda en Marieke de Jong. Sy wûnen yn'e finale fan de foarsitter en Wietske Bootsma. Der is keatst mei de grutte bal en dit joech in soad wille en tuskenspul!
KEATSBLOKJES (16)
- Yn it ferslach fan de Altenburg Partij stiet dat de foto's en útslach yn it foto-album steane. Troch in technysk mankement slagget it net om alle foto's op de site te krijen, technyk..... Op de Facebook pagina fan de keatsferiening bin de foto's wol te sjen.
- Ferlyne wike freed wie it federaasjekeatsen yn Goaiingea. Wieke Schaap wûn hjir har earste pryske by de federaasje, de twadde. Lokwinske Wieke!

- It wie ek it wykein fan it jubileum fan de KNKB. Durk Bootsma hat hjir by de pupille-jonges de 1e priis wûn! Dêr hjeart in stoere foto by!

ALTENBURG PARTIJ
En doe wie it al wer tiid foar de jierlikse Altenburg Partij! It waar (al wer) prachtich, de dielname goed en it sin fan de keatsers en keatsters net minder goed!
De senioaren koene moai yn twa klassen keatse, mei sawol yn de A- as yn de B-klasse 4 partoer. Yn de B-klasse gong de striid om priis en preemje nei trije partijen tusken Klaas Bransma c.s. (mei Ruerd Andringa en Jan S. Altenburg) en Trudie Hoekstra c.s. (mei Siebrig Poelsma en Helga Gerbrandy). It wiene de lêsten dy't IEN EARST mear hiene as Brandsma c.s. en dus de krânse krigen fan Bote. En dan te betinken dat Trudie eins noch mei de bern meikeatse moat...
By de matadoren fan de A-klasse pakten Titus Andringa, Herman TvS en Nieske Hoekstra in moaie twadde priis. Mar de hage wie foar de "technyske trochrammers" Jeffrey v/d Werf en Rein Altenburg, ûnder lieding fan kening Lodewijk Flapper de Fjirtjinde.
De krânsen by de bern wiene foar Rosan Wispelwey en Berber Postma (B-klasse) en Anne Bootsma mei Joop Altenburg (A-klasse). De oare priiswinners steane by de foto's yn it foto-album.
Famylje Altenburg: tige tank foar jim stipe oan dizze partij en Bote en Mieke: moai dat jim der wiene om de prizen út te rikken!
TUSKENSTÂN
Jim bin fansels tige benijd hoe de tuskenstân is by it kompetysjekeatsen! No, by dizze:

Op- of oanmerkings en oar kommentaar kinne jim skriftlik maile nei de sekretaris (wiebetvs@hotmail.com).
KEATSBLOKJES (15)
- Yn it foto-album binne noch foto's te finen dy't fotograaf Henk Bootsma makke hat by it federaasjekeatsen fan ferlyne wike. Se steane ûnder it kopke Fed Jeugd HB 260517.
- Ôfrûne freed wie it federaasje keatsen yn Easterein. Jiska Altenburg wûn by de welpen famkes hjir har earste priiske, de twadde. Mei har maat Brecht Renema fan Heech. Wieke Schaap en Amber Goedbloed diene ek mei, dat is hardstikke moai! De jeugd moat der op'e tiid oan rûke, miskien reitsje se dan behept mei it keatsfirus.... Nije wike snein geane Wieke, Amber en Steffi sels te KNKB ôfdielingskeatsen yn Jirnsum!

- En dan de "never ending story" fan ús neo-Freule keatsers. Sy wiene juster foar it earst de provinsje yn foar in ôfdielingspartij, en wol yn Achlum. Bote, Jeffrey en Arjen ferdiegenen de kleuren fan ús feriening. It lot wie harren net echt goed sint, se moasten it drekt opnimme tsjin Baard, mei ûnder oaren Stefan v/d Meer (fan Thomas) en ien fan Klaas Hoogma (froeger fan Turns). De ballen rûnen de boys dochs noch wat te hurd yn't perk, hoewol't de opslach net sa raar gong. Se ferlearen spitich genôch mei in skjinne tillegraaf.... Niet getreurd! Oare kear mar wer besykje!
JOOSTEMA PARTIJ
Huh? Joostema Partij? Dy wie toch altyd folle letter yn it seisoen? Dat kloppet! Mar fanwege de oerfolle aginda en om mear dielnimmers te lûken, wie it juster al sa fier! En de dielname foel net ôf, 13 partoer by de manlju en 6 by de froulju. De finale by de froulju gong tusken skoandochter Petra Schaap en Hester van der Meer tsjin Sietske Poelsma-Merkus en Anna Metzlar. Lêst neamden hienen de guit al gau te pakken en pakten mei 5-2 en 6-4 de winst!
De hearen keatsers hiene in moaie list, mei partoeren dy't aardich oan en elkoar weage wiene. De lêste slach foel dan ek pas tsjin seizen. De finale yn de winnersronde gong tusken Evert Sijbesma, Gauke Zijlstra en Frans Poelsma tsjin Sybren Poelsma, Kees Galema en Tjalling Kruger. Earst neamden wiene goed yn foarm juster en lieten dat ek yn de finale sjen. Se wûnen mei 5-3 en 6-4. Oer de hiele dei hawwe se mar 7 earsten tsjin krigen, hjirby moat wol oantekene wurde dat se yn'e twadde omloop stean bleaunen, mar hawar, dochs in knappe prestaasje!

Sa as gewoanwei rikten Joost en Klaske de prizen út en wie der fansels ek in krânse foar Bart-Jan! Der is noch efkes lekker neisitten en Joost hat de houtkachel even best opstookt!
Sjoch foar mear foto's en de priiswinners yn it foto-album.
BOOTSMA PARTIJ
Noch mar krekt bekommen fan alle Federaasjestress, stie sneontemiddei de Bootsma Partij al wer op it programma. Krekt as ferlyne jier ek no wer mei de grutte bal. De bern keatsten krekt as altyd in listje, de grutten hiene trije kear in oare maat. Alle priiswinners steane by de foto's yn it album. Famylje Bootsma: tige tank foar jim ynspanningen en sponsoring!

In Bootsma (Anne) yn'e prizen op de Bootsma Partij, altyd leuk! Tegeare mei Jochem.
FEDERAASJE JEUGD
Ôfrûne freed wie der de grutte Federaasje Partij foar de jeugd yn Reahûs en Turns. De welpen en pupillen keatsten yn Reahûs en de skoaljeugd en jonges/famkes yn Turns. It is in tige slagge dei wurden, mei de ûnmid=sbere ynset fan de Jeugdkommisje, de helpâlders en de minsken yn de hokjes. It wie wer best foar elkoar! Ús "eigen" jeugdleden dy't mei dienen hiene in topscore wat betreft it winnen fan prizen: 12 stiks!
Lokwinske Steffi, Amarins, Jan, Inez, Brecht, Hieke, Sigrid, Trudie, Tjerk, Pieter, Bote en Arjen!
Sjoch foar de foto's yn it foto-album.

Arjen de earste priis mei syn maten Jacob Visser (l) en Klaas Jan Oosterbaan (r)
KEATSWYKEIN
- It kommende wykein sit wer fol mei keatserij! Earst hawwe we kommende freed de jierlikse federaasjepartij foar de jeugd. De welpen en pupillen keatse yn Reahûs en de skoaljeugd en jonges/famkes yn Turns. Der dogge in stikmannich bern fan ús eigen feriening mei, dus komt dat sjen! It begjint om 13.00 oere.
- REMINDER! De folgjende hulpâlders steane foar freed op papier: Yn Turns Haye/Petra, Fokko/Esther en Jan/Thea. Yn Reahûs Kees/Nicolette, Siebren/Marjan en Klaas/Wietske.
- Sneon is de Bootsma Partij foar senioaren en jeugd yn Turns. De jeugd begjint om 14.30 oere en de grutten om 16.30 oere. Doch mei of komt te sjen!

KNKB ÔFDIELING SÚKSES!
It earste súkses by in KNKB partij ôfdieling is der ek al! En wol by de famkes pupillen juster yn Mantgum. Amarins Gerbrandy, Marieke Altenburg en Elbrich de Jager wûnen hiel knap de twadde priis. Yn de finale moesten se spitich genôch belies jaan tsjin Boalsert (5-1 6-4), wat gjin skande is! Hielendal net! Se hawwe bêst keatst! De earste omloop sloegen se Tsjom der ôf, 5-4 6-6, toen moest Eksmoarre der oan leauwe 5-3 6-0 en yn de tredde omloop gong it hielendal "van dik hout zaagt men planken": 5-0 6-2 tsjin Winsum! De finale winne wie krekt noch in brêge te fier, mar wa wit...

KEATSBLOKJES (14)
-
Sa as al neamd waard yn it ferslachje fan de BPA Partij, wiene der snein ferskeidene jeugdleden de provinsje yn om in KNKB partij te keatsen. Dit hat wer twa moaie pryskes opsmiten! Ate Schaap wûn de twadde by t.i.l. partij skoaljonges A-klasse en Amarins Gerbrandy pakte nei fjouwer slopende partijen in tredde priis by de t.i.l. yn Gytsjerk.
 
BPA PARTIJ
Juster wie de twadde ledepartij fan it seisoen al wer, plak fan ôfhanneling wie de perfekte gêrsmatte fan it fjild yn Turns. In moai wynsje, sa no en dan in snitterke en meastentiids de sinne der by, wat in prachtiche keatsdei! De opjefte by de senioaren wie wat minder as de earste kear, dat foel wat ôf, mar hawar mei 6 partoer op'e list koe der moai keatst wurde. Twa poultsies en dan de finale, "wie doet je wat". It wiene de hearen Jan Seakles Altenburg, Kees Melkrobotus Galema en Eduard Tjebbesienes Witteveen dy't it yn de finale opnimme moasten tsjin Frans "De Swiep" Poelsma, Sjors Obes en de "Keatskeninginne fan Eemnes", Christel Andringa. Lêstneamden wiene foaral mentaal izersterk en wûnen dan ek de spannende striid op 5-5 en 4-6.
By de bern hiene we yn de A-klasse 8 partoer en yn de B-klasse 7 partoer, dat wie hardstikkene netsjes, at jo neigean da't der ek noch in pear talinten te KNKB keatsen wiene. Yn de Keatsblokjes fan dizze wike is dêr mear oer te fynen. Yn de A-klasse wiene de krânsen foar Elbrich de Jager en Trudie Hoekstra, wylst by de lytskes Amber Goedbloed en Sjoerd Andringa de heechste eare krigen. De bliidskip wie, sa as gewoanlik by de priiwinners, fan de gesichten ôf te skeppen, foaral by Sjoerd, it wie überhaupt syn earste priis dy't er wûn en dan ek nch drekt de krânse! Geweldich! Doe't er fannemoarn (moandei) mei de beker op skoalle kaam, hie der noch steeds deselde big smile op it gesicht...

Sjoch foar de rest fan de foto's en priiswinners yn it foto-album!
KEATSBLOKJES (13)
- De KNKB-partijen binne ek wer los en ús feriening is drekt al wer op'e kaart setten! En wol by de pupille-jonges t.i.l. partij yn Bitgum. Ate Schaap wûn mei "Lytse Arie" (bron: R.B.) Piter den Breejen in moaie en tige fertsjinne (se moesten 5 kear keatse) twadde priis! Durk Bootsma pakte mei "Grutte Jan" (bron: S.A.) Bandstra fan Easternijtsjerk de tredde priis. Lokwinske boys!

- Sa at jim witte is it kompetysjekeatsen al wer twa wike ûnderweis. Dit is de tuskenstân tot op heden:

KEATSBLOKJES (12)
- At jim tochten dat it seisoen krekt begongen is hawwe jim it mis! De boys fan de jongeskategory hawwe juster al wer harren tredde trening fan it jier hân. Wie it de earste kear noch wat ûnwennich, juster gong it al in stik better en it gefoel begjint te kommen. Wa wit wêr at dit ta liede kin... Gean sa troch Jeffrey, Arjen, Ruerd, Gerben, Pieter, Ytsen en Bote!
- Ek de jongere bern binne troch de wike drok dwaande om harren technyk, taktyk en mentaliteit by te skaven. Op de trening yn Reahûs en by it kompetysje keatsen yn Turns! Op de foto is te sjen hoefolle geweldich enthousiaste bern we hawwe, dêr mut we grutsk en súnich op wêze!

RABOBANK PARTIJ
Juster wie de "ouverture" fan it keatsseisoen, de Rabobank Partij op it nij ynsiedde fjild yn Reahûs. At de dielname in graadmeter is foar wat noch kommen giet, kin we dizze simmer noch wat beleve! Der koe by de senioaren keatst wurde yn twa klassen, mei 4 partoer yn de A- en 6 yn de B-klasse. Ter fergeliking: foarich jier wiene der 4 partoer yn totaal! De finale yn de B-klasse gong tusken it partoer fan Haye Postma, Siebrig Poelsma en Ynze Leyenaar tsjin Joost Schaap, Dennis de Jong en Gerben Gerbrandy. It wienen de lêstneamden dy't ûnder lieding fan in âlderwets bûtsende Joost de krânse pakten! By de matadoaren yn de A-klasse keatsten alle partoeren in kear tsjin elkoar. Ek hjir sloech de erfaring foar master op en út, yn de foarm fan bygelyks Joop Huites en de "Sloophamer fan Nijelamer" Loadewyk Flapper. Beide mannen lieten sjen dat se noch lang net útrangzjeerd (Huh? Is dit wol geef Frysk juf Atty?) binne! Joop pakte tegearre mei Sybren Poelsma in moaie twadde priis. De krânsen wiene foar "nybakken heit" Freerk TvS, "tûke pikker" Eduard Witteveen en "ruwe diamant" Pieter de Jong!

Sfeerympresje (ja,ja...) fan it bernefjild.
By de bern wiene 6 twatallen yn de B-klasse en 8 yn de A. Spitich genôch moest Trudie nei ien omloop blessearre ôfheakje. We hoopje dat it meifalt en dast gau wer yn'e krite stiest! De finale yn de B-klasse gong tusken Pieter Wiersma en Reinder Bootsma tsjin Wiebren Tamminga en Wieke Schaap. De lêsten wiene oppermachtich en pakten fertsjinne de 1e priis. By de gruttere bern wiene it Inez de Jong en Sigrid v/d Werf dy't de easrte priis fan de ferliezers pakten. De finale yn de winnersronde gong tusken Hieke Bootsma en Marieke Altenburg tsjin Durk Bootsma en Brecht Tamminga. It waard in moaie striid tusken broerke en grutte suster mei harren bêst keatsende secondanten Marieke en Brecht. It wiene úteinliks Durk en Brecht dy't mei de hage om nei hûs koene!
It wie in tige slagge keatserij (sjoch foar de foto's yn it album), dit smakket nei mear! Kommende woansdei is der om 19.30 oere wer kompetysje keatsen, dus oant dan!
DE WINTERSLIEP SIT DER OP!!!
Wekker wurde! Wekker wurde! De wintersliep sit der op! Nij wike woansdei 29 maart is de jierlikse keatsfergadering. Om 20.00 oere yn kafé de Ree yn Reahûs. As it goed is hawwe jimme alle stikken yn'e meelboks krigen fan sekretaris Wiebe, sa net dan kinne jimme Wiebe hjir even om freegje (wiebetvs@hotmail.com).
Oant nije wike woansdei allegear!
KEATSBLOKJES (11)
- De Jan Bakker Bokaal by de senioaren is foar it earst yn de "roemruchte" skiednis fan ús feriening wûn troch twa man: Folkert v/d Werf en Johannes Gerbrandy. Se hawwe ôfpraat dat Folkert de beker yn de even wiken hat en Johannes yn de ûneven...
- By de jeugd is de bokaal wûn troch Jeffrey v/d Werf. En dan te witten dat hy ek noch in pear partijen by de senioaren meidien hat. Lokwinske Jeffrey.
- Op ús Facebook pagina haw we lêsten in pear fotootsjes "posten" fan it krekt ynsiedde fjild yn Reahûs. It hoopfolle kommentaar fan P.L. hjirby wie: "Wie zaait, zal oogsten..."
- At der noch minsken binne dy't spul kwyt rekke binnen op de beide fjilden, kin harren melde by Welmoed (Turns) en Carolien (Reahûs).
PIET V/D HOFF-ALLICHT PARTIJ
De útsmiter fan dit keatsjier wie de Piet v/d Hoff-Allicht partij by stiper Piet sels yn't lân. It waard in geweldich spektakel, wêr at eltsenien harren aai goed yn kwyt koe. De priiswinners stean yn it foto-album.
ÂLDER-BERN PARTIJ
It twadde evenemint yn dit "Super Saturday and Sunday Keatswykein" wie de Âlder-Bern Partij, ek wer op it fjild yn Turns (dat yn Reahûs is al oer de kop). It is foar de bern altyd wer in feest om inkear mei harren âlders keatse te kinnen en de "stellerij" binnen de gesinnen begjint dan meastal al oan it begjin fan it keatsseisoen. Dizze kear wiene der tolve "pearkes" yn'e A-klasse en tsien yn'e B-klasse.
It kin foar komme dat broerkes en/of suskes en dus ek heiten en memmen tsjin elkoar keatse moatte. Sa barde it dat bygelyks Steffi en Carola tsjin Jiska en Simke keatse moasten; ek seagen wy yn'e A-klasse dat Ate en Marieke tsjin Arjen en Haye yn'e krite kamen. Gong it by earst neamden frij freonskiplik om en ta, by de famylje Schaap wie de striid justjes fûleindiger, om it sa mar efkes út te drukken. Dat hindert neat, der moat al wat striid yn sitte! Eintsjebeslút is it allegear moai ferrûn en binne der folgens de lêste berichten gjin heiten of memmen op de bank of it útfanhûsersbêd bedarre...
Sjoch foar de foto's (hjir stean de priiswinners ek by) yn it foto-album).
JOOSTEMA PARTIJ
It wie ôfrûne sneon al wer de 35e Joostema Partij!! Wat is it moai om as feriening sa'n prachtige histoaryske keatspartij (mei tank oan Joost en Klaske) op'e agenda te hawwen! Der hawwe, sa as ek by oare federaasjepartijen tsjintwurdich, wol ris mear partoeren op'e list stien. Mar wa't der net is, kin je net oer prate en kin ek neat winne... It plesier wie der op it fjild yn Turns net minder om!
By de manlju wiene acht partoer presint en by de froulju fjouwer (fan twa). By de lêsten wiene it Sietske Poelsma en Marieke Schaap (pake-/beppesizzer fan Joost en Klaske) dy't de measte punten hiene en dus de krânse wûnen. Petra Jellema fan Easterein en Hetsche Boonstra fan Boazum pakten de twadde priis. Joost die sels ek mei fansels en bedarre nei in spannende partij yn'e earste omloop (tsjin de lettere winners) yn'e ferliezersronde. Mei ús foarsitter (Sjors) en neo-Turnser Atser pakte er mar moai de earste priis fan'e ferliezers! Bote Jellema, Klaas Siderius en Frans Poelsma wiene hjir twadde. De finale fan'e winnersronde gie tusken Nolke Bergstra, Jeroen Kloosterman, Marco Reynhoud en Arjen Radix, Eppie Heins en Willem Mollema. It waard úteinliks 5-4 6-2 foar Nolke, Jeroen en Marco, sa dat sy de prachtige eigenmakke krânsen fan Klaske om'e nekke krigen!

Sa as gewoanlik by de Joostema Partij wie it noch lang tige gesellich op it fjild en ûnder de veranda en de moaiste krânse fan Klaske wie fansels foar Bart-Jan!!
KEATSBLOKJES (10)
- Op it fjild yn Reahûs binne se al útein setten mei de opknapbeurt fan de gêrsmatte. Dêr kin dus net mear keatst wurde, ek de Piet v/d Hoff/Allicht Partij kin hjir net holden wurde. Mar gjin noed! Yn oerlis mei de sponsor sels is der in machtich moiae nije lokaasje fûn: by Piet sels yn it lân! Is't net prachtich, keatsen sa't keatsen eartiids ek gie.Hjir ûnder de oankundiging:

- Wa't de ballen yn it donker better sjocht as by deiljocht kin nije wike terjochte yn Boazum. Dan hâlde sy in nachtkeatspartij:

KNKB SKOALFAMKES
Ferlyne wike snein keatsten de toppers fan de KNKB skoalfamkes yn Turns. Se wiene opdield yn in A- en B-klasse. Fan ús eigen feriening die Hieke Bootsma mei. Helaas twa kear ferlern, mar dat mocht de pret net drukke fansels! De famkes dy't wol yn'e prizen sieten binne werom te fynen yn it foto-album. Leuk om te fermelden is dat Anna Rob, dochter fan âld-lid Anneke de Jong (fan Piet en Fetsje) de krânse wûn yn'e A-klasse.

KEETPARTIJ 2016
Op snein 21 augustus fynt de jierlikse Keetpartij wer plak yn Burchwert. Ek dit sil wer in grut spektakel wurde, dat is oan de organisaasje wol tafertroud.

BRING DE KEATSERS BY IT KEATSEN
Op sneon 20 augustus is it wer sa fier! Bring de keatsers by it keatsen, yn Skearnegoutum dizze kear!


REAHÚSTER FEESTEN
De opjefte foar it feestkeatsen yn Reahûs wie wer best genôch! Der wiene net sa folle as ferlyne wike yn Turns, mar hawar, de fjilden wiene moai fol! Sawol de bern as de senioaren koene yn 3 klassen keatse. Hjir gean we.
Wisten jo dat:
- der wederom twa "nazaten" fan Kees Galema yn'e prizen sieten by de jeugd?
- wy ús ôffreegje at Kees goed is yn it timmerjen fan prizekasten?
- Kees sels dizze kear ek in priis pakte?
- de C-klasse by de bern moai op tiid dien wie?
- foar healwei tolven de prizen al útrikt wiene?
- Inez de Jong de pechfûgel fan de dei wie?
- sy troch har ankel gong en de rest fan de feesten op krukken rinne moast?
- we hoopje dat it meifalt en dat se gau wer keatse kin?
- Piet Galama ek wer ris even mei die?
- hy wol wat benaud wie foar de kjeld?
- it fest yn'e earste omloop net út west is?
- dit eins hiel ferstandich is, yn ferbân mei it oprinnen fan blessures?
- Lodewijk Flapper syn nije want foar de twadde kear brûkte?
- hy no sels ûnderhâns boppe koe?
- Freerk TvS dit ek kin?
- hy de bal heal ûnderhâns by Annemieke yn'e dakgoate feechde?
- Rink Bakker kramp hie yn'e finale?
- Berry de Jong wol wist hoe at der dit foarkomme kinnen hie?
- we dit hjir mar net fertelle?
- Haye Postma de winner wie fan it aai fan de dei?
- hy de bal rjochtstreeks by Ruerd Bakker yn'e bûse sloech?
- it in tige slagge keatsdei wie?
Sjoch foar de priiswinners en foto's yn it foto-album.
Sa, en no earst mar mei fakânsje allegear, oant sjen!!
KEATSBLOKJES (9)
- Wat is der manmachtich reageert op de priisfraach fan ferlyne wike, alderaast!!! It wie net by te hâlden, de antwurden fleagen de wepmaster om'e earen, net te leauwen!!! Út al dizze mailtsies (1) haw we ien winner lotte en dat is ús eigen praktykman by de jeugd: Rein Bootsma!!! Hy wist dat de foto yn 1981 makke is en wist fjouwer nammen. Op'e foto binne (fan lofts nei rjochts) ûnder oaren de folgjende minsken te sjen: Sikke Romkes, Wytze Bouma (krânse), Jolanda de Jong, Marian v/d Hoff, Stephan v/d Hoff (krânse), Lucie de Boer, Jan Andringa, Hotske Altenburg, Gerard Brandsma (krânse), Jan Galama, Elly Galama. Rein, do krijst sa gau as mooglik dyn priis!!
- Tusken al it feestfiergeweld troch, giet ús juegd stoïcijns troch mei it winnen fan prizen. Dizze kear wie it Ate Schaap dy't yn Spannum by de KNKB t.i.l. de krânse pakte. Lokwinske Ate!

ÚT IN ÂLDE DOAZE...
Fia ien fan de Whatsapp-groepen fan Reahûs en Turns kaam der in prachtiche foto nei boppe:

It is hiel aardich om te sjen wa't der allegear op steane. Witte jim de nammen? En it jiertal? Wist wat, we dogge gewoan in priisfraach! Wa't de measte nammen wit én it jiertal goed hat wint in moaie priis!! Antwurden stjoere nei simke.carola@home.nl (foar kommende freed 15 july).
KEATSEN TURNSERFEEST
It wie in machtich Turnserfeest fan't wykein! Oh ja, en der is ek keatst... En hoe! Der stiene freed 98 keatsers / keatsters / keatserkes / keatsterkes op'e list. Is't net prachtich! Wie dit by alle partijen mar it gefal. Oh nee, it mut gjin negatief ferhaal wurde bliksem, want it is fansels geweldich dat der sokke moaie listen wiene. Der binne by de wepmaster wol wat griize sellen ôfstjert tidens de feesten, dus it ferslach fan dizze dei is yn Wisten Jo Dat foarm.
Wisten jo dat:
- der twa "nazaten" fan Kees Galema yn'e prizen sieten by de bern?
- Kees sels eins ek in priis fertsjinne hie?
- dit de wisselbeker foar de fierste kweaslach wie?
- der noch wol mear A-keatsers kwea koene?
- sy bliid wiene dat it griene boatsje by de swimsteiger lei?
- net eltsenien mei dizze boat oerwei koe?
- Geert Jan Diever as nagelnije Turnser drekt de krânse pakte yn de C-klasse by de bern, tegearre mei Tsjeard Witteveen?
- Willeke fan Atser ek by har earste feestkeatspartij yn Turns de krânse wûn hat?
- ek Christian Visser dit foarbyld folge hat?
- it gros fan'e bern tige fûleindig keatst?
- de jeugdkommisje bliid wie dat der moai wat âlders wiene dy't harren ûndersteunde by it bernekeatsen?
- Sybren Poelsma syn taak fan wedstriidlieder tige serieus nimt?
- hy sels net iens meikeatst hat om alles yn goeie banen te lieden?
- der in stik as wat "âldere" jeugdleden foar it earst by de grutten keatst hat?
- dit in goeie saak is foar de trochstreaming fan de jeugd én tagelyk it oantal senioarekeatsers omheech hellet?
- je mei rojocht sizze kinne: "de jeugd heeft de toekomst"!
Sjoch gau yn it foto-album "Turnserfeest" foar de foto's! Oant kommende freed yn Reahûs!
KEATSBLOKJES (8)
- It giet mar troch mei de súksessen fan ús jeugd! By de KNKB t.i.l. partij yn Boalsert wûn Inez fan't wykein de earste priis! Se keatste poerbêst en wie ek ferbaal goed by de les, lit de korrespondint "ter plaatse" witte...

Wy hâlde jim graach op'e hichte fan de belevenissen fan ús leden, lyts en grut, by Federaasje-, KNKB-, of Wylde partijen. Dus wa't nijs hat, moaie foto's en prizen dy't wûn binne: jou dit troch oan de wepmaster, dan komt it op'e site!
Mail: simke.carola@home.nl
Whatsapp: 06-54622333
- Ús skoaljonges Ruerd, Arjen en Piter diene ôfrûne sneon mei oan it NK yn Akkrum. Se hiene as tsjinstanner Hommerts-Jutryp lotte yn de earste omloop. Dit koene se spitich genôch net hâlde en ferlearen mei 5-2. Jout neat, trochsette en oare kear wer better jonges!
- Kommende freed is it feestkeatsen yn Turns. By de jeugd sil der keatst wurde yn 3 klassen, der binne warsynlik wol 50 bern dy't meidogge! Dit is geweldich fansels, mar dit betsjut ek dat der wat mear begelieding nedich is as oars. It soe moai wêze at der in nussie âlders binne dy't de Jeugdkommisje assisteare wol om dit festijn yn goeie banen te lieden. En it is fansels ek moai foar de bern at der in bult publyk om'e touwen sit. It is feest, dus kom allegear!! Foar it opjaan fan de bern of jim sels as frijwilliger kinne jim terjochte by Karst (0515-568886).
LET OP! OANFANG BERNEKEATSEN IS 9.00 OERE!!
- We hoopje fansels ek dat der by de grutten yn 3 klassen keatst wurde kin. Dit soe betsjutte dat der bergen minsken meidogge! Eltsenien kin meidwaan, lit jim net tsjinhâlde troch negatieve gedachten, helje de want út it fet en jou jim op! Wille meitsje, dêr draait it om! Opjaan kin by Sybren (06-23284160). Oant freed!
PEARKEKEATSEN
De útsmiter fan dit bomfolle keatswykein wie juster de jierlikse pearke-keatserij. Yn it ferlyne wie dit altyd in partij mei in oerweldigjende dielname, der is wol keatst yn trije klassen.De lêste slachnis hast wol ris yn it donker west... Ja, ja, no witte it wol wer mei dy ferhalen fan froeger. Dat wie doe en de werklikheid wie juster dat der mar 9 pearkes op'e list stiene. Dochs wie de wille der net minder om en úteinlik gong de foarsitter der mei de krânse fan troch! Tegarre mei syn maat Annemieke Poelsma. Twadde waarden Pieter de Jong en Wietske Metzlar. Yn de ferliezersronde wie de earste priis foar de sekretaris mei syn faam en Eduard en Sietske Witteveen wie it ienige troude stel dat yn de prizen siet. Eltsenien tige tank foar jim dielname en in spesjale foto fan tank is fansels foar de sponseres fan dizze partij: Joke Witteveen.

Oant in oare kear en sjoch foar mesr foto's wederom yn it foto-album!
BONDSPARTIJEN (NK) PUPILLEN
Tjerk, Ate en Durk hiene freed de krânse pakt by de Federaasjepartij en hienen dus in bulte fertrouwen tankt yn oanrin nei it NK yn Wommels op sneon. Yn de earste omloop die dat aardich blyken, want se wûnen knap fan Raerd, mei 5-4. Spitich genôch wie yn de twadde omloop tsjin Spannum de tank fysiek en mentaal wat leech en moesten se belies jaan op 5-2. Neat oan te dwaan mannen, jim kâns komt grif noch!
Yn it ferslach fan de federaasje partij fan freed waard al memoreert oer it feit dat ús pupille famkes net meidienen, omdat se harren tariede moasten op sneon. Dit hawwe se dien yn de foarm fan in lyts treningskamp mei oernachting oan de Pôllewei yn Turns. Mei mem Thea en coach Wietske binne Brecht, Inez en Amarins moarns ôfsetten nei St. Anne. De froulju hiene fan't jier ien kear earder ôfdieling keatst (red.) en dit foel noch net ta. Mar hawar, soe hiene yn de earste omloop in aardich lot en it gong ek knap. Se wûnen mei 5-4 6-6 fan Tsjom. De twadde omloop wie Jirnsum de tsjinstanner. De froulju keatsten bêst en kamen samar mei 5-2 foar. Jirnsum koe noch in earst pakke, mar by 5-3 6-4 wiene ús fames de winners! Mei 12 partoeren op'e list betsjutte dit dat se al fersekere wien fan in tredde priis! Geweldich fansels! Foarich jier pakten Hieke, Trudie en Anna-Boukje ferrassend de twadde priis en no binne we der wér by! We lûke gewoan in blik talinten iepen... Yn de heale finale wie Dronryp de folgjende opponent. In sterk partoer, mar net ûnferslaanber. Troch wat te folle foutsjes yn it begjin fan de partij rekken de te gau op efterstân en dit koene dan ek net mear rjochtbreidzje. Hindert neat, best keatst en in fantastyse tredde priis!

Lokwinske Inez, Brecht, Amarins en coach Wietske! (sjoch foar noch in pear foto's yn it foto-album)
FEDERAASJE JEUGD
Freed wie it ús beurt om in Federaasjepartij foar de jeugd op tou te setten, en wol in ôfdielingspartij. De welpen en pupillen keatsten yn Reahûs, wylst de skoaljeugd, jeugd en junioaren nei Turns moasten. It waar koe net better en mei help fan de noadiche frijwilligers is it allegear perfekt ferrûn.
Fansels diene der ek partoeren fan ús eigen feriening mei! By de welpen ferlearen Jan Bootsma, Rutger Altenburg en Wiebren Tamminga yn de twadde omloop mei 5-4, wylst se 3-0 foar stien hienen, tige spitich. De mantsjes hawwe hardstikkene leuk keatst mei in bulte sitballen fan Jan en machtiche boppeslaggen en grouwe keatsen fan Rutger en Wiebren. By de pupille jonges diene Jochem Postma, Haitze Wiersma en Roy Frankena mei, sy kamen net troch de poulefase. Anne Bootsma en Haye Hylkema slagge dit wol en pakten in moaie twadde priis! De pupille famkes koene net meidwaan, hja moesten harren sparje foar sneon, letter mear hjir oer...
By de skoaljeugd wiene 3 fan de 4 partoeren Reahûs-Turns! Noch noait fertoant! Wol moai, dan haw we in grutte kâns op in priis... In 4e partoer hjir wie Hommert-Jutryp. Gewoanwei keatse Tjerk, Ate en Durk by de pupillen, mar sjoen harren nivo en it oantal partoeren koene se better by de skoaljeugd meidwaan. En terjochte, want se pakten de krânse! Twadde waard ek Reahûs-Turns, mie Sjors Boschma, Gerben Gerbrandy en Ruerd Andringa. It tredde eigen partoer, besteande út Pieter de Jong en Arjen Schaap pakten gjin priis, mar dat hoe ek te krijen omdat "konstante faktor" Jeffrey v/d Werf fanwege in blessuere net meidwaan koe. Betterskip Jeffrey! By de skoalfamkes hiene wy twa partoeren, Trudie Hoekstra mei Anna-Boukje Altenburg en Hieke Bootsma mei Inez en Iris de Jong. Beide partoeren kamen net as winners út de poule en foelen hjir troch ek net yn'e prizen. It is net altyd feest...
In oersicht fan alle priiwinners:
Welpen:
1. Folsgeare (Lieuwe v/d Kamp en Sander Zijlstra)
2. Hommerts-Jutryp (Bjerno Veenbrink en Johannes de Boer)
3. Goaiingea (Mikkel Guljé en Hessel Bouma)
1. ferl. Goaiingea (Elbrich Kooistra en Rigt v/d Velde)
2. ferl. Goaiingea ( Martsen en Berber v/d Goot)
Pup. famkes:
1. Folsgeare (Astrid v/d Copello, Judith Cuperus en Eline van Dijkhuizen)
2. Goaiingea (Anne S. Leenstra, Afke M. v/d Goot en Moniek Lootsma)
Pup. jonges:
1. Hommerts-Jutryp (Matthys Renema, Folkert Wesselius en Ramon Raap)
2. Reahûs-Turns (Anne Bootsma en Haye Hylkema)
Skoalfamkes:
1. Goaiingea (Kristia Dotinga en Iris Oosterbaan)
2. Hommerts-Jutryp (Laura Dozeman, Annemare Wempe en Myrthe de Boer)
Skoaljonges:
1. Reahûs-Turns (Tjerk Andringa, Ate Schaap en Durk Bootsma)
2. Reahûs-Turns (Sjors Boschma, Gerben Gerbrandy en Ruerd Andringa)
Jonges/famkes:
1. Hommerts-Jutryp (Jelger de Boer, Redmer Huitema en Lammert Stegenga)
2. Easterein (Kees v/d Horst en Rutger Wiersma)
Junioaren (t.i.l.):
1. Johannes Reiker, Willem Koopmans en Rijkel Dotinga
2. Jouke Dotinga en Jan T. Nauta
Sjoch yn it foto-album foar de foto's!!
KEATSBLOKJES (7)
- Der sille hiel wat medaljekasten timmere wurde sa stadich oan, want de jeugd giet mar troch mei prizen winnen. Dit rint finaal út de klauwen! Ôfrûne freed yn Goaiingea wie it wer bingo! Hjir in oersicht (Inez hie de earste priis yn Easterlittens).

- Neist al dizze prizen, hiene we ek in primeur dit wykein: Rutger Altenburg gong foar it earst fuort te keatsen nei in KNKB partij, yn Wergea by de welpen jonges. Dit is fansels ferrekte spannend, mar wat blykt: Rutger hat gjin lêst fan senuwen en pakte iiskâld gewoan de earste priis yn de ferliezersronde. Is't net prachtich! Hy wie terjochte apetrots!

- De aventoeren fan de hearen peloteurs geane jûn fjirder op it plein yn Littens tsjin Bitgum. Pyt P. seit dat it fan ôf healwei sânen droech is, dus it giet gewoan troch. Oant straks allegear!
DEVO PARTIJ
Mei perfect waar, twa moaie listen en in soad wille is juster wer jierlikse DEVO Federaasje Partij ferkeatst yn Reahûs. By de froulju wiene fiif partoer, dy't allegear fjouwer kear keatse mochten. De froulju hiene der sa'n sin oan, dat se harren beklach dienen werom at der ek net noch in finale en in partij om de tredde priis achter oan kaam. "No dames, it ek in kear klear", aldus ús altyd kalme foarsitter. Dat sadwaande gongen de froulju los en as winnarressen kamen de pleatslike favoryten út de bus! Annemieke Poelsma, Wietske Metzlar en Sietske Poelsma-Merkus hiene de measte punten en gongen der mei de krânse fan troch! Lokwinske froulju!

De manlju hienen in moaie sterke list mei tolve partoeren, sa dat der in winners- en ferliezersronde ferkeatst wurde koe. De finale fan de ferliezers gong tusken Danny Roos, Rutger Vallinga en Hendrik Bouwhuis en de pleatselike "talinten" Sytze T.v.S., Simke Altenburg en Sybren Poelsma. By de lêsten rûn it juster de hiele dei al net as it spoar en omdat it partoer Roos degelik keatste pakten sy de earste priis yn de ferliezersronde. De partoeren yn de finale fan de winners wiene ek de partoeren wêr at de losers fan de ferliezersfinale yn de earste omloop fan ferlern hiene (is dizze sin noch te snappen?). It wie in knappe finale mei as fertsjinne winners de mannen út Wjelsryp: Jurjen Hofstee (miskien wol famylje fan ús Woeste Wytse...), Jelle Scharringa en Paulus Yde Walda. In moaie twadde priis wie der foar Bouke Poelsma, Sjoerd Teake Kooistra en Meindert Bonnema.
Foar de foto's: tsjek it foto-album.
KEATSBLOKJES (6)
- Justerjûn moesten de hearen peloteurs fan ús feriening oan'e bak by it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote op it romantyske pleintsje yn Easterlittens. Tsjinstanner in de foarronde wie Lollum/Waaksens. Nei in stroeve start rûnen Titus, Wiebe, Sybren, Wytse en Simke samar nei de acht earsten ta. Binnen trije kertier wie it beslikke, 8-1. Kommende moandei, yn de earste omloop, sil it wol justjes dreger wurde. Dan is de tsjinstanner Bitgum, mei ûnder oaren Tjisse Steenstra en Johan van der Meulen yn de gelederen. Se kinne derom wol wat support brûke, dus kom moandei gerust even te sjen op de tige sfearfolle pelotebaan yn Littens. De boys moatte om 19.30 oere los. Mear ynformaasje oer it FK is te finen op www.kvonderons.nl, www.knkb.nl en www.kaatsen.nl.

- Kommende snein is de DEVO federaasjepartij yn Reahûs. Oant no ta stean der 9 manljuspartoeren en 4 frouljuspartoeren op'e list. Dus der kin sawiesa moai keatst wurde. Wa't net meidocht: it wurd knap waar, dus kom mar efkes del om dizze hopelik prachtige keatserij te oanskouwen! Oanfang 11.00 oere.
KEATSBLOKJES (5)
- Ús jeugdleden geane as de "Klaas-de-Brandweer"!!! We krigen juster al wer prachtiche foto's binnen mei priiswinners by de Federaasje-keatserij. Dit kear wie it de rêden yn Wolsum. Lokwinse mar wer jonges en famkes! Hoppaaa!

F.l.n.r: Anne Bootsma, Roy Frankena, Jochem Postma, Haye Hylkema, Rutger Altenburg, Jan Bootsma en Esther Altenburg.
- Rutger wie juster ek noch jierdei! Dan hat er um sels mar in moai kado jûn. Dûbel lokwinske Rutger!
- Yn ien fan de foarige keatsblokjes haw we jim ferteld dat ús pupille-jonges wol ris fuort gean te ôfdielingskeatsen. Juster gongen se wer op paad, en wol nei Menaam. Tjerk, Ate en Durk wûnen de earste omloop fan Wjelsryp! Best genôch en goed foar it selsfertrouwen. Dat hie de foarige kear yn Ingelum in knauw krigen, dus dan wie dit in moaie opstekker! De twadde omloop wie it sterke Bitgum (mei trije KNKB A-keatsers) de tsjinstanner. Dit gong dan ek even te mâl foar de mannen, mar hawar, in loopke te pakken en oare kear de kop der wer foar!
BOOTSMA PARTIJ
Ôfrûne sneon wie it wer safier: de Bootsma Partij yn Turns! Sûnt ferliene jier wurd der mei de grutte bal keatst, om sadwaande de drempel om mei te dwaan wat leger wurd. Dit slagget hiel aardich, want der diene in hoart mear minsken mei as de foargeande ledepartijen. Om healwei trijen wiene earst de jeugdleden oan bar om harren keunsten mei de grutte bal te fertoanen. Der is trije kear keatst mei in oare maat. Eintsjebeslút wiene dit de priiswinners:
A-klasse / a-maten: 1e Jeffrey v/d Werf 2e Hieke Bootsma 3e Ate Schaap
A-klasse / b-maten: 1e Anne Bootsma 2e Sigrid v/d Werf 3e Wietske de Jager
B-klasse / a-maten: 1e Haitze Wiersma 2e Jan Bootsma 3e Rutger Altenburg
B-klasse / b-maten: 1e Berber Postma 2e Amber Reiker 3e Margreet Dirksen
De senioaren binne om healwei fiiven útein setten en hawwe ek prachtich keatst. Der wiene mar leafst 36 keatser en keatsters, geweldich! Dit wiene de priiswinners:
A-maten: 1e Sjors Altenburg 2e Sytze TvS 3e Frans Poelsma
B-maten: 1e Johannes Gerbrandy 2e Rein Altenburg 3e Wietske Metzlar
C-maten: 1e Pieter-Lieuwe v/d Valk 2e Hiltsje Bloemhof 3e Marijke de Jong
We hawwe fan "in fotograaf" in nussie foto's krigen dy't der tige gesellich útseagen, dus mei de neisit is it ek seker goed kommen! Sa sjogge je mar wer dat plesier meitsje en keatsen ticht by elkoar lizze en sa moat it ek! Famylje Bootsma: Bedankt foar jim stipe, meiwurking en organisaasje fan dizze dei!

Sjoch mar gau yn it foto-album foar mear foto's..
(Keninklike) KEATSBLOKJES (4)
- Sa't jim yn de foarige keatsblokjes lêze koenen, hawwe Brecht, Amarins en Inez it skoalkeatsen wûn. Sy meie no meidwaan oan de Provinciale Kampioenskippen. Dit fynt dit jier net plak yn Ljouwert, mar op it hillige gers fan It Sjukelân yn Frentsjer! Reden hjir foar is de besite fan de kening en keninginne oan Fryslân. Kommende moandei sille de froulju, ûnder it each fan W.A. fan Buorren en Maxima, stride om de Fryske titel foar basisskoallen. Meester Jan en Marieke A. binne coach en assistent-coach. In protte súkses en wille tawinske!
- Moarn (sneon) is de Bootsma Partij yn Turns. Der wurd keatst mei de grutte bal, dus eltsenien dy't nocht hat kin meidwaan! It docht net sear en it is tige gesellich. Oant moarn!

KEATSBLOKJES (3)
- Eltse tongersdei wurd der troch de jeugd fanatyk traint op it fjild yn Reahûs ûnder de kundige lieding fan Wietske en Renske. Yn it foto-album in pear foto's fan de training fan ferlyne wike.
- Ofrûne snein wie der in KNKB partij foar pupillen jonges yn Turns. Fan ús feriening diene Ate, Tjerk en Durk mei. De earste twa mannen yn de B-klasse en Durk mocht yn de A-klasse keatse. Spitich genôch hat dit gjin prizen opsmiten, mar dat kin ek net eltse wike fansels! Kommend wykein geane se mei syn trijen de ôfdielingskeatsen yn Menaam.
- Hjoed (woansdei) wie der skoalkeatsen foar de basisskoallen fan Littenseradiel. De famkes Brecht, Amarins en Inez hawwe hjir de earste priis wûn foar de Bonifaciusskoalle Reahûs! Geweldich froulju! Sy meie no nei de Provinciale Kampioenskippen yn Ljouwert. We hawwe noch niks hjeard fan de resultaten fan de jonges, miskien komt dit noch...

KEATSBLOKJES (2)
- It wie wer best raak it ofrûne wykein by de federaasje keatserij foar de jeugd. Yn Drylts en Mantgum (federaasje Littenseradiel) waarden der wer in moai swikje prizen meinommen nei Reahûs en Turns! Lokwinske allegear!

- De skoalfamkes Trudie, Anna-Boukje en Hieke hiene ofrûne snein in ôfdielingspartij KNKB yn Boalsert. De earste omloop waard noch wûn fan, mar yn de twadde moasten spitich genôch belies jaan tsjin Raerd. Gjin skande en oare kear better!
- By de haadklasse froulju siet Renske net yn'e prizen by de t.i.l. partij yn Winsum. Sy ferlear mei Elly Hofman (Dronryp) en Anke Winkel (Hijum) yn'e earste omloop.
- It kompetysje keatsen op woansdei yn Reahûs tilt net op fan de dielname, om it mar efkes sa te sizzen... Kom op keatsers en keatsters! Wat is der moaier as even in lekker baltsje te slaan, oan it waar leit it net! Nei de tiid in kâlden ien en je hawwe in moai jûntsje. Dus kommende woansdei 19.30 oere, KEATSE BLIKSEM!
- Kommende snein is der in KNKB partij foar pupillen jonges (A- en B-klasse) op it fjild yn Turns. Wa't de takomstige matadoren fan it Fryske keatsen yn "levende lijve" sjen wol is fan ôf 10.00 oere fan herte wolkom! As karmaster stean de folgjende minsken op papier: Bote Altenburg jr., Hiltsje Bloemhof, Nieske Hoekstra, Christel Andringa en Siard Luinenburg.
35e ALTENBURG PARTIJ
Juster waard foar de 35e kear de befaamde Altenburg Partij ferkeatst yn Reahûs. De dielname wie net oerweldigjend, mar it plesier wie der seker net minder om! By de jeugd spile ek mei dat der ek twa partoerkes fuort wienen te KNKB keatsen. Dat is allinnich mar moai en der wienen noch genôch oer! De priiswinners kinne jim fine yn it foto-album. De senioaren moasten it dwaan mei 5 partoer op'e list. Elk partoer twa kear keatse en dan noch in finale tusken de twa partoer mei de measte punten. Úteinlik wiene it Sybren Poelsma, Pieter de Jong en Klaas Brandsma dy't nei in moaie finale (4-5 4-6) de twadde priis pakten. De winners wiene Simke Altenburg (kening), Eduard Witteveen en Johannes Gerbrandy. Sy krigen, neist de krânse en de priis, trije hearlike túten fan Mieke!

Sy wie tegearre mei Bote oanwêzich by dizze partij dy't sy al dizze jierren stipje, mei Jan en Hotske net te ferjitten úteraard! Tige tank hjir foar. Yn it foto-album kinne jim de foto's werom sjen fan dizze wederom prachtige keatsdei!
KEATSBLOKJES (1)
Dit is de earste edysje fan in nije rubryk op dizze site, Keatsblokjes. Hjir yn wurde aardige nijtsjes, prizen fan ús leden by oare partijen en oare wittenswaardigheden yn behannele.
- By de federaasjepartij foar de jeugd yn Boazum ôfrûne freed binne in moai swikje prizen binnen helle troch ús jonge talinten! Hjir it oersicht:

- "Ús" Renske hie juster súkses by de dames haadklasse frije formaasje partij yn Berltsum. Mei har maten Iris van der Veen en Marte Altenburg pakte sy in moaie twadde priis!
- Juster wiene der twa ôfdielingspartoerkes fuort te keatsen. De jonges pupillen Tjerk, Ate en Durk wiene nei Ingelum. Se ferlearen helaas yn de 1e omloop fan Moarre-Ljussens. By de troch-inoar-lotterspartij dy't dêr op folge pakte Ate wol in moaie twadde priis!
- De famkes Amarins en Inez wiene nei Hartwert, wêr se drekt ferlearen fan Makkum. Ek hjir wie der toch noch in priiske by de t.i.l. Inez wûn de tredde priis.
- It wie de bedoeling dat Marieke mei Amarins en Inez nei Hartwert soe. Spitich genôch bruts Marieke ferliene wike har pols... In protte betterskip tawinske Marieke!
- De hearen peloteurs binne fan doel om dit jier wer "acte de présence" te jaan by Iepen Fryske Kampioenskippen op it plein yn Littens. We hâlde jim op'e hichte...
DE 50-PLUSSERS WIENE HJOED BY ÚS TE GAST
Op it fjils yn Reahûs keatstne hjoed de meast erfaren krachten fan it keatsbûn, de fyftich plussers. Se wiene ferdield yn in A- en in B-klasse, sa dat de mannen moai op harren eigen nivo keatse koene. Der wie, sjoen de skrasserij op de byholden listen, al wat bylotterij foar nedich om de boel op gong te hâlden. Mar dit wie foar de kundige wedstriidlieders en skiedsrjochters gjin probleem. Eltsenien tige tank foar jim meiwurking, ek de minsken yn it hokje fansels! Dit wie de útslach (foto's folgje letter):

NET FOAR NIKS NEI MOARRE-LJUSSENS
Durk Bootsma wûn juster de earste priis yn de ferliezersronde by de troch inoar lotters partij foar pupillen jonges fan de KNKB. Tegearre mei Harmen Zuidema. En dat wie net nêst de doar, de reis gong nei Moarre-Ljussens. Doe't se fan hús gongen wie it noch tsjuster! Mar de reis wie dus net foar niks. Lokwinske Durk!

BÛNSPARTIJ SENIOAREN
Kommende Pinkstermoandei is de jierlikse Bûnspartij foar senioaren yn Frentsjer, Foar ús feriening sille Freerk, Simke en Sybren hjir oan miedwaan. Tsjinstanner yn de earste omloop is it partoer fan Skettens. Soe der, lyk as ferline jier, in pryske yn sitte...? Súksescoach Sjors sil der mei syn mannen yn elts gefal alles oan dwaan!

DE BPA-PARTIJ YN PLAYA-DEL-TURNS
It wie geniete juster op it strakke biljertlekken yn Playa-del-Turns! De sinne der FOL-OP by (sa't Piet P. dat seit), in straf wyntsje en allegear enthousiaste keatsers en keatseressen! By de senioaren wiene der twa partoer mear as ferline wike yn Reahûs, dus we hawwe de stijgende lijn te pakken. Der waard keatst yn twa poeltsies fan trije, mei as resultaat dat Freerk TvS, Frans Poelsma en Jan Hoekstra yn de finale keatse moesten tsjin Titus Andringa, Oane Galama en Marieke Schaap. De lêsten gongen as beesten tekear en it wie dan ek yn in sucht en in skeet yn harren foardiel beslikke. De terjochte winners!
By de bern stiene acht partoer yn de A-klasse op de list en fiif yn de B-klasse. Yn de A-klasse gong de finale tusken Arjen Schaap mei Haye Hylkema en Jeffrey v/d Werf mei Esther Altenburg. Arjen en Haye lieten der gjin gêrs oer groeie en frieten de linen hast fan 't fjild! Sy bemachtigen dan ek de felbegeerde krânsen. Yn de ferliezersronde wie de earste priis foar Trudie Hoekstra en Inez de Jong. By de oanstoarmjende talinten yn de B-klasse waard sa mooglik moch fûleindiger keatst as by de A's! De finale wie tige spannend en it siet sà ticht by elkoar dat it hast yn in lykspul eindigje soe... Eintsjebeslút bin se krekt sa lang troch gongen oant der dochs in winner wie en dat wienen Jan Bootsma en Sjoerd "Wassenaar" Galema. De twadde priis mei in gouden rantsje wie foar Rutger en Steffi Altenburg, sy hawwe der in machtig moaie finale fan makke! It wie in prachtiche dei!

Sjoerd en Jan, de izersterke winners fan de B-klasse!
SUKSESSEN FAN US JEUGD
Ofrûne freed hat in diel fan ús jeugdleden te keatsen west yn Ysbrechtum by de Federaasje Partij al dêr. Dit wie net sûnder súkses! Der wiene earste prizen foar Inez de Jong en Gerben Gerbandy, wylst Ate Schaap in moaie twadde priis pakte. Lokwinske!

Gerben Gerbrandy (l) mei syn maten Redmer van Netten en Erik Wijnja.
DE KOP IS DER ÔF...
Juster is ûnder bjusterbaarlik moai sinneskyn waar de traditionele iepeningspartij foar leden ferkeatst, te witten de Rabobank Partij. Troch de fakansje wiene der gjin kloften keatsers, mar by sawol de grutten as de bern koe der moai keatst wurde. De senioaren keatsten yn ien klasse en de winners wiene Sybren, Folkert en Atty. De preemje wie foar Sytze, Titus en good-old Joost (dy't syn tredde priiske pakte yn ien wike!).
Hjir kin hy wol oan wenne...
By de bern wûn Trudie (al wer) de krânse yn de A-klasse, tegearre mei Reitse, wylst de twadde priis foar Pieter en Jelte wie. Ytsen en Durk pakten de earste priis yn de ferliezersronde. Yn de B-klasse wienen Marieke A. en Jiska de bêsten.
Lokwinske allegear en sjoch foar de foto's by Fotos-2016-Rabobank Partij (de folgoarder is net hielendal je-van-het, mar se stean der op!).
DE EARSTE KRÂNSE!
Jaseker! Juster is de earste krânse fan it keatsjier 2016 wûn troch ien fan ús leden en wol troch Trudie Hoekstra! Sy wûn mei har maat Harold de Boer de earste priis by de Federaasje-partij yn Itens. Lokwinske Trudie! Sy hat hjir sels in moai ferslach fan skreaun:


IT GIET HINNE!
Keatsfreonen en -freondinnen! Kommende snein sille de earste ballen wer nei it perk jeit wurde. De kop der by en slaan net op delkommende hagelstiennen! Mocht der al skea ûnstean oan liif en lea, kin we altyd even skilje mei de fersekeringspoat fan ús wedstriidsponsor fan dizze partij, de Rabobank.

We litte ús net ôfskrikke troch de waarfoarspellings en meitsje der in histoaryske keatserij fan!
Senioaren kinnen harren opjaan by Titus Andringa (06-40096631) en de jeugd stjoert in mailtsje nei Karst Tamminga (tammingak@home.nl).
HELAAS! ÔFLAST...
Hoewol alle bern al yn'e startblokken stienen, is de earste kompetysjejûn ôflast troch de jeugdkommisje. Sjoen de snie, hagel en de lege temperatueren is dit in terjochte beslissing.
FRIJWILLIGERS SOCHT!
We sykje noch frijwilligers dy't by de partijen yn Reahûs yn it hokje stean wolle, dit kin in moarn of in middei wêze. Of in kear it hokje skjinmeitsje nei in partij. Wy soenen it geweldich fyne at jim ús helpe wolle! Frijwilligers kinne harren oanmelde by Carolien Popma (hylkemahydrauliek@home.nl).
IN GOED BEGJIN...
Ja, ja, jaaaa! De earste prizen binne al wer wûn! En wol by de jierlikse sealkeatswedstriid fan de federaasje yn Snits. Der wienen tredde prizen foar sawol Tjerk Andringa as Brecht Tamminga! It begjin is der!

Wisten jimme dat:
- Dit it earste stikje op de webside is fan de nije webmaster?
- Der de kommende tiid dus miskien noch wol in flaterke tusken sitte kin fanwege inkele bernesykten?
- Wy as keatsferiening eltsenien tank sizze wolle dy't de sponsormunten by de Poiesz yn ús koker dien hawwe?
- Hjir fast en seker in moai bedrach út komt?
- Dit bekend makke wurde by it Jeugdsponsorgala fan de Poiesz op kommende freed 15 april?
- At der minsken binne dy't nijskjirrigheden, foto's, utslaggen, ensfh. hawwe dit maile kinne nei de webmaster (simke.carola@home.nl)?
- Wy sûnt hjoed ek te finen binne op Facebook mei in offisjele pagina?
- Jimme dizze pagina dus "like" kinne (mutte) om ek hjir alles te folgjen oer us prachtich moaie feriening!
Stypje us feriening en doch mei oan 'e aksje!
De Poiesz-aksje duorret fan 8 febrewaris oant en mei 3 april.

Hoe werkt het?
Bij iedere 10 euro aan boodschappen krijgt de klant een sponsormunt, maar ook wekelijkse aanbiedingen leveren extra munten op. Wij doen mee bij de Poiesz in Scharnegoutum. Bij de ingang hangen kokers waar de munten in moeten. Doe je wel boodschappen bij de Poiesz, maar niet in Scharnegoutum? Bewaar de munten en geef ze aan iemand die ze in Scharnegoutum kan afleveren.
Via de facebooksitesite van Poiesz: www.facebook.com/poieszsupermarkten kun je ook een stem uitbrengen op onze kaatsclub. Hoe meer stemmen, hoe meer kans op 500 extra munten!
Stemmen kan vanaf 8 februari. Vertel dit ook vooral door aan familie, vrienden, kennissen!
Hoe kun je ons helpen?
Iedere vereniging heeft een promotieweek toegewezen gekregen met een “actie zaterdag”. Voor ons is dat de week van 7 maart t/m 12 maart. Zaterdag 12 maart mogen we in en bij de winkel onze kaatsclub promoten van 10.00 uur tot 15.00 uur. Hiervoor zijn wij op zoek naar vrijwilligers! We vragen natuurlijk vooral de jeugd om te helpen, maar ook ouders zijn van harte welkom om een bijdrage te leveren. Wil je meedoen? Stuur dan een mail naar Gerbrich Altenburg, raltenburg@hetnet.nl.
Sponsor onze kaatsclub en zorg voor zoveel mogelijk munten!
|