Thus
Organisaasje
Wedstrydagenda
Utslaggen
Fotos
Skiednis
Ynformaasje
Stipers
Keatskanon
Archyf 2010
Archyf 2011
Archyf 2012
Archyf 2013
Archyf 2014
Archyf 2015

Archyf 2010

Mei de Harkemapartij is der in ein kommen oan it seisoen 2010. Hâld dizze side yn'e gaten foar mear keatsnijs.

 

 

In bytsje keatsers, mar in protte tuskenspul op’e Harkema Partij  pleatst 21 septimber 2010
Winners.JPG Op snein 12 septimber stie de slotpartij fan KF Reahus-Turns op it programma: De Harkema Partij.
Der stienen mar 17 keatsers op’e list.
 Lês mear.


 

Koart keatsnijs !!!                                                                  pleatst 10 september 2010
#   4-9 Renske TvS wint 3e priis op dames Haadklasse f.f. yn Broeksterwâld. Sjoch op www.knkb.nl

#    Renske TvS wint twadde priis yn it KNKB klassemint by de froulju earste klasse mei 16 punten. Wy hawwe blykber net alle priizen dy't sy wûn hat mei krigen. Yn elts gefal lokwinske mei dit moaie risseltaat want dat liket derop.

#    Judy Bergsma keatst yn 2011 mei de gesusters Sybrandy, Nynke en Wiljo, út Dearsum.
#     Yn it klassemint fan de froulju haadklasse is Judy eindige op it 14e plak en Renske op is 24e plak.



Freerk en Dennis de besten oer 2010.     pleatst 10 septimber 2010
De lêste ledewedstriid fan it jier dy’t meitelt om de Jan Bakkerbokaal, de Allicht-Van der Hoffpartij moast dúdlikheid jaan welke keatsers dizze piis mei nei  hûs nimme mochten. Yn sawol it klassemint foar de jeugd as it klassemint foar de senioaren wiene noch twa kânshawwers.

By de jeugd koene Dennis de Jong en Dirk van Balen de bokaal noch winne omdat sy beide likefolle punten hiene. It wie úteindelik dúdlik dat Dennis de sterkste wie omdat hy de earste priis pakte.

By de senioaren wie it in dûbeltsje op syn kant. Adrie Bootsma en Freerk TvS makken noch kans op de bokaal. Derby kaam dat Adrie der it bêste foarstie mei in ferskil fan twa punten. Toch waard Freerk de winner troch de earste priis te winnen en dermei ien punt boppe Adrie einige. Adrie wûn gjin priis al hie dat weinich skeeld. Yn in list wer’t keatst waard yn snitsertelling kaam sy mar ien earst te koart.
De winners komme takom jier foar op it boekje ‘It giet oan’. Dêr is ek alwer hiel wat oer sein, lykas dat men leaver it hiele jier tsjin de holle fan Adrie oan sjoen hie as tsjin dy fan Freerk. No is dat fansels ek sa mar it is toch wol bysûnder wat Freerk prestearre hat want hy is de earste A-klasse keatser dy’t de Jan Bakkerbokaal wint!!
JBbokaalDennis2010.jpg


Ferreinde Allicht-VanderHoff partij mei moaie ûntknoping.    pleatst 5 septimber 2010 
Ôfrûne snein stie alwer de lêste gewoane ledewedstriid op it program, de Allicht Van der Hoff partij. Freerk TvS, Titus Andringa en Oane Galema wûnen de a-klasse en Rink Bakker, Johannes Gerbrandy en Marijke Jellema wûnen de b-klasse. Lês mear.

Foto0089.jpg

Dennis de Jong en Wierd Hofstra winne de partij by de jeugd. De twadde priis wie foar Jesse en Lydia de Jong. Dennis wist mei de earste priis Dirk van Balen efter him te hâlden en wûn ek de Jan Bakkerbokaal. Priiswinnaars.JPG


Poelsma c.s. en Dijkstra c.s. winne 29ste Joostemapartij    pleatst 2 septimber 2010
 winnaars_tirns.jpg Bouke Poelsma, Sipke Hiemstra en Tjerk van der Meulen ha ôfrûne sneon de 29e Joostempartij yn Turns op harren namme skreaun.  Lês mear.



Kompetysjes en Jan Bakkerbokaal tige spannend       pleatst 24 augustus 2010

De nije stân fan de kompetysjes is wer pleatst op de site en is by de manlju nog tige spannend wa it dit jier winne sil. Der binne noch trije kandidaten. By de froulju stuts lykas ferline jier ek dit jier der wer ien mei kop en skouders boppe-út en dat is Atty Rienstra.
Takom wykein is alwer de lêste ledewedstriid dy't meitelt foar de Jan Bakkerbokaal. Ek deryn binne der noch ferskate kânshawwers. By de senioren binne dat Adrie Bootsma mei 10 punten en Freerk TvS mei 8 punten. By de jeugd binne dat Dennis de Jong en Dirk van Balen, beide mei 8 punten.

 


 

Bysûndere pearkes yn de krânsen by Pearkekeatsen       pleatst 17 augustus 2010
Bouke en syn Sietske, Gerrit Evert en Atty, en Nico en Hieke wûnen ôfrûne snein it pearkekeatsen yn Reahûs. Lês mear.
pearkekeatsen_2010_029.JPG   pearkekeatsen_2010_022.JPG   pearkekeatsen_2010_020.JPG


Reahûs-Turns hellet tredde omloop Freule                 pleatst 12 augustus 2010
Berry de Jong, Epke Bootsma en Rink Bakker keatsten juster foar ús keatsferiening op de freule yn Wommels. Sy hellen dêr de tredde omloop. Nei winst op Eksmoarre en Ysbrechtum wie Seisbierum-Pietersbierum de tredde tsjinstander. Op 4-4 en 6-6 lei der in dikke keats te ferdigenjen en folge de beslissende slach fan de partij. Epke sloeg op en Berry moast de bal kere mar joech de tsjinstanner noch in kâns. Dizze kâns waard grypt wêrtroch ús mannen der wat ôf wiene en Seisbierum trochdrukte nei de winst. In bêste prestaasje fan de jonges mar ek in bytsje jammer omdat der in priis ynsitten hie.


Koart keatsnijs !!!                                                                  pleatst 1 augustus 2010
#   31-7 Renske TvS wint 1e priis op dames Haadklasse útn. yn Harns sjoch op www.knkb.nl
Moai keatsnijs te melden??? Lit it witte op ynfo@kfreahus-turns.nl

Spannende finales by it Merkekeatsen yn Reahûs.                  pleatst 1 augustus
 IMG_1858.JPG

Mei 22 partoeren ferdield oer trije klassen wie der in moaie list by it merkekeatsen yn Reahûs. Yn de A-klasse wie de krânse foar Simke Altenburg, Sytze TvS en Ridsert Altenburg. De B-klasse waard wûn troch Jildert vd Werf, Sietske Poelsma en Rink Bakker en de C-klasse is wûn troch Sietske Witteveen, Anita Lameijer en Marijke Jellema.
Lês mear.



Koart keatsnijs !!!                                                                          pleatst 4 july 2010
#   Joost, Frans en Joop op NK 50+ yn St.Nyk yn tredde omloop der ôf tsjin Easterein, sjoch foar in filmke op www.knkb.nl
#   Peter Jansen en Jurian Rijpma winne mei Sjoerd Kooistra de De Vries partij yn Skearnegoutum.

Joop Bootsma yn prizen op KNKB 50+ yn Reahûs                                  pleatst 28 juni 2010
27062010174.jpg Yn Reahûs fûn ôfrûne snein de KNKB wedstriid manlju 50+ plak. De partij waard wûn troch Jan de Jong, Thijs Houtsma en Simon de Groot. Der wie op dizze prachtige waarme simmerdei in moaie list fan 14 partoer wêrûnder fjouwer pleatselike favoriten, te witten Ate Altenburg, Joost Schaap, Frans Poelsma en Joop Bootsma. Lês mear.



Koart keatsnijs !!!                                                                          pleatst 28 juni 2010
#   Judy Bergsma wint 2e priis op KNKB haadklasse froulju yn Dokkum
#   Renske TvS wint krans yn Tytsjerk en in 2e prijs yn Huizum by KNKB froulju 1e klasse
#   Bouke Poelsma wint krans yn Lekkum by KNKB manlju


Altenburgpartij by de jeugd wûn troch Dennis en Jurjen.             pleatst 22 juni 2010
Op dizze fjirde ledewedstriid fan it jier stienen 7 twatallen op’e list. Om’t der gjin A- en B-klasse wie (hie miskien wol moatten, mar ja, at je alles fan tefoaren witte…) siet der somtiden wat tefolle ferskil yn nivo tusken de partoeren. Dochs is der troch eltsenien fûleindich striden en wie it plesier der net minder om! Úteinlik die bliken dat Dennis de Jong en Jurjen Bouma fierwei de sterksten wienen. Sy wûnen yn’e finale mei 5-1 en 6-2 fan Rink Veenhof en Dirk van Balen. De earste priis yn de ferliezersronde wie noch foar Marieke Schaap en Lydia de Jong.
Jeugd_Altenburg.jpg

Hjirneist noch de winners fan de Bootsmapartij fan ferline wike.
De earste priis wie foar Rian van loosen en Dirk van Balen, de twadde priis wie foar Marieke Schaap en Reitse Spoelstra

JeugdBootsma.jpg



De 29ste Altenburg partij te Reahus wûn troch Altenburg c.s.     pleatst 22 juni 2010
 Snein 20 Juny is de 29ste Altenburg partij wer ferkeatst yn Reahûs. Dizze partij bestiet ûngefear al sa lang as ús ferieniging bestiet en dêrom die eltsenien ek wer tige harren bêst. Lês mear.
altenburgpartij_20_juni_2010_reahus_070.JPG altenburgpartij_20_juni_2010_reahus_074.JPG

 


Koart keatsnijs !!!                                                                      pleatst 22 juni 2010
  • Foar de Jan Bakker bokaal binne sawol by de jeugd as by de senioaren noch mar twa kânshawwers oer !!! Sjoch mar gou nei it klassemint.
  • Marieke Schaap wint 1e priis ferliezersronde by de welpen federatie Drylts foto
  • Frans Poelsma wint twadde priis KNKB 50+ yn Goaiingea



Krânsen foar Freerk, Sybren, Sietske, Joost en Wietske op Bootsmapartij.
14 juni 2010
 IMG_8404.jpg  IMG_8420.jpg  IMG_8434.jpg
Op de tradisjonele Bootsmapartij op it smûke keatsfjild yn Turns hie it keatsbestjoer justermiddei in krâns oer. Yn de A-klasse wie it twatal Freerk Terwisscha van Scheltinga en Sybren Poelsma nammentlik it beste partoer. Der stienen yn de A-klasse fiif partoeren op'e list en yn de B-klasse 8 pertoer. Lês mear.

 


Koart keatsnijs!!                                    pleatst 14 juni 2010

Op federaasje ôfdielingswedstriid yn Folsgeare binne de A-klasse en C-klasse wûn troch KF Reahûs-Turns. De priiswinners binne Sytze Tvs, Sjors Altenburg en Bouke Poelsma en Ate Altenburg, Frans Poelsma en Joop Bootsma. Foto

 

Renske TvS wint krâns yn Arum by KNKB froulju. sjoch op www.kaatsen.nl en www.knkb.nl

Hawwe jo fermeldingswaardich keatsnijs???? lit it witte op ynfo@kfreahus-turns.nl.



Pleatselike favoriten nimme de krânse mei nei hûs!  pleatst 7 juni 2010
De jierlikse DEVO wikselbeker partij fûn ôfrûne snein wer plak yn Reahûs. Op dizze federaasje partij kamen yn totaal in moaie 18 partoer ôf. De omstannichheden wienen goed, mei in lekkere temperatuer en inkel wat dripkes yn de neimiddei. Lês mear.
 keatsen_devopartij_reahus_6juni_10_082.JPG keatsen_devopartij_reahus_6juni_10_085.JPG keatsen_devopartij_reahus_6juni_10_087.JPG

 


Koart keatsnijs!!                                    pleatst 7 juni 2010

Age van de Goot yn de krâns by KNKB 50+
lees bericht op www.kaatsen.nl en op www.knkb.nl


Hawwe jo fermeldingswaardich keatsnijs???? lit it witte op
ynfo@kfreahus-turns.nl.

KNKB froulju Reahûs wûn troch trio Terpstra
053.JPG
It partoer fan Linda Terpstra (Stiens), Jindra ten Kate (Hallum) en Harmke Siegersma (Berltsum) hat ôfrûne snein de frije formaasje wedstriid yn Reahûs wûn. De wedstriid waard sponsere troch Hylkema Hydraulyk te Reahûs en Politiek Fourage ut Lollum.
Yn in spannende partij waard nei in efterstân fan 5-3 mei in folle tillegraaf wûn fan Evelien Westra (Bitgummole), Anna-Lynn Wijbenga (Ferwert) en Miranda Scheffer (Menaam). De tredde priis wie foar Marije Hiemstra (Easterein), Fokje Hoekstra (Harlingen) en Wiljo Sijbrandij (Dearsum).
Pleatst 31 maaie 2010                                                                                   foto's


Op nij in priis foar KF Reahûs-Turns op NK Senioaren !!!
 6e_prijs.jpg

Der is hjoed in bêste prestaasje levere troch ús feriening op it Nederlânsk kampioenskip senioaren, foarhinne 'de bond', yn Frjentsjer. Sjors Altenburg, Bouke Poelsma en Simke Altenburg hawwe dêr de 6e priis wûn en dat mei sûnder mis in prestaasje fan formaat neamd wurde. Lês mear.
 pleatst 24 maaie 2010


Koart keatsnijs!!                                   pleatst 25 maaie 2010

Judy Bergsma yn de krâns op haadklasse lees bericht op www.kaatsen.nl en op www.knkb.nl

Reahûs-Turns stunt op bondspartij  lees bericht op www.kaatsen.nl en op www.knkb.nl

Boazummermjittepartij foar Talsma, Tamminga en Oosterbaan zie foto's.

Ûnder 'utslaggen' no ek de stân fan de kompetysje en de Jan Bakker Bokaal.


Let op: Opgave voor Federatie Gewijzigd !!!!

Lees meer !!!!

 


DEVO Federatiewedstrijd – 14 Mei 2010

Op vrijdag 14 mei was er een federatiepartij voor de jeugd. Het was de bedoeling dat de welpen en pupillen in Roodhuis zouden kaatsen en de schooljeugd met de jongens en meisjes in Tirns. Het totale aantal deelnemers was echter niet zo groot, zodat alle drie de categorieën wel in Tirns kon kaatsen. Lees Meer.


KNKB Skoalfamkes T.I.L. yn Turns – snein 16 maaie 2010

Op snein 16 maaie wienen de skoalfamkes fan’e KNKB te gast op it smûke fjild yn Turns. It wie in troch-inoar-lotsjen wedstriid mei ferliezersronde. Der stienen 18 twatallen op’e list. We hienen twa fjilden lein om sadwaande de gong der goed yn te hâlden, wat ek wol nedich wie omdat der ek bylotte wurde moest. Lees meer   


RABOBANK PARTY JEUGD– 2 MAAIE 2010

RUURD VELDHUIS TIMMERBEDRIJF JEUGDPARTY – 9 MAAIE 2010

Les mear.
Pleatst 14-maaie-2010


Trio’s Rijpma en Poelsma winne Timmerbedriuw Veldhuispartij yn Turns by de senioaren.

 

Ûndanks de minne waarsfoarspelling wie it best aardich keatswaar hjoed al hie de temperatuer wol in pear graden heger kinnen. De dei sette útein mei it ferlizzen fan de perken yn de A-klasse, sy woene net tsjin de wyn yn útslaan en dêr hienen sy wol gelyk oan. Lês mear.

Pleatst 9-maaie-2010

  


 Earste ledewedstriid foar partoer Van der Weij c.s.

CIMG0216.JPG

Ôfrune snein sette it keatsjier 2010 dan echt útein mei de earste ledewedstriid, de Rabobankpartij. Lykas op de haadklasse yn Weidum ek hjir de krânse foar Van der Weij c.s. mar yn dit gefal Sybrand mei stipe fan syn maten Renske en Herman TvS. Lees meer.

 



In bytsje keatsers, mar in protte tuskenspul op’e Harkema Partij  pleatst 21 septimber 2010
Winners.JPG Op snein 12 septimber stie de slotpartij fan KF Reahus-Turns op it programma: De Harkema Partij.
Der stienen mar 17 keatsers op’e list.
 Lês mear.
 
WEBDESIGN DIJKSTRA AUTOMATISERING