De folsleine wedstrydaginda fan de KNKB-partijen stiet op de website fan de KNKB, www.knkb.nl. Hjir is alle ynformaasje oer it keatsen te finen. As jo meidwaan wolle oan KNKB-partijen, mut dit ek fia dizze site.
Yn de KEATS! stiet allegear ynformaasje oer it KNKB-keatsen. Derneist steane der faaks ynterviews mei (âld) keatsers en keatsters yn. De KEATS! ferskynt eltse moanne. Jo kinne jo opjaan by:
Bûnsburo KNKB, Postbus 501, 8800 AM Frjentsjer, 0517-745100, info@knkb.nl.
Ôfdielingspartijen
At der keatsers foar ús feriening meidogge oan in ôfdielingspartij, dan moatte sy keatse yn it ferieningssjurts. Sponsor hjir fan is Textielstra.nl fan Harry Diekstra.